De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 17] [p. 17] Tineke Bethlehem: - der is in blom brutsen bloed sûnder kleur dript lâns de stâlle jazz-noaten springe oer it kezyn en laitsjen barst kapot tsjin de muorre oan de oare kant plassen sinneljocht rôlje op weagen fan lawaei tusken de huzen ik nim myn rokken by elkoar en flechtsje foar it libben - juster en moarn bin twa séen bistû juster of bistû moarn en hwerom is de sinne sa read 't is oft hja kapotbarst tsjin dyn lippen - der is in stilte moanne en beammen en tûzen waerme dreamen stekke har hannen djip yn my [pagina 18] [p. 18] - ik rin troch in tunnel is dit hjoed of is dit juster nimmen is der tusken - yn streamen fan sinneljocht brekt stadich myn hert kapot foarsichtich tingelje de diggels tsjin elkoarren oan in heapke sinnesplinters yn in puoske leafde hoeden stean ik to sjen as de leafde fuortrint hwat hoopleas neat bliuwt as ek de sinne fordwynt - in lytse biferzen tûke oan it biblomme rút in stille útsjitter fan leafde forstoar op it hurde glês noch kâlder as de wyn dy't wer oer myn tinzen blaest de eagen wiid en stoarlend gjin triennen lit se mar forstienje oan it rút ta in lytse biferzen blom [pagina 19] [p. 19] - de kadòns fan de drum bûket it wyt fan dyn tosken de fioele wurdt blau yn in frjemd ljocht dyn eagen bin griene stjerren ûneinich fier bist hiel tichte by - de knoppen fan de apelbeam bin rôze spatten tsjin de loft jonge tûken rankje tsjin de muorre amleas wachtsjen op de sinne en ek myn hert amleas wachtsjend - ik rin lâns it wiid fan myn langstme de sé en de mar fan myn hert de fiere fûgel ropt my de moanne glimket om myn berte >blauwe roazen en molkwite beammen stil glidet har rook oer it swarte wetter stjerren glide fan de loft is dit nou of letter [pagina 20] [p. 20] Read dyn rôk is read dyn eagen laitsje troch it read fan de wyn myn sinnen bin read de tiid is read en read is it tek fan it hûs read binne de knûstkes fan de poppe - lit my forjitte dat o Hear ienris fortel my net hwannear it bloeisel falle moat en ek ús leafde oan 't bigjin al kym fan stjerren hat Vorige Volgende