kin 't op 't lêst net witte, wier?
Suver nitelich wjerlei er har noed en soargen: Né, it kalke hie er der net útnommen - dat die er net wer, sûnt er doe twaris op ien dei der apart foar werom bonkelje moatten hie! De hoksdoarren die er ommers dochs altyd op 't slot, en dêrby, hwa soe by sa'n âld minske nou in auto yn 't hok sykje?
Hja sei der mar neat op werom; as er sa bigoun, wist se wol dat it sin net sa bêst stie... Winliken woe se ek hast wol út 'e wei, mar nou siet hy op kop en earen yn 'e krante en makke noch neat gjin risselwaesje. En o frede - Willem wie fansels ek noch mei Johannes oan 't feestfieren. Hawar, dy wist de kaei wol as er alris letter thúskaem.
- Sille wy aenst oars mar? It is al sa let, sei se foarsichtich.
- Noch net, ik wol it nijs oer dy fleanramp strakjes noch efkes hearre. It is my acht ûre ûntkommen.
- Dat duorret hast noch in healûre. En ynienen hie se 't foarelkoar: - Sille wy dan it Efterom efkes dei en by beppe har hûs lâns rinne? Dan kinne wy Willem op 'e weromreis...
- Nou, toe dan mar, glimke er guodlik as hie er hwat goed to meitsjen, - mar wy moatte fansels yn tweintich minuten út en thús wêze...
Der wiene net folle minsken mear op 'en paed en it Efterom like alhiel wol útstoam, mei't sels de iennichste strjitlampe dêrre it ek al oerjown hie.
By 't hûs wie ek neat bisûnders to sjen, al loek de leech oan de loft steande ljochtmoanne suver spoek-eftige lange skaden oer hûs en hear. Hja soene de stap der wer ynsette, mar hy bleau ek sa wer stean: houris - hwa soe dat hikje foar 't hokspaed der sa heal foar setten hawwe? Hysels net, forline snein, mar soe it âld minske der mei omskuord hawwe? Faeks brânje krigen of sa? Hja tochte it net, hwant hja hie foar't mem fuortgie noch in skoftsje by har sitten en dy hie doe nearne hwat fan sein. Mar alhiel ûnmooglik wie 't ek wer net, fansels.
- Ik sil de kaei krije en ris yn 't hok sjen; se moatte de Opel dan net skansearre hawwe... Bliuw dou mar hjir op 'e dyk, ik bin fuort wer by dy. Mei greate halen trêdde er op 't hok ta.
- Nou moat it net mâlder... de doarren sitte mar justjes oan en alhiel net yn 't slot! Syn lûd bearde batsk troch de nacht.
- O blinder, dat doocht net; en sa stie hja ek al njonken him.
- En?...
Beide doarren smiet er wagenwiid iepen en in great, dûnker gat gappe harren to mjitte Gjin Opel, dat seagen se sa wol en