De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 10] [p. 10] Liuwe Dykstra: Tsjuster rondo 't is nacht de strjitte tilt licht op 'e dûnzen spegels fan skerpe triedden rein sulveren neaken kegels de tiid hat om de pegels in vacuum fan tsjuster lein dat streaket om de klústers fan skou útbrekkend libben it wurdt der djipper yn wei de strjitte huvert fan eangstme foar de dei en aloan gysten wrakselet de wrâld dy't finzen leit in lytse dize yn de klearte fan de ûneindichheit dwylsinnich doarmjen sjocht en krampich krûpen en taesten nei it ljocht de lichte dêr't de swarte lava lei is yn 'e moarn wer strjitte op in gewoane dei [pagina 11] [p. 11] Net sa wolkom in wylch is de mûtele treast by de dea mei grize tegels dertusken oan wjerskanten in wylch it dimmen bûgen koarte der wurdt ien ynhelle oer it paed en troch de earepoarte didn't he ramble dat die er ja mar by wie swalker net dy iene klokken spylje spitich en wylgen spylje formoanje Plakbipaling mûlk binne al ús leafdes mar spoaren en symboalen yn snie biskûle berch fortwifele bisykjen tusken poalen mûlk binne wy in skouwe skym in kâlde wyn op lije jounen it leedzje hertsear de drôvens mûlk de pine omdat wy net founen Vorige Volgende