| |
| |
| |
Sjoerd van der Schaaf:
It hus mei de blinen
Midden yn de buorren stie it hûs mei de blinen. Jellema, great keapman yn kofje en thé, hie it oan it bigjin fan de ieu restaurearje litten yn âlde styl. It hûs wie mear breed as heech, mar der siet dochs in fordjipping op, al lei dy leech ûnder de balken. Dêr boppe wiene noch trije spaenske geveltsjes; it like hast to boartlik foar in hwat stiifeftich doarp, mar it hearde dochs wol sa to wêzen, hwant de architekt hie de âlde tekening werom foun en him der sa goed mooglik oan hâlden. Jellema hie der syn grossierderij yn hawn en der sels yn wenne mei wiif en dochter; mar âld wied er net wurden, en syn wiif hie him net lang oerlibbe. Sûnt wenne syn dochter lykme allinne yn it hûs mei de blinen, juffer Amarins, dy't al âldeftich like, doe't hja noch in bern wie. In wûndere âldfaem: der stiene in pear sêfte eagen yn har ronfelige troanje, hja wie freonlik, en as hja ris net groete, dan kaem dat om't har tinzen earne oars wiene. Dat barde noch al in kear, en elkenien wist dat wol. Hja roun in bytsje ûnwis, as soe hja iderkear stroffelje, en seach hwat foardel; mar hja koe ek samar immen oansjen en sizze: hoe is 't mei jou frou, sjongt hja noch yn it koar? of: hwat wurde jou bern al fiks! Soks koe hja sizze, en soks heart men graech op in doarp fan in juffer, dy't ryk is en har der alhielendal net op foarstean lit.
De bern koene har as juffer Amarins-fan-de-blommen. Nêst en efter it hûs mei de blinen wie in mânske tún mei allinne mar blommen, en op moaije dagen koene de minsken juffer Amarins dêr faek yn dwaende sjen, opbinend, knippend en foarsichtich plôkjend. Mar foar it ûnderhâld soarge Heechstins, de túnman; sahwat de helte fan syn tiid wied er dwaende yn de tún fan juffer Amarins. Sels siet hja yn de foriening Floralia, joech de stekjes oan 'e bern en lei út hwat hja dwaen moasten om moaije planten to krijen.
Graech holp hja mei jild foar goede doelen; en hoefolle goede doelen binne der net op in libben doarp! Hja wie in wûndere âldfaem en roun hwat ûnwis en seach de minsken net altyd, mar hja waerd achtenearre en hie in plak yn de mienskip, juffer Amarins, âldsk en freonlik. Folle oanrin hie hja net, mar hja bigearde dat ek net. Sims kaem de susterrounte fan de mennisten by har yn 'e hûs gear yn in greate keamer, dêr't it âld porslein stie efter glêzen doarren, Op dy jounen spile Fardou de baker foar faem. Fardou wie dejinge,
| |
| |
dy't juffer Amarins it bêst koe. As juffer Amarins rimmetyk hie, holp Fardou har troch it oplizzen fan de hân. Sokke dingen koe Fardou de baker, mar hja die it net to folle en net to graech, hwant it kaem der tige op oan. Juffer Amarins lykwols holp hja altyd.
It hûs mei de blinen soe letter oan de gemeente komme. Juffer Amarins hie it de boargemaster ûnthjitten, mar pas as hja der net mear wie. En dat koe noch gâns in skoft duorje. Hwant yn 'e tiid dat hja hwat ûnwis troch de buorren roun en wolris forgeat om to groetsjen, wie hja noch net âld. Withoefolle jierren hie hja noch sa'n juffer Amarins bliuwe kind; juffer Amarins-fan-de-blommen. Mar sims kinne der ynienen frjemde dingen barre. Op in maeijenacht wie der it lûd fan in auto yn de stille buorren, en de oare deis wie juffer Amarins fuort. It wie Heechstins de túnman, dy't it ûntdiek, doe't om alve ûre juffer Amarins him net noege foar in pantsje kofje. It hie him al forwûndere, dat hja net ris by him kaem, lyk as hja altyd plichte to dwaen. Om alve ûre bitroude er it net mear; hy seach troch de ruten; deselde ruten dêr't de maitiidssinne waerm troch yn de keamers skynde, mar der wie gjin skym of skaed fan juffer Amarins. Doe rattele er oan de tichte doarren en skille, dat it koperen lûd fûleinich troch de gongen rôlle, mar der wie gjin juffer Amarins dy't iepen die. Dat achte er sa bûtenwenstich, dat er op 'e fyts sprong en de fjildwachter warskôge.
Undertusken wiene ek de buorlju op 'e lappen kaem, dat doe't de fjildwachter forskynde roun jan en alleman al om 'e hûs hinne. Mar fan bûten wie der neat bisûnders to sjen yn it hûs mei de blinen. De boel binnen seach der kreas oprêdden út. Hwat moast de fjildwachter dwaen? Hy sei, dat juffer Amarins min stellen wêze koe. ‘Hja is mounich, hja hat folslein it rjocht, op elke tiid hinne to gean dêr't hja woe. Hwerom soe hja der mei immen oer prate moatte?’
Dêr foel neat tsjin to sizzen, mar it oertsjûge nimmen. Túnman Heechstins achte it singelier, dat er gjin ynstruksjes krige hie, wylst der dochs noch wol in deimannich wurk foar him yn de tún siet. Klaes Houkes sei, dat hy stéfêst, as juffer Amarins fuort soe, har koffers op in kroade nei it stasion brocht; en de buorlju hiene it der oer, dat hja nea forgeat even ôfskie to nimmen, as hja nei de Féluwe gyng of nei Itaelje, dat miste gjin kear. Ek de arbeidster die har forhael: hja krige altyd de fakânsjes fan juffer Amarins trochbitelle, 't wie hast to mâl, mar de juffer woe it sa, en hja wist ek krekt hwer't hja har oan to hâlden hie; mar dizkear wie der neat bitelle en neat
| |
| |
bipraet. En allegearre seine hja, dat sok fuortgean yn 'e nacht alhiel bûten roai wie, en neat foar juffer Amarins. Hwat de fjildwachter sei, wie fansels wol wier, mar dit barren wie dochs sa tsjin alle regel en alle wenst, dat it koe hast net oars of der moast hwat bjusterbaerliks foarfallen wêze.
Dat like de fjidwachter doe ek wol hast sa ta, en dêrom skreau hy in rapportsje foar de boargemaster. Dy kaem der letter op 'e dei sels op los en frege de buorlju, oft juffer Amarins net wend wie, de blinen ticht to dwaen as hja op reis soe. En allegearre rôpen hja, dat hja altyd de blinen ticht hie. Dat wie wol it sterkste biwiis, dat der hwat net doogde. De boargemaster makke doe mar in eigen rapport foar de ofsier fan justysje. En de aktive krantekorrespondint skreau der in birjocht oer: in riedseleftich gefal, it hiel doarp hopet mar, dat juffer Amarins soun en wol wer opsetten komt, mar de twivel is greater as de hope.
Dat birjocht die mear as it rapport: deselde jouns, dat de minsken it liezen, skille de ofsier fan justysje, der moast daliks hússiking dien wurde. De smid krige de efterdoar iepen en de boargemaster en twa fan syn fjildwachters sochten alles ôf, mar founen neat dat op hwat forkeards tsjutte. Hwat koe der fierders barre? It wie wier: juffer Amarins wie eigen baes en koe ôfreizgje hwannear't hja woe en hinnegean dêr't hja woe. De doarpslju lykwols hiene har eigen gedachten. Somliken hiene it lûd fan de auto yn de maeijenacht wol heard; hja woene ha, dat juffer Amarins tsjin har sin en mei gewelt meinaem wie. Spoaren wiene der net, fansels net, hwant in gewante keardel koe juffer Amarins wol meitsje en brekke. It wie in mâl gefal, in ûnbigryplik ding, en hwer wie it jild, hwer wie it jild?
Lykwols, mei it jild wie der neat to rêdden. Hwat op 'e bank stie wie der noch, en de direkteur sei, dat hja einliken nea net folle yn 'e hûs hie. En yn it hûs mei de blinen like al it tafelsulver en al it djûre porslein der noch to wêzen. Nuver, nuver. Mar de ûnwissens duorre net sa lang. Der leine op in moarn in brievekaert en in postwiksel yn de bus by de arbeidster; op de brievekaert skreau juffer Amarins, dat hja wol net werom komme soe, en de postwiksel makke it minske fiif en tweintich goune riker. It foel har nammers noch ôf, hwant juffer Amarins hie foar har altyd tige royael west. In bytsje ûntdien teach hja mei de kaert nei de fjildwachter, dy't bare forheard wie; ‘út Bussum skriuwt hja’, sei er; ‘út Bussum, hie 'k tocht!’ Hy sette daliks nei it gemeentehûs om de boargemaster it nijs to fortellen, mar op 'e siktarije koene se him
| |
| |
noch hiel hwat oars meidiele: der wiene stikken oanfrege foar it houlik fan juffer Amarins. Dat wie in frjemd forhael, en der waerd mar amper om lake. Juffer Amarins like foar alles earder geskikt as foar it houlik. Hja kiene mei har to dwaen.
Noch wer in wike letter stie de ôfkundiging al op it boerd fan it gemeentehûs. Elkenien koe it lêze: de breugeman wie in Foppe Jellema, njoggen en tweintich jier, en juffer Amarins wie al acht en tritich! En by notaris Jonker kaem in pakje mei de kaeijen en it great brief: oft notaris sa goed wêze woe om al it guod, dat hja neamde, forstjûre to litten nei Bussum en it oare to forboelguodzjen. It hûs sels krige de gemeente, skreau hja, mar dêr hearde notaris wol mear fan. Notaris skodholle; hy hie wol graech ris mei juffer Amarins prate wold. Hy koe dy Foppe Jellema wol sa'n bytsje, hwat in bluisterige fint, dy't him kommissionair neamde en dy't hy der tige fan fortocht, minder om juffer Amarins to jaen as om har jild; it jild en it tafelsulver, it âld porslein, en hwat der noch mear oan kostbers wie yn it hûs mei de blinen. Juffer Amarins soe wiis dwaen, tocht him, om skieding fan goed to bitingjen, oars wie hja folslein oan sa'n Foppe Jellema oerlevere. Mar juffer Amarins kaem net. De krantekorrespondint skreau in koartswilich stikje: sa nuver hiene de minsken it optocht en sa wûnderaerdich wie it biteard; in idylle ynpleats fan in misdied, en hopelik libben de jonge lju lang en lokkich. Notaris Jonker lykwols wist net oft de minsken it wol sa nuver optocht hiene en oft it wol sa'n idylle wie. Hy sei tsjin de boargemaster dat as juffer Amarins it hûs mei de blinen net daliks oerdroech, de gemeente mei Foppe Jellema to meitsjen krige; en dat wiisde, tocht him, net sa gunstich. Mar de boargemaster loek oan 'e skouders; hy moast ôfwachtsje. Foar notaris siet der neat oars op as to dwaen hwat der fan him frege waerd; en juffer Amarins, dy't yn maeije noch har blommen forsoarge en hwat ûnwis troch de buorren roun, wie dêrjinsen al troud foar de langste dei. Sa hurd kin it gean.
Mei it hûs mei de blinen gyng it net sa hurd. In pear moanne stie it leech; de greate ruten sûnder gerdinen seagen as greate forwitende eagen de buorren yn. En yn de tún forwylderen de blommen, hwant it wie in groeisume simmer en Heechstins kaem der net mear. Mar yn augustus wie der in brief fan juffer Amarins, dy't nou mefrou Jellema hjitte, oan de boargemaster; dêr stie yn, dat de gemeente it hûs keapje koe foar seistûzen goune op kondysje, dat it ornearre waerd foar âlde minsken en dat Fardou de baker ien fan de eersten fan dy âlde minsken wie. It foel de boargemaster hwat ôf om't hy der op rekkene
| |
| |
hie it hûs forgees to krijen, mar doe't hy der mei notaris Jonker oer skille, sei dy, dat hy it in masterstik achte fan mefrou Amarins om dit der by dy Foppe troch to krijen. ‘It is fyftich-tûzen wurdich’, skatte notaris. ‘Mar tink der om, dat der in machtiging fan Foppe komt, hwant mei sa'n briefke dogge jo neat.’
Sa gyng der dochs in freonlik brief nei mefrou Jellema: tige bitanke, en as der nou in machtiging kaem fan mynhear, koe de oerdracht mei gauwens wêze. It duorre wer hast in moanne, mar doe skreau mefrou Amarins, dat alles yn oarder wie; boargemaster moast mar in datum fêststelle, dan kaem hja sels oer mei it dokumint en koe de saek ôfdien wurde. En sjoch, sa barde it dat mefrou Amarins op in sierlike dei oan 'e ein fan septimber op it stasion oankaem; de himel stie blau boppe it doarp en hja roun wol ûnwis, mar seach net sa tige foardel, hwant der wiene safolle minsken, dy't hja groetsje moast. En op it notariskantoar, dêr't it barren him ôfspylje soe, stiene blommen en kaem notaris syn frou der even by om thé yn to jitten. It wie wol fleurich; oant de boargemaster de brief fan Foppe Jellema lies en ynienen mefrou Amarins forheard oanseach. Mefrou Amarins hie it daliks yn 'e rekken: ja, dy seistûzen goune, it wie har ek yn 'e wei; der hiene lykwols sokke hege kosten west mei alles, dat boargemaster moast it har mar forjaen. Der kaem hwat read op har wangen, mar dat loek wei doe't de boargemaster sei: ‘Seistûzen, jawis, mar hjirre, yn dit stik, stiet: tolvetûzen!’ It kaem der hwat lomp út, en mefrou Amarins foun gjin wurden; mar har freonlike eagen stiene samar fol triennen. It wie notaris Jonker, dy't de situaesje rêdde; mefrou hie it fansels net goed bigrepen, ornearre hy, it hie ek in drokke tiid west en de gemeente hie bêst tolvetûzen goune foar it hûs mei de blinen oer. Undertusken seach er de boargemaster sa biswarrend oan, dat dy allinne noch mar hwat jeuzele oer b. en w. en de rie. Fansels, sei notaris, yn it stik moast noch even komme, dat de rie syn akkoard oan 'e transaksje jaen moast, mar dat wie altyd sa, in formaliteit. En notaris soarge ek, dat it jild, dat der mear wéze moast, der kaem; hwant hjir hie de boargemaster
fansels net op rekkene.
Doe't mefrou Amarins in kertier letter op strjitte roun, seach hja nimmen mear. Mei de holle foardel en stroffeljend hast sette hja nei Fardou de baker; in forslein en ûntdien frommiske, dat yn maeije noch yn har blommetún stien hie en nou de sinne net mear seach en de buorren, dy't hja sa goed koe. Fardou de baker kaem krekt thús; ‘jufferke, jufferke Amarins!’
| |
| |
rôp hja, ‘hwer komme jo wei?’ Al fierhinne nei de sawntich roun hja, en hja hie in drokke dei hawn, mar hja forgeat har wurgens. ‘Né, fortel mar neat, it is fansels dy rimmetyk wer. Of... is it hwat oars?’ ‘De holle’, sei mefrou Amarins. Mear koe hja der net út bringe. Yn it neazige keammerke lei Fardou har reade wurkhân op mefrou Amarins har foarholle.
Underwilens waerd op notaris syn kantoar neipeteare. De boargemaster achte it in sterk stik. ‘In streek fan Foppe’, sei notaris. ‘It forwûndere my al, dat it sa maklik gyng. Nei alle tinken hat er de boel mislearje litte wold. Mar ek foar tolvetûzen komt de gemeente spotgoedkeap oan it hûs mei de blinen.’ Letter bidarren hja noch yn it kafé; soksoarte dingen barre nou ienkear net alle dagen op in doarp. ‘Hwat ik my ôffreegje is, hoe't Foppe Jellema dat sloofke meikrige hat’, sei de boargemaster. Notaris Jonker tocht, dat hy dat sa stadichoan wol bigrepen hie. ‘Hja is stellen. Né, net mei gewelt. Dat hie net slagge. Mar ik tink dat Foppe Jellema sahwat sein hat dat hy him fan kant meitsje soe as hja net meigyng. Dat is moréle chantaezje, en dêr is it guodlik minske foar biswykt. Sa moat it west hawwe. Spitich foar har. Spitich foar it doarp. Foppe Jellema is in útsliepte bandyt. As hy hwat by har wei stellen hie, hied er foar it rjocht kaem. Nou't er de breid stelt mei alles hwat hja hat, komt der him neat oer.’
En noch wie de dei net om. It hie Fardou de baker in lyts heal ûre koste om mefrou Amarins wer hwat op gleed to helpen; nou stie de âld frou it swit op 'e foarholle, en it hert kloppe har yn 'e kiel. Mar mefrou Amarins sloech it gjin acht. ‘In slûf moat ik ha, en in stikje briefpapier’, sei hja. En doe skreau hja in brief oan 'e boargemaster: it wie har fan 'e middei allegearre in bytsje oer it mad kaem, mar hy koe wol bigripe, dat it in forsin west hie. Hja hie to folle jild krige en hja woe dat net hâlde. Dêrom sleat hja seistûzen goune hjir by yn. It foel har net iens ta om it yn to sluten, hwant seistûzen goune is hiel hwat jild, mar it slagge har dochs. Fardou de baker seach der neat fan. Hja lei efteroer yn 'e greate stoel, folslein oan 'e ein fan har krêften. Hja murk net iens, dat mefrou Amarins nei har buorman roun, dy't in hierauto hie. Pas doe't de âld wein foar de doar stie to ratteljen, die hja de eagen iepen. Mefrou Amarins joech har de hân. ‘Tige tank. Myn hûs wurdt ynrjochte foar âlde minsken. Jo binne de earste, dy't der yn komt.’ Hast fleurich wie mefrou Amarins nou. Fardou hie amper gelegenheit, hwat werom to sizzen. Har gast wie samar fuort. Hja moast noch nei de trein. Mar earst krige de boargemaster de grouwe slûf yn de brievebus.
| |
| |
Dêr foun dy wichtige man him, doe't er thúskaem út it kafé. It waerd him nou hast to mânsk. Hy stie to stammerjen, doe't er foar de telefoan notaris Jonker syn forhael die. Mar notaris stammere net. Hy sei, dat hy de pet ôfnaem foar mefrou Amarins, mar dat er net graech yn har skuon stean woe. Boargemaster moast it jild to'n earsten mar yn de brânkast dwaen en bileaven net forjitte, yn b. en w. alles to fortellen. Hwant as hy syn sin sei, dan kaem hjir dalje op.
Mar der barde yn 't earstoan neat. Der barde neat yn de lêste septimberdagen, doe't de simmersinne as in reade fakkel útdôve; en der barde neat yn oktober, doe't de rein en de wyn kamen en forrinnewearen hwat der yn de tún by it hûs mei de blinen oan blommen oerbleaun wie. Ek barde der neat yn de earste novimberwike, doe't mei helder waer de fjilden al wyt wiene fan de rym en de blêdden fan de beammen foelen as skiere flinters. Der barde pas hwat sa op 'e helte fan 'e moanne op in rûzige joun. Fardou wie thúskaem fan it bakerjen fan in twilling en siet wer yn de greate stoel, skjin oan ein. En sa heal yn 'e sûs seach hja, dat de doar iepengyng en mefrou Amarins der yn kaem. In mantelpak hie hja oan, oer de rjochterearm hong noch in reinjas; en mei de lofterhân striek hja oer har foarholle. Under dy foarholle stiene bange eagen en in forlutsen mûle. Doe fleach it Fardou oan. ‘Och hea, jufferke Amarins, nou kin ik jo net helpe, nou net. Ik bin gjin minske mear.’ Hja gûlde hast. En sjoch, mefrou Amarins draeide har om en gyng der út, swijend, lyk as hja kaem wie.
Sa hie Fardou de baker it fansels net bidoeld. Hastich sette hja nei de doar en die dy iepen. Mar der wie op strjitte gjin libbene siel to sjen. It iennichste lûd wie dat fan 'e wyn yn de beammen fierderop en it risseljen fan hwat blêdden oer de groun. Nei rjochts en nei lofts forweegde him neat yn it ljocht fan de lantearnen. ‘Jufferke Amarins!’ rôp Fardou. ‘Jufferke Amarins!’ Mar har stimme forwaeide yn de lege buorren. En ynienen foun Fardou it allegearre mar tige nuver. Hoe kaem mefrou Amarins hjir samar by joun en ûntiid? Hoe koe hja samar fuort wêze? Hja sloech de doar ticht en sei: ‘Dat moat ik dreamd hawwe; dat moat ik dreamd hawwe.’ Mar werom yn har stoel wie hja dochs net sa wis fan har saek. Hja die de hannen gear. ‘O God, lit my it dreamd hawwe.’ Hie hja it dreamd? Dat mantelpakje hie hja net earder sjoen. Letter op 'e joun, doe't hja hwat bikaem wie, roun hja by de buorman mei de hierauto yn en sei, dat hja har forbylde hie, mefrou Amarins to sjen. Hoe en hwat sei hja der net by. De buorman lykwols leaude der neat fan. ‘Dat mist jo. Mefrou Jellema
| |
| |
komt hjir net wer.’
De man hie gelyk; mear as hy sels wist. Hwant in pear dagen letter stie yn de kranten it forhael fan in frou út Bussum, dy't mei har man in boatreis makke nei de Middellânske Sé en foar de Spaenske kust samar fordwoun wie. Der waerd oannommen dat hja oer board slein wie, hwant it wie min waer en hja hie tige lêst fan sésykte. De namme stie der ek by. It wie in mefrou Jellema, noch mar in moannemannich troud. Op it doarp wiene de kommentaren net myld. Nimmen twivele of Foppe Jellema wist hjir wol mear fan. ‘In masterstik fan skurkerij’, sei notaris Jonker tsjin de boargemaster. ‘Dy seistûzen goune sil er wol net mear om komme. Hy hat syn wraek en op de bút meitsje dy inkele tûzenen net folle út. Yn in heal jier is er in ryk man wurden, en hy sil der wol op past hawwe, dat nimmen him hwat biwize kin. As hy sa'n juffer Amarins ta it houlik prest hat, hoe soed er har net ta de dea presse kinne?’
De kommentaren wiene forheftich, mar se duorren net lang. Hwant elkenien hie juffer Amarins kend, mar mefrou Jellema wie net mear ien fan it doarp. Hja hie de bannen forbrutsen, en ienlik en forsille wie hja ûndergien. Yn it hûs mei de blinen wiene de timmerlju dwaende. Allinne Fardou de baker forgeat it net sa gau. Hja hie útrekkene, dat mefrou Amarins fordwoun wêze moast sa likernôch op 'e tiid, dat hja har yn 'e keamer seach. Dy dingen komme mear foar, hja wist it. It koe de echte mefrou Amarins net west hawwe; en dochs forjoech hja harsels net dat hja har sa batsk ôfstegere hie. Hja woe sa graech witte hwat der bard wie as hja har wer lyk as doe yn septimber de streksume hân op 'e foarholle lein hie.
|
|