De Tsjerne. Jaargang 14(1959)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 1] [p. 1] [Nummer 1] Hedzer Andela: Twisprek (God en minske) Hoedzje dy foar it sjen, myn freon, en gean by nacht en ûntiid troch de stêd dyn wegen haetsje de dei hwant ienris komt hja hean fanwegen en dy roerlings oan 'e klean foarby dyn ingel fan altiten en forlegen silstou oanbidde hwa't dy kant en greatsk Friezinne forblinet om de noard gjin séen skiede kinne dyn hertstocht fan dysels: haetsje, forlern oan reade skiere sinneûndergongen oan skipbrek stoarm it ûnderséske sjongen dat poent en lôket, freon, haetsje to sjen! ‘Ik bin net bang, hja komt en hja is moai.. útbeitele út it stient fan sé en sinne in ebbe en floed oerdiedich ljocht - o, kinne ea foarmen wurdenriker jachthoarn driuwe út brûns en yn 'e winterloft biskriuwe de klanken dy't by twiljocht spoaren sykje wylst hja har yn har hoalen feilich miene - hjasels kin sokken wyldsang net bilykje - wol my dyn pylken en dyn bôge liene!’ 't Is hjerst, myn freon, de blêdden falle ôf de hynsders snuve, en de noasters iepen de earste sniejacht wankt - nou wankt de frou om wurch en wyld en hjerstich by to sliepen - hoedzje dy om to sjen, myn freon, en gean.. Vorige Volgende