Op it harspit:
Feste nijjiersrinder krige ynsinking
Yn myn kast stiet in nijsgjirrich rychje fan goed tweintich boeken. De measten hawwe op 'e rêch in gelikense titel mei in oprinnend jiertal der by, dat by 1932 bigjint. Dy titel sels is Frysk Studinte Almenak. Der binne moai foarse knapen by mei rêgen as barten, der rinne ek sjofele skraitsen ûnder sûnder folle kleur. Mar ek dy lêsten binne libbene tsjûgen fan Frysk studintelibben. Mei in respektabele ûnderbrekking fan de trije lêste oarlochsjierren, doe't elk fatsoenlik studint ûnder it hea of by de distribúsje siet, foarmet dizze rige Almenakken de fyfte kolonne fan in fearnsieu Fryske striid, is hy de sletten falanx fan in Fryske spes patriae, makket hy it slútstik út by it verbale fjurwurk op it jierliks Krystkongres.
Fan 't jier foar it earst hat dit keatling in los en wrak keat. De Federaesje fan Fryske Studinteforienings hat om ynterne swierrichheden dy't net bikend binne, de frijmoedichheit hawn en jow foar 1959 gjin Almenak út. In nuodlik symptoom, it weibliuwen fan dizze fêste nijjiersrinder? In symptoom fan echte studintementaliteit faeks, dy't al gau seit dat tradysjes der binne om forbrutsen to wurden? Of in symptoom fan to min loyalens, mar foaral fan to min royalens by de Fryske studint sels? Wy freegje mar!
Om it skurd to laepjen hie de sûnder mis warbere redaksje fan Fryslân Oerein, it orgaen fan de F.F.S.F., in moedich bislút nommen. Hja sei ta, om Krysttiid hinne mei in Almenaknûmer to kommen. Hja tidige op in sa breed mooglike meiwurking fan de Federaesjeleden en woe ek artistike bydragen opnimme (litterair proaza, poëzij, grafysk wurk), uteringen dy't nuver genôch yn it Federaesje-orgaen langer kontrabande liken to wêzen.
O wylde wjirmen, hwat in ôfdijer is it wurden! It desimbernûmer fan F.O. telt ien koart forhael en ien (mislearre) bisykjen ta ironyske biriming. In skrale eker, as men bitinkt dat dizze Federaesje in pear hûndert leden hat. De (haed)redaksje fan F.O. klaget dan ek stien en bien. Wy hawwe reden en skik njonken har oan dizze kleimuorre.
Is dit in tydlike ynsinking? Wurdt der ûnder ús studinten gjin poëzij mear skreaun, net ienris kolderike? Skreppe de hearen linea recta op de lokjende baen oan yn de wachtsjende ‘kâlde’? Of is it sa, dat de tsjintwurdige Fryske studint syn publisistysk forlet allinne útwierret yn stikjes oer yndustrialisaesje, dokumintaesje en romtlike oardering?
It is fansels, hwer't net is forliest de keizer syn rjocht. Mar wy wachtsje nei dizze fortribele kream mei spanning op de berte fan it Almenak 1960. En net minder op it yngripen fan it Réunisteboun, dat de Federaesje koartby foar har âldleden oprochte hat.
D.A. TAMMINGA