letter to Wierum stien en mear skippen hawwe de ramp oerlibbe as Brouwer hjir wêze wol. Spitiger is lykwols, dat er fan de rampsillige ûndergong fan de fiskersfloat oan 'e ein fan dit diel net hwat mear makke hat. Mar it slimste is wol, dat it troch it hiele boek hinne bliuwt by rûge halen, dy't der hjir en dêr wol ris by troch binne: in skerp tekenjen fan minsken nei it ynderlik is der suver net by.
Oan de iene kant meije wy bliid wêze, dat Brouwer, himsels en de eigen formogens kennende, net altofolle nei de djipte ôfstutsen is; mar it resultaet is likegoed, dat dit wurk in tafrielespul bliuwt. Dat de tafrielen hwat altofolle bisteane út rûch geswets en rou gebear, sit him fansels mei yn de figueren, mar it wol de skriuwer ek hiel wol oan, dat by docht der as it heal kin noch in skepke by op. Hy bisiket boppedat de lêzer to suggerearjen, dat it needlot fan it doarp in gefolch wêze soe fan syklike bihâldsucht, sosiale misstannen, mar binammen fan drankslijens, byleauwe en rabberij. It godstsjinstich fielen, oars faken krekt by primitive minsken sa sterk en suver, wurdt by him ta in goedkeap ferniske, inkeld brûkber ta effekt. Omreden fan it effekt forfalt skriuwer út en troch ta minder smaeklike grapkes lyk as it neifolgjende. Durk en Piter ride by nacht mei in weinfol fisk fan Wierum nei Feanwâlden, om de saek dêr op it spoar bifrachtsje to litten. Durk, dy't âlderling is, is fansels net frij fan leauwe oan spoekerij.
In hiel skoft ride hja sûnder sprekken (d.w.s. praten, S.) troch de tsjustere Wâlden en dan ynienen bliuwt Kobus (d.i. it hynder, S.) pal stean. Durk tûmelt binei fan 'e wein ôf, sa kjel wurdt er.
‘O Heare’ seit er, ‘dêr is 't al sa.’
‘Hwat guod?’ freget Piter.
‘Kobus wurdt tsjinhâlden’, seit Durk triljend.
‘Kobus moat mige’, seit Piter, en yndied is it sa.
As it hynder mei in kreun fan forromming it lêste der útjaget, loket Durk in bytsje sûr.
Ensafuorthinne
Yndie, Brouwer is in master yn effekt, mar it goedkeape wit er net altyd to mijen. Datselde wurdt ek slim dúdlik yn de biskriuwing fan it bisyk, dat dûmny en deselde âlderling ôflizze by de froulike haedpersoan fan de roman, dy't fan ûntrou fortocht wurdt. Dat dêr in slim swart-wyt-tekenjen fan de persoanen mei anneks is, seit himsels.
Ien mei oar dus gâns mankeminten, dy't yngeande litteraire krityk net forneare kinne.
Likegoed is dit boek binammen troch syn aksje in lêsber boek, dat ûnder it wurk fan Brouwer ek lang net it minste figuer slacht; it sil der by in great publyk yngean as slaed en dat is ek hwat wurdich. Hwant hokker Fryske útjower hat op 'e tiid gjin forlet fan in best-seller?
Tael en stavering binne oer it generael mar bêst yn oarder. De bledsiden ta forantwurding hie de skriuwer better net pleatse kind, likemin as de motto-tekst dy't troch bikoartsjen bidoarn is en dêrmei ûnbigryplik wurden. De firma Laverman hat de útjefte kreas forsoarge, bân en stofomslach fan Walta junior sjogge der bêst út.
Koartsein: de ramp hie greater wêze kind, mar in forrassing of sels in ûnthjit kin men dizze skepping ek al min neame. Mar dat falt yn Fryslân ornaris doch hwat ôf...
M.S.