Op it harspit:
Needsaeklik signalemint
Op himsels in goed ding wie it, dat Teake Hoekema yn Lyts Frisia fan oktober '58 troch de wei fan in werwurd op myn Harspitstikje (july-aug. '58) syn oantigings oan it adres fan De Tsjerne in skyn fan rjochtfeardiging jown hat. In mislik ding is it lykwols dat er dat op sa'n minderweardige wize docht. Och, it sil wol in âld resept wêze foar sokken. Dit resept: swij, om oan polemisearjen to ûntkommen, de yn reedlikheit bybrochte arguminten fan jins tsjinpartider dea, mar trappearje him as it heal kin op in bykomstige ûnkrektheit, en blaes dy ûnkrektheit dan op ta in symptoom mei de omfang fan in karakterfout.
Hwat is dy fout by my? Ik haw to'n ûnrjochte yn de miening forkeard dat de wegering fan Marten Brouwer okkerjiers om yn de Tsjerne-redaksje, forbân hâldde mei de plannen ta oprjochting fan in litterair jongereintydskrift. Gelokkich hat de hear Hoekema nou útpinfiske dat it om persoanlike drokten wie, dat wegerjen. Ik moat bikenne dat ik sa goed net thús bin yn de litterair-histoaryske dossiers, dêr't de hear Hoekema as bychtfaer sûnder bychtgeheim de kaei fan blykt to hawwen. En dat it op projeksje fan eigen grommige winskdreamen wiist, as ik sokke oan de protters skreauwende causale forbânnen liz. Peccavi dus!
Mar hwerom swijt H. oer it feit fan dat forsyk sels? Der is mar ien forklearring: omdat syn biskuldiging fan clan-foarming yn de Tsjerne-redaksje dan ûnder fuotten reitsje soe. Nou lêbbet en grânzget H. noch hwat troch oer it tydskrift De Strikel dat neffens him ‘mei in personele uny (Dam-Meerburg-Schurer) oan 'e Tsjerne keppele’ sit. Neigeanderige en spoeksjogge natueren as H. kinne har dus net forbliidzje oer de frissens fan in magazine as De Strikel, dat as fuortsetting fan it eardere koarkdroege Heitelân in dúdlike forjongingskuer ûndergien hat? Lit de hear H. foar it neitiid weróprjochte Heitelân, dêr't er mei yn sit, in gelikense prestaesje leverje en hy sil by my de yndruk weinimme, dat er wer ris op it forkearde hynder wedde hat.
Hwerom, freget men jin ôf, giet H. ek yn syn duplyk net yn op myn ûtgongspunt: der komme langer tofolle Fryske tydskriften om de redaksjes dêrfan mei gaedlike skriuwers to bisetten? Dy stelling giet it ommers om: in fraech dy't alderminst in akademysken-ien is, mar foar de situaesje dêr't Fryslân yn forkeart suver in libbenskwestje. Mar dizze dingen ynteressearje de hear H. blykber net. Hwat de hear H. wol, is forwidering bringe: tusken Tsjerne en quatrebras oan de iene en tusken Tsjerne en Strikel oan de oare kant. De metoaden dy't er dêrby brûkt binne mei it wurd smeulske praetsjes it bêste werjown.
Oan de een fan syn wetterwynske redenaesje sprekt de hear Hoekema noch de winsk út, dat ik my tonei fan polemyk ûnthâlde sil. Myn teannen binne dêr to lang foar, wol er hawwe. Lit my forklearje dat dy teannen gefoelich bliuwe sille salang't stokelderij, deaswijen fan reedlike arguminten of oantigings fan ûnderdúmsk gekûp de boppetoan fiere by opponinten lyk as hy. Salang't sokke striidmetoaden (dat twivelich erfskip út totalitaire tiden) ûnder ús foar echte munt geane, hearre hja signalearre to wurden. En