Yn 'e fierrekiker:
Nobelpriis: in boadskip
De takenning fan de Nobelpriis foar litteratuer oan Boris Pasternak en de Russyske konsternaesje dy't dêr op folge is, jowt oanlieding ta in mannich fragen.
Dy, oft de kommisje mei rjocht it wurk fan Pasternak bikroand hat - litterair mei rjocht dus - kin inkeld mei ja biandere wurde. De fraech nei de politike kanten fan de takenning is dêrmei gjin fraech mear. Wol kin frege wurde oft de kommisje net mei it each op de gefaren foar Pasternak persoanlik fan syn bikroaning ôfsjen moatten hie. Hjir en dêr wurdt sein dat it net moatten hie, nei't my taliket to'n ûnrjochte: oare as litteraire mjitstêven meije net oanlein wurde. Hwer is oars de ein?
In oare fraech is oft de Russen mei rjocht de bislissing fan de kommisje mistrouwe. It andert is perfoarst né, om't hja mar al to happich binne op de Nobelpriis foar de natuerkundigen. En is net okkerjiers de Nobelpriis foar litteratuer by Halldór Laxness bilânne, in kommunist, dy't op gjin fuotten en fiemen nei it talint hat fan Pasternak? As der reden wie ta litterair forset, dan hie der doe alle gelegenheit west. De Russen hawwe swijd, mar fan forset fan de netkommunistyske wrâld is doe aldergeloks ek neat fornommen.
In lêste fraech is dy nei de hâlding fan de oare Russyske skriuwers, de offisiéle fortsjinwurdigers fan de litteratuer dêrre. Fiere hja allinne as forachtlike lakeijen in oarder út fan it Kremlin, of binne hja ‘oprjocht’ yn har ôfwizing fan Pasternak syn wurk? Ik bin bang fan it lêste, hwant de Russyske litteratoaren binne sûnt lang gjin frije kunstners, mar funksionarissen. Rankune en in kwea gewisse, méár as rjochtstreekse opdrachten út Moskou, sille harren dreaun hawwe. Pasternak is net ‘forboun mei it folk’, dat wie syn greatste sûnde. Foar de idéologyske funksionaris (Je suis leur chef, it faut que je les suive) is dat yndied in sûnde, foar in oar is it in frase dêr't men mei gûchelje kin sa't men mar wol. It is maklik út to hâlden dat profeten en greate kunstners nea ‘mei it folk forboun’ binne - de paedwizers rinne nou ienris foarop en net mids de mannichte.
Wy binne bliid mei dizze Nobelpriis foar litteratuer en alles hwat dêr omhinne bard is. Bliid yn it foarste plak om't Pasternak in great kunstner is, dy't de persoanlikheit en de minsklike weardichheit heechhâldt. Bliid ek om't bliken dien hat dat it greate Russo-fascistyske ryk bang is foar de geast. Foar hwa't de Sowjet-Uny sa graech bang meitsje wolle mei de wapens fan de barbaren is hjir alle oanlieding ta bisinning.
Bliid binne wy ek om de réaksje fan de frije wrâld op de Russyske hâlding. Hwat men leard hat by de Russen to forsmiten, sil men mei in goed gewisse thús net mear akseptearje kinne. Us earbiedige groetenis giet út nei in iensum man yn it fiere en wide Ruslân; nei de litterator en de minske Boris Pasternak.
JO SMIT