dertfrysk mei absolutistyske, bazige easken, mar lês hwat Hof der sels oer skriuwt, lês ek hwat, hoe't Hof sels skriuwt, dan wit men dat er fan datoangeande net mar in sûnderling wie.
Hof seach it Frysk as folkstael en dêryn is er de njoggentjinde-ieuske romantikus. Ek hwat dat oanbilanget meije wy bliid wêze dat er in njoggentjinde-ieuske hâlding yn de tweintichste oerdroegen hat. Nei syn wêzen is dy romantyk in réaksje krekt op it boargerlike dat wy de njoggentjinde ieu oanwriuwe. De romantyk hie each foar it libbene, it konkrete, it aparte, it ôfwikende en it bûtenwenstige.
De tweintichste ieu hat ús op greate skael de lykskeakeling sjen litten, it forneatigjen fan hwat greater of heger is, it likwidearjen fan hwat seldsum is en apart, of inkeld mar ‘oars’. Tsjin dy eftergroun sjoch ik de hâlding fan Hof op it stik fan de tael, en wy hearre dêryn njonken him to stean, al sil likegoed ús stânpunt yn alderhande detail gâns oars útfalle, théoretysk sawol as praktysk. Mar sa is it ommers goed.
Ik moat it noch hawwe oer Hof syn fersen en, dat heart der fansels by, syn tokoart oan selskrityk. In wurd, dat lêste, dat it yn ús ieu en binammen yn russo-fascistyske rounten tige docht, mar hawar, foar in skriuwer is it ta in hichte in deugd. Lykwols, hoe sit dat winliken by Hof?
Hwa âldman fan amperoan tachtich jier lit safolle wei as hy dien hat yn syn bondel mei de útdaegjende titel Fan eigen tiid en folk? Utdaegjend, mar tagelyk utering fan selskrityk, alteast fan oanfurdzjen fan de wurklikheit, hwant it is in oanhelling út in ferske dêr't er yn konstatearret dat er by de âlderein òf goed òf min is en dat er by de jeugd alhiel net is. Dat mei in skoft sa like hawwe, ik bin der fan oertsjûge dat der in takomst is foar de figuer fan Jan Jelles Hof - ek as dichter fan dizze bondel, om't dy in oanfolling is op Fjirtich fier taelstriid.
Hof is net in great dichter, mar hy is in greate figuer. Hiene wy inkeld syn fersen, der soene faeks in pear yn blomlêzingen meitôge wurde fan it iene slachte op it oare - en mei rjocht, lit dêr gjin misforstân oer wêze - mar nou't it part is fan in hiel libben fan fruchtber wurkjen telt it oars, mei men dy fersen ek wurdearje yn forbân mei de man dy't se skreaun hat.
Ik leau dat der in kintering is yn de wurdearring. Dat die bliken út de skôgingen by syn fiifentachtichste jierdei en by syn forstjerren, skôgingen dêr't soms út minsklike traechheit (inerty) noch frijhwat yn trochklonk fan earder, al wie it yn mylder foarm, mar gauris gâns mear wurdearring.
Hof hat sels dy foroaring foar in part noch meimakke en