De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 309] [p. 309] Amarins de Jong: Dy leste blauwe dei It rûzjen fan 'e winen troch beammen hein en fier, it bolderjen fan weagen tsjin kliffen hurd en skier, en alle fûgels roppe, en al it koarn seit ja en alle paden kliuwe nei frjemde hichten ta, de wylde kamperfoelje allinne wit de wei dy't rint fan skaed nei sinne dy lêste blauwe dei. Vorige Volgende