De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 307] [p. 307] O. Postma: Op in ljochte dei yn septimber Dy doarpkes en dy arbeidershuzen kom ik net mear by lâns; Ik kom net iens mear op it Jelsumer binnenpaed mei syn heablok en haiweinspul. Mar by my haw ik de strieling fan tûzen ljochte stounen. Gestalten komme op my ta, o hoe lang al fortein, Fan in hiem, fan 'e dyk, út dat fins tik yn 'e maeijetiid; En eat fan har wêzen is myn bistean. ‘Dat boerespul dêr hawwe wy al genôch fan’, hat der ris ien sein. Mar hja dy't Fryslân forlitten hienen, namen it as eigen oan, En in âlde domeny, dy't Fryslân yn it hert bisletten hie, hâldde it by him oan it lêste ta. To âld foar hwat nijs. Mar elts hat syn tiidrek. En soe it net wêze kinne dat de takomst wie as hja dy't Fryslân forlieten, En dat dy âlde dingen de freugden fan har jonkheit droegen? Amateur Ik bin mar in amateur; ik bin net opbrocht foar it dichterskip, sa as Roland Holst, En ik gong net sa alheel yn de poëzij op as Boutens en Bloem, (As ik my mei dy hege Hollânners forgelykje mei.) De wittenskip hat my wol safolle fêsthâlden as de dichtkunst; En myn deisk wurk wie hwat oars as ‘'t slecht vervullen van onnoozle plichten’, Sa as Bloem it yn syn ‘Dichterschap’ opseit. En de dichters hjirre, dy't my it neist binne, sille ek wol mei dy namme bineamd wurde meije; Mar dan kom ik ta de boarne en siz: is ‘amare’ net ‘leafhawwe’? En omdat hja leaf hienen, hawwe hja dichtsje moatten. [pagina 308] [p. 308] Minor poets (yn in boek oer Frieslands dichters) Der binne fryske fersen hwerfan ik, eltse kear as ik se wer sjoch, siz: hwat is dat moai! Meije sokke dichters nou mei de namme, dy't hjir boppe stiet, neamd wurde? Né! siz ik, dat kin ik net bêst hawwe, tominsten net yn in boek foar Hollânners bidoeld. Sa'n ien nimt syn Ten Bruggencate en lêst dêryn ‘minor: van den tweeden (of derden) rang’. ‘Ha, seit er, it kin dus ek fan de tredde rang wêze.’ Mar ik siz: ‘Kom dou mar ris op mei in poëem fan dyn Masters dat my mear docht as dizze fryske fersen’. En dan hat er neat mear to sizzen. Vorige Volgende