| |
| |
| |
Marten Sikkema:
Forjowne kaerten
Yn de erker fan syn keamer fiif heech stie er út to sjen oer de brede haedstrjitte. It wie der nou net drok: de skoallen en kantoaren wiene al lang út, hast allegearre wiene al thús foar it jounsmiel. It wie hjerst. It waerd al jounich. En it reinde in bytsje.
't Is trystich by it reinen yn 'e hjerst,
By 't wurge reinen yn 'e hjerst, dêrbûten...
Sa gie it him troch de holle; in pear fersrigels, fan hwa ek mar wer? dy't er oerhâlden hie fan de HBS. Dat wie oars ek al wer hwat jierren lyn.
Op it taffeltsje njonken him stie de greate doaze sigaretten, presintsje op syn tritichste jierdei, in pear wike lyn. Hy krige der ien út en sette de brân der yn. De keamersdoar gie op, hospita die it ljocht op en rêdde de itenstafel ôf.
‘Mar wer suterich waer tsjinwurdich, mynhear Wierstra, men wit suver net mear hoe't de sinne der útsjocht! It sil aenst wer tiid wurde en set de kachels oan!’
‘Ja, dat sil der hast fan komme moatte, juffer Preen.’
Hja draeide it ljocht wer út en loek de doar efter har ta.
Hy stie noch hwat út to sjen en tocht oan Geart dy't strak komme soe. Dy soe grif al thús wêze. Hja soene hjir wer noflik sitte to praten, to smoken, juffer Preen soe kofje bringe, en de grammofoan soe syn deugd wer toane. It soe wol bigjinne mei dy plaet fan negerlieten, dy't Geart noch net heard hie.
Geart wie in goede freon. Hwat hiene hja destiids in wille hawn, doe't hja togearre op dat handelskantoar sieten, hysels by de administraesje en Geart yn de bûtentsjinst. Geart wie der nou noch, yn in moai forantwurdlike posysje, gauris mei de auto ûnderweis, in drok bistean. Sels hied er in pear jier lyn stikke nei in funksje by de greate forsekering, en dat wie boppe forwachting slagge. Mei de promoasjekânsen like it hjir efkes better, en och, men wol ek wol ris hwat oars.
Op 'e gong rattele de telefoan. Juffer Preen gie hinne en rôp al gau fan: ‘Mynhear Wierstra, foar jo!’
Hy krige de hoarn oer en hearde de stimme fan Geart syn mem: ‘Jawis, Geart hat ús krekt witte litten, hy hat hwat opûnthâld; en oft ik dat mar efkes sizze woe. It wie de fraech, oft er noch kaem. Ja, spitich, mar it is net oars!’
Joun dus wer allinne. Dan hie ien as Geart it doch moaijer, dy wenne op it lêst by syn heit en mem; en hwat giet der boppe eigen? Wis, dit kosthûs wie bêst, hy hie it wol minder hawn.
| |
| |
Hy skoude de kleden ticht en die it ljocht op. Hwat nou? De stêd yn hied er gjin oanstriid fan, mei dit waer binammen net. Dan hwat lêze, hwat grammofoanplaten draeije? In pear brieven skriuwe, dy't al lang skreaun wêze moasten? It sin sakke aerdich nei mineur.
Hy joech him del foar it âld buro, skuorde it rjochterkastke iepen. It spul rûgele him yn 'e mjitte. Ja, oprêdde, dat hie al lang moatten, dat moast dan nou mar wêze. Hy bigoun alles der út to klauwen. Fierstentofolle hied er altiten biwarre: reklameboekjes, brieven, kranten en stikken fan kranten, doaskes. En oeral leine âlde foto's tusken, dy't nedich ris oardere en yn in album plakt wurde moasten.
Automatyskwei lei er alles soarte by soarte, allinnich de foto's biseach er út en troch hwat langer: guon fan de fytsreis mei Geart troch Denemarken, in pear jier lyn, in mannich fan de kampearderij op it eilân, en dêr ien fan it doetiidske personiel fan de administraesje-ôfdieling fan de handelsfirma, makke by syn ôfskie dêrre: de sjef, de ûndersjef, in pear typistes en hysels as handelskorrespondint. Hy trof der eins nea mear ien fan, bihalven Geartsje dan: dy seach er sa út en troch hjir troch de strjitte fytsen, dy wenne faeks yn dizze selde hoeke fan de stêd. Leaf fanke wie dat. Soe sa'n ien nea ris forkearing hawwe? To sinnich tink. Fortsjinne sèls goed.
En dêr in foto, makke op it strân. Trynke en har suster Jehanne. Dat hiene buorfamkes west yn it lytse stedtsje, dêr't er weikaem, jierren lang. Jehanne wie letter troud oan in toskedokter, wist er wol. Trynke, artistyk fanke, joech tekenlessen in jier of hwat lyn. Hja wenne doe noch op it âlde plak. Hwat der nou fan har wurden wêze mocht? Hja hie doe forkearing, mar dat wie letter útskuord. Hwat hied er altyd wiis mei har west, en hja ek mei him, efternei bisjoen. Hy hie de bus mar raer forsitten. Mar hja wiene doe beide ek noch sa jong! It die him hwat sear, hjir wer oan to tinken. Hy biseach de foto noch ien kear goed, lei him doe by de oaren.
De brieven die er frijhwat fan oan kant, mar by seach earst goed hwat it wie. Doe foun er in opteard bledtsje mei tekst fan eigen hân: it klad fan it brief dat er Trynke skreaun hie, doe't er yn 'e krante sjoen hie dat har mem forstoarn wie. Hy hie der nea gjin tael noch teken op weromheard, faeks hie hja it net ienris ûntfongen. It wie nou hast trije jier lyn skreaun, koed er sjen oan de datearring. Hwat fljocht dy tiid!
‘Al tiden haw ik fan doel west en skriuw dy noch ris; mar hieltiten haw ik it wer fan my ôfset. Hwerom eins? Miskien om't it my nuver talike, nei safolle jierren sûnder moetsjen
| |
| |
noch briefkjen, ynienen hwat fan my hearre to litten. Earder hawwe wy inoar moai goed kend - hoewol't ik tajow, dat ik dy, as it der op oankaem, suver net koe - mar de tiid skept ôfstannen en it is foar de eigen sielerêst miskien wol sa forstannich en tekenje dêr gjin forset tsjin oan. Mar mei't ik, nou't de hospita siik is, de frije ûren op myn buro - by in fikse handelssaek - to'n ein bring, kin ik it wier net langer litte. Miskien kinstou dat forklearje, ik net. Of it moat al wêze, dat it tafal in ekstra-twang op my útoefene hat mei in âlde foto fan dy - soe er noch lykje? - dy't ik tsjinkaem yn in boek dat ik yn tiden net ynsjoen hie, en dêrom hjir mei hinne tôge haw. Mar de forklearring kin my ek neat skele. It libben hat my net folle leard, mar wol dit, dat men better mar tajaen kin oan in driuw dy't him doch net keare lit; en hat men der gjin rjocht ta, jins ynjowings to folgjen?
Nei dizze wiidweidige ynlieding, dy't as forûntskuldiging tsjinje moat, dan de reden fan dit brief: in pear wike lyn seach ik tafallich yn de krante, dat jimme mem forstoarn wie. Dêrmei is sûnder mis in stik fan dyn (jimme) forline forlern gien, mar ek in - lytser - stik fan mines, of moat ik sizze: uzes? Jim heit koe ik destiids net sa bêst, dy gie alhiel op yn syn saken en bistege (mei rjocht en reden) syn tiid en oandacht net oan in buorjonge lyk as ik. Mar jim mem, dy koe ik namsto better: freonlik, fleurich, hertlik wie hja; en hja hie in foarm fan libbenskunst as net folle oaren. Ik soe dy, leau ik, net folle betters tawinskje kinne as in part dêrfan! Men libbet (nei alle gedachten!) mar ienris, en foar hwa't soks ta syn foldwaen hat, wurdt dy iene kear wis de muoite wurdich. Men moat dêr wol jeloersk op wêze, ik bin it alteast tige; hwant iksels stean noch altiten as in frjemd yn dit libben, fornuvere en earlik sein faken ûntofreden, oer alles, binammen oer mysels. En as it der op oankomt, stean ik pûr-allinnich. Dat leit oan mysels, dat sil ek altyd wol sa bliuwe.
Witst noch, hoe't wy mei jimme mem nei de merke west hawwe? Wy hawwe net folle bilibbe, mar wy hawwe àl wille hawn. Ik haw dy jouns lokkich west, leau 'k, inkeld om't ik by dy wie en dy oanienwei oansjen koe.
Witst noch, hoe't wy inoarren dêr op it strân troffen hawwe, en in dúnkuijer makke togearre? Ik moast dy jouns wer nei hûs ta, mar it spiet my genôch, hwant ik wie wiis mei dy. En sa haw ik noch inkelde goede oantinkens mear. Lykwols stie ik doe ek altiten allinnich en sels dou, dy't doch gâns in streek by my foar hie, dou koest my net neijer komme.
Ik sil mysels lykwols net mear bikleije; faeks giet it elkenien
| |
| |
sa wol, dy't him syn tastân réalisearret. Ik hoopje allinnich mar fan herten, datstou seinge wêze meist mei eat fan dyselde libbensfreugde dy't hja yn romme mjitte bisiet - as kostber, mar net earlik forstien en to let wurdearre stik fan myn eigen forline soe ik dy dat graech tahawwe wolle! Dan silst ek de slach, ûnderfoun troch it forlies fan jimme mem, sa koart nei dat fan jimme heit, fêst mei glâns toboppen komme. Dat is de hertewinsk fan dyn eardere freon
Liuwe.’
Boppe it brief wie yn in hoekje skreaun: Yn bitrouwen, mei dêrûnder: Andert net forwachte.
Hy forskuorde it stik papier. Mar wylst er fierder útsocht en oardere en doe wer bigoun yn to rêdden, alles soarte by soarte en sa kreas mooglik, tocht er oars nearne mear oer. In nuver brief! Hwat soe hja tocht hawwe, doe't hja it krige? Wie it foar in oar wol to fetsjen? Tekenjend foar himsels, dat wie it yndie: in psychiater hie der fan alles út helje kind. Wie it wol alhiel earlik? Hie it libben him bygelyks wier wol leard, ta to jaen oan in driuw? Nou ja, as it to let wie, dan soe it wêze... En hied er eins net in andert winske? Hja hie fansels great gelyk, dat hja op soks net andere hie, botte bigryplik wie it net. Mar hied er har winliken net werombringe wollen yn syn bistean, hied er eins it forline-mei-har nei safolle jierren fan skieding net fuortsette wollen krekt as wie der neat bard? Mar dat hie ommers net kinnen! Hja wie sûnder mis de wiiste fan de beide. Mar it wie sa allegearre wol slim sûnder doel.
As er nou ris sterk, konsintrearre oan har tocht, soe hja dan faeks weromtinke, en nou, nei jierren, noch in teken fan libben jaen? Hy hie wol ris hwat lêzen fan soks, der wiene gefallen fan biwiisd. Mar foar him soe it grif net weilein wêze...
Mei in slach die er it kastke ticht; hy loek oan 'e skouders en gniisde om himsels. Nuvere prakkesaesjes, dêr't er sels Geart net mei oankomme doarst! Dy soe it net fetsje, wie ommers út prinsipe frijfeint...
Hy seach op syn klokje. Soe Geart al thús wêze? Kom, hy koe wol ris efkes skilje; miskien, as er net to wurch wie, woed er doch noch efkes delkomme, mei de auto wied er hjir ommers samar. En oars koene hja daliks mar ôfprate foar in oare joun.
Hy sette nei de gong ta en krige de hoarn fan de heak. It gounze. Hy draeide de sifers; it wie krekt as wie it hwat oars as oars, mar dat soe wol oan himsels sitte. Nei it fyfte sifer gie dêr oan de oare kant gjin skille, mar der kaem daliks ien foar. It wie in frouljuslûd. Hy gie hast troch de groun.
| |
| |
‘Is it mei Liuwe Wierstra? Mar dat treft alhiel! Ik soe graech ris efkes prate, né, sa net fansels, mar ûnder fjouwer eagen.’
‘Graech’, stammere er, alhiel oerstjûr.
Hja gie fierder: ‘Der is in probleemke, sjoch, in kwestje, dêr't ik hwat rie yn hawwe woe, dat ik tocht, miskien...’
Bigoun hja nou werom to klauwen, né wol?
‘Moarntojoun, past dat?’ frege er hastich. ‘Om acht ûre, yn de serre fan De Reade Liuw? Of leaver earne oars?’
‘Né, my tige. Oant moarnjoun dan!’
De hoarn waerd oan de oare kant op de heak lein; en dat wie him wol nei 't sin, hwant hwat hied er fierder sizze kind? De Reade Liuw, dêr hiene Trynke en hy ris hinne west, nei in toanielstik dat ôffoel; en efternei hiene hja dêr dounse, en dat wie ek al ôffallen, it moast to hastich allegearre. De bus nei hûs hiene hja mar krekt mear helje kind, en dy hie doedestiids mear as in ûre wurk. Soe hja it noch witte? Ja fansels, hoe soe hja net? Hied er doe by it thúsbringen mar hwat dryster west, miskien... Mar alles koe noch goed biteare!
Bliid, mar ek wurch, sette er nei syn keamer ta en joech him del yn in stoel. Ja, hy soe har doe wol ôffallen wêze. Mar it falt ek net ta, jin yn 'e kaert sjen to litten. Dat moat ek leare, en guon leare it faeks nea net alhiel. Mar joun hied er resolút west, foar de telefoan; dat wie in oar man as dy stinder fan dat brief, soe hja wol tocht hawwe! Ei jawis, dat wie ek wier, hy hie Geart ommers skilje sillen. Och, dat moast nou mar oergean, hy hie der de moed net mear ta. Soe hja nou oan him tinke? Fansels, likegoed as dat hy nou...
Dêr gie de skille. Juffer Preen die de doar op. As dêr nou mar net ien wie, dat paste joun min, hy woe tinke, dreame.
Der waerd kloppe, de doar draeide op. It wie Geart. Nou, dat wie noch dêroanta. Soe er it him fortelle? Geart soe der fansels neat fan leauwe wolle, mar hwat koe him dat skele?
‘Ja, ik bin noch mar efkes delkomd. Mar hwat is der oan mei dy, dou sjochst sa nuver, sa oars as oars.’
‘Dat sil ik dy sizze.’
Hy fortelde. Net fan de strânfoto fansels en net fan it brief, hwant dat hie der neat mei fanneden. Mar dat er Geart syn nûmer draeid hie, en dat hjà der doe foar kommen wie; hja wie blykber yn 'e stêd, dat hja hiene meiiens mar in ôfspraekje makke foar moarntojoun. Hy hie der ommers wol ris fan forteld: dat earder buorfamke, Trynke. It woe Geart net oan.
‘Dy jeugdleafde, of freonskip, hwant fierder gie it net, liket my ta, dy hat dy mar raer yn 'e bisnijing. Ik ken har wol net, mar ik kin dy dit wol sizze: astou it goede namer fan ús thús
| |
| |
draeid hast, dan kin hja de hoarn dêr net fan de heak krigen hawwe; ik kom dêr krekt wei, en der wie oars net ien as ús heit en mem!’
Hy frege oft er har lûd dan koe, oer de telefoan wol to forstean, hwant dat is faken oars as gewoan. Nou né, dat doarst er net sizze. En oft hja douke of jouke hie. Dat stie him net rjocht mear foar? En oft hja har namme ek sein hie. Né, dat yn elts gefal net... Geart stelde syn fragen as wied er rjochter. En op rjochterlike toan joech er syn konklúzjes:
‘Sjoch ris, steld datstou wier nei de telefoan ta gien bist mei it doel om my to skiljen, en steld datstou wier it goede nûmer draeid haste, dan is dêr yndie de mooglikheit datstou der immen foar krigeste, dy't dy tagelyk oproppen hat en fuort nei dyn lêste sifer forbining mei dy kriget; dat komt inkeld ris foar. Mar dan kinst, astou sels draeiste, oan in frjemd geklik al fornimme dat it net kloppet.’
‘Mar dat wie ek sa...’
‘Dat fortelst my nou earst. Mar hwat dan noch? Wie it dan wier dyn eardere freondinne? Wennet dy hjir dan yn 'e stêd? Dat hie hja dan doch wol sizze kind. Of wie hja tafallich hjir, op trochreis of sa?’
‘Dat sil ik moarn wol hearre, tink.’
‘Miskien hearst dan meiiens, dat hja al lang troud is, al bern hat, hwa wit?’
Dat waerd Liuwe to slim, hy waerd grimmitich.
‘Koest wol jeloersk wêze. Ik sil my der moarn wol mei rêdde, dat wik ik dy. Ik koe hjir fordikke wol yn de biklagebank stean! Mar kom, lit ús oer hwat oars prate. In sigaret út dizze lúkse jierdeisdoaze? En sille wy nou dy nije plaet ris draeije?’
Juffer Preen kaem mei kofje, en foar elts in stik koeke der op ta, fanwegen dat hja sa'n goed sin hie, fortelde hja fleurich: alle kostgongers hiene hjoed bitelle, sjoch!
Doe't Liuwe letter op 'e joun syn freon útliet, glimkjen hja al wer tsjin inoarren; de frede wie tekene, en Geart winske Liuwe it alderbêste, ek foar moarnjoun.
‘En as jim bislute mochten ta in forloving - in koarten-ien fansels, hwant jimme hawwe beidegearre de jierren wol om in stapke fierder - nou, dan krij ik wol in kaertsje, rekkenje ik.’
‘Dan krigest in bêst en deftich miel iten, bygelyks yn De Reade Liuw. Hwant soks komt almeast mar ien kear foar yn in minskelibben!’
‘Kinst op my rekkenje.’
De auto sette oan en glied fuort. Hwat soe der yn Geart omgean? Och, dy wie noch by syn heit en mem, en dan fielt men
| |
| |
it faeks sa slim net, dan bliuwt men langer it bern fan foarhinne. Mar hwat doel hie Geart syn libben winliken? De handelssaek greatmeitsje, ja, dêr wied er drok mei dwaende; mar dêr kiene oaren, dy't der mei har húshâldings fan bistiene, en de hegere bazen binammen, mear bilang by as Geart sels. Fansels, men kin libje foar jins eigen fordivedaesjes, jins boeken of grammofoanplaten of setsjes en pretsjes en sahwathinne; mar is dat eins net in leech bistean? In lyts bytsje lok hat doch elkenien rjocht op? Né, dan wie hysels better ôf!
Hy tocht him oanienwei blider. En hy rjochte syn tinzen wer sterk op hàr, helle har byld, lyk as de foto dat joech, dúdlik foar eagen, en wie der suver wis fan, dat hja, hwer't hja nou ek wêze mocht, ek oan hìm tocht; en lyk as hysels lange nei de moeting fan moarnjoun.
Hy soe de sneinske klean opsykje, in skjin wyt boesgroentsje der by oandwaen en der it reade frijfeintestrikje by foar. Hy soe him foartiid hierknippe en skeare litte.
Hwa soe der earst wêze, hja of hy? Hy seach har al sitten, dêr yn dy serre, ûnder sa'n greate palmbeam. Hja moast mar sizze hwat hja hawwe woe, dat koe wol lije! En as der nou mar muzyk wie, dat joech altyd sfear en makke meiiens dat oaren it praet fan in pearke net folgje koene. En dan soed er har thúsbringe. As it fier wie, mei in taksy. Mar miskien moast hja wol op 'e trein. Dan soed er har op it perron bringe, en sjen hoe't hja fuortried, en wiuwe, wiuwe... Hoenear soene hja inoar dan wer treffe? Hy moast der goed om tinke, dat der in nije ôfspraek komme soe, en dan sa gau mooglik...
Mei in bliid sin waerd er de oare moarns wekker. Hy wist daliks wer, dat it hjoed in greate dei wurde soe. Doe't er de kleden fansiden skoude, koe er fêststelle dat it reinen ophâlden wie en dat de sinne der strak grif by komme soe. En it like him ta, dat dat alhiel tapaslik wie.
Fleurich die er de klean oan, fleurich bigroete er juffer Preen mei har bôlle en thé, en fleurich sette er nei kantoar ta. Mar it wurk gie him sa flot net fan 'e hân as oars: hieltiten seach er har antlit foar him, it antlit fan jierren lyn, fan dy strânfoto. Ut en troch die er hwat ûnhandich, dat ien fan de kollega's frege al ris, oft er hwat ûnder de lea hie. Nou, hy hie it foargoed ûnder de lea, de man moast ris witte hwàt!
Doe't er de middeis nei it miel wer oan 'e slach gie, waerd de loft stadichoan wer tryster. En it sin waerd der ek net better op. It soe wol fan de spanning komme, tocht er, dy wie ommers hast net to fornearen en makke suver wurch. Nou't it momint tichterby kaem - noch fjouwer ûren en it wie sa
| |
| |
fier! - nou bigoun er ek de problemen to sjen. Soed er har lyk as fanâlds by de foarnamme neame, of soed er better bigjinne kinne mei: juffer Broersma?
En hoe soe hja hìm neame: Wierstra, of Liuwe? Hy hearde it Trynke al sizzen, lyk as foarhinne: Liù-we, mei sa'n leaf tear draeike der yn... Soene hja joukje moatte, of soe doukjen noch lije kinne? Hoe wie dat foar de telefoan ek wer?
Doe't de saek sletten waerd, hied er der suver gjin sin oan en gean nei hûs ta. Hy avensearre neat, by de kapstokken net, yn de fytsekelder net. Dat siet him faeks yn it reinen; hwat hied er doch altyd lêst fan waersykte! Hy sette de kraech op.
Pas doe't er goed en wol op syn keamer wie, bitocht er dat er noch hierknippe sillen hie. Hawar. It jounsmiel smakke net sa tige, dat soene ek wol senuwen wêze. Dêrnei tocht er wier efkes oan de mooglikheit en bliuw thús, mar dat sette er fan him ôf. Hy hie oars de grammofoan wol spylje litte wold, mar ôfpraet wie ôfpraet! Hy skearde him, kjimde it hier ekstra soarchfâldich en die de sneinske klean oan. Hy treau noch hwat jild út it doaske wei yn 'e beurs: men kin it nea witte.
De bus brocht him nei it stasjon ta. By de yngong dêrre wie hwat folk, mar fierder wie der op it plein net folle to dwaen. Hy stiek oer nei De Reade Liuw ta en gie troch de draeidoar. Daliks seach er al: it wie der net drok; der wie ek gjin muzyk, it wie der mar in deade boel. It foel him ôf: dat wie gâns oars, doe. Hy hong de jas op en sette nei de serre ta; der stiene gjin palms mear. De kelner groete sa'n bytsje.
Yn 'e serre sieten ek net folle: in pear âldeftige dames, inkelde handelsmannen, en yn 'e hoeke in frommiske. Hjà wie der noch net. It wie ek noch net earlik acht ûre.
‘Mynhear Wierstra, komme jo hjir net hwat to sitten?’ rôp it jufferke.
‘Né, ik forwachtsje...’ sei er fornuvere, hâldde him yn en seach fansiden. ‘Heden, Geartsje, sitstou hjir?’
‘Ei ja, in ôfspraek, sjoch! Mar gean hjir hwat sitten, dan kinne wy ris prate oer de tiid dat jo noch op de saek wiene.’
‘Ja, mar ik...’
De klok boppe de doar wiisde acht ûre. Hjà kaem der noch net yn. Nou goed de yngong yn 'e gaten hâlde! Né, it wie net drok, hja koe him net ûntkomme.
‘Dus jo litte my hjir hwat allinnich sitte?’
Ja, hoe moast er nou? Hjà soe wol nuver sjen, hja koe wol fan alles tinke, as hja seach dat hy hjir mei in oare faem... Mar by koe der foar fatsoen doch eins ek net foarwei. Hawar, hy soe it útlizze kinne, dan soe hja it wol bigripe.
| |
| |
Hy gie oerein, wylst er hieltyd de doar yn it each hâldde, en sette op har taffeltsje ta. Hja skoude in stoel foar him efterút en glimke tsjin him. Unhandich joech er him del.
Geartsje praette hûndertút, oer it wurk op de administraesje, oer de stimming dêr, oer de sjef dy't stadichoan mei it âlder wurden ek sinniger en humeuriger waerd, oer de ûndersjef dy't emigrearje woe. Hy harke mar heal, hwant hy rekke oanienwei mear yn spanning, hwat letter it waerd. Soe hja it forgetten hawwe? It wie al hast healwei njoggenen!
De kelner brocht hwat hja bisteld hiene. Hy hie blykber friko komme litten. Geartsje hie thé.
Hjir hied er nou mei Trynke sitte kinnen. Hwat soe der tusken komd wêze? Soe Geart nou noch gelyk krije, soed er it dan doch dreamd hawwe? Geart soe laitsje!
Geartsje lake ek hwat: ‘Jo binne ek foroare. Earder wiene jo altyd sa fleurich, sa praetsk, en nou? Ik ken jo suver net mear. Jo binne slim ôfwêzich. Der koe jo wol hwat dwers sitte.’
Ja, it wie kertier foar njoggenen. Hy hie de moed opjown. Mar dêr hie Geartsje doch eins neat mei nedich. Hy koe hast wol wer nei hûs ta gean, it wie ommers in mislearre joun. De kelner skeakele de radio yn, de lûdsprekker yn de serre joech in walske. Dat strykte alderminst mei syn stimming, mar hoe soe dy man dat witte?
De muzyk brocht har blykber op in nij idé. ‘Tuge jo noch altyd grammofoanplaten oan? Of hawwe jo alles nou?’
‘Och, jawol, ei ja...’
‘Wy moatte dan mar ta de saek komme, dêr't wy hjir foar binne’, sei hja ynienen resolút. ‘It giet om in forsekering foar myn broer; hy is lyk as jo witte in protte ûnderweis yn binnenen bûtenlân, mei de auto en ek wol mei de trein en de fleanmasine, en dat jowt gâns risiko's, foar himsels mar ek foar syn húshâlding. Nou tocht ik sa, jo sitte yn forsekeringen en kinne hjir dus rie yn jaen; de bitroubere rie fan in âlde kunde, sjoch. Jo sille der likegoed wol persinten fan hawwe, as jo hwat ôfslute, mar jo hoege der net fan to bistean; jo soene fan sa'n forfaltsje in pear grammofoanplaten oantuge kinne.’
Geartsje hie noch altyd fan dy geastige iiskâlde opmerkingen. Hy mocht dat wol lije.
‘Mar as wy inoar nou net tafallich hjir troffen hiene, hwat dan? Hwa hie jo dan foarljochtsje moatten?’
‘Tafallich? Mar wy hawwe ommers juster ôfpraet? Jo hawwe ommers sels dit plak útsocht? Ik skille jou kosthûs op, en krige josels der foar. Ik koe jou led daliks wer!’
Hy bistoar it hast. Dat wie it dus. Nou hoegde er net mear
| |
| |
nei de doar to sjen, oft Trynke ek komme soe, Trynke...
De kelner kaem der by, en frege oft hja noch hwat hawwe soene. Hy skodholle fan né, de mage kearde him hast om. Hja easke noch in kopke kofje, foar it ôfwennen lyk as hja sei.
Automatyskwei joech er har inkelde gegevens oer de mooglikheden fan it sluten fan risikoforsekeringen. En by sei har ta, dat er har broer hwat folders stjûre soe mei gegevens. By need woe er dan wol ris delkomme om op fragen to anderjen. It adres fan de broer kaem yn it boekje.
Hja hie de kofje útnommen en gie oerein. Hy stie der heal yn 'e sûs by, doe't hja de mantel oanloek, krige doe syn eigen jas. Hast automatysk bitelle er oan de taep hwat de kelner opjoech, harres en sines; dat er har frijhâldde wie wier net mei sin. Doe draeiden hja ta de doar út en yn it reinen op.
‘Ik haw in retoerke op nûmer twa’, sei hja. ‘Earder wennen wy yn deselde hoeke fan de stêd as jo, doe seagen wy inoar noch wol ris fytsen. Mar sûnt in wykmannich sitte wy yn it nije túndoarp; ha jo dêr al ris west?’ Hja stiene by de halte.
‘Nou né, ik haw net de eare. Hwat soe ik ek yn sa'n úthoeke? En al dy nijbou is doch hast oeral itselde.’
‘Dus net mei, bigryp ik’, weage hja boartlik. ‘It is dêr wol moai, 't soe jo grif net ôffalle.’
‘Ik soe... ik hie... noch in...’ De formiende ôfspraek mei dy Trynke sweefde him efkes foar de geast.
‘Ik hear it al. Jo soene der dêr optheden ek it measte net fan sjen, it is al knap tsjuster.’
De bus kaem foar, hja wipte der yn, seach noch efkes om. Hy bleau stean. Doe't it ding gounzjend om 'e hoeke fan it plein weiwaerd, draeide er him stadich om. It asfalt glânzge wiet yn de skrille gloed fan de hege lantearnen. Ut de forskate hotels en herbergen wei foei noch hwat slûgich ljocht. Der wie net folle drokte en biweech. In deade boel!
De bus dy't er hawwe moast, forskynde net gau. Ynienen biret, sette er de stap der ûnder, nei hûs ta. It retoerke fan bus nûmer ien forgriemde er yn 'e bûse. It bigoun fûlder to reinen. Hy gie troch de deade wenstrjitten fan de âld stêd en stiek dwers troch it altyd like sombere park, dêr't alle bankjes joun frij wiene, birikte doe de eigen nijere wyk. Dêr wie it ljochter en fleuriger, ek al om't forskate lju de finsterkleden net sletten hiene. Hy hie diskear neat gjin ergewaesje fan de âldfrinzige forljochtinkjes en de brike meubeltsjes en de skilderijen út de massaproduksje fan de warehuzen wei. Né, it wie dêr doch likegoed gesellich: der sieten guon to kaertspyljen, oaren harken nei de radio of stoarren nei it tele- | |
| |
visybyld, der siet in âld minske to breidzjen; en dêr stie in jongfaem ta it finster út to kypjen, dy koe wol útsjen nei de feint. H y soe aenst wer op syn keamer sitte, de kleden ta, allinnich. Gjin útsjoch foar him... Hy suchte.
Thús en op syn keamer kommen, gie er daliks op bêd. Doe bigoun er to tinken; en net oan dy Trynke fan alear, dy't ommers miskien al troud wie en al bern hawwe koe, mar oan Geartsje fan joun. In leaf frommiske, hy hie har altyd tige graech lije mocht. Alhiel net ûnkreas, en goed by de pinken!
Hy hie har ommers wol efkes thúsbringe kind, forgémy! ‘Dus net mei, bigryp ik’, hearde er har dúdlik sizzen, en it wie him as forstie er it nou earst. Hie hja it ek noch net oer de tsjusterens hawn, of wied er dêr mis mei?
Hy bisocht it fan him ôf to setten, mar dat slagge net; it selsforwyt hie him slim yn de skjirre.
Hied er har dêr yn De Reade Liuw wol frijhâlden? Ja, dat moast wol, hy hie tominsten twa gounen dellein en neat weromkrige, en dat is mear as ien fleske friko jilde moat. Mar hied er har wol iens yn 'e mantel holpen? Hwerom wied er sa? Hy wie ûngeskikt foar dizze wrâld, hy wie oerstallich en in doel wie der foar him net by, foar him net...
Hja wie suver neat âlder wurden, hja wie sels kreazer as earder, en dat siet him net allinnich yn de klean, al hie hja wol smaek; né, har antlit wie wisser wurden. En hja hie karakter. Hied er sels wol karakter? Hja wie noch like fleurich yn har praet as altiten, like libben en geastich ek! En hysels? ‘Ik ken jo suver net mear’, hie hja sein...
Stadichoan bigoun er to tinken, dat er joun foar de twadde kear de bus mist hie; net bus nûmer ien, dy wie net forskynd, mar bus nûmer twa, Geartsje har bus. Hy seach har wer ynstappen en noch efkes omsjen - hie hja forwachte of hope, dat hy meigean soe? - en hy seach de bus weiwurden yn 'e nacht. Dit soed er Geart mar net fortelle, as dy earstdeis wer in joun kaem to praten. De kaert wie nou doch al forjown, likegoed as de foarige. Soed er har ea wer sjen, nou't hja ek noch forfearn wie? Mar och, dat soe nou gjin doel mear hawwe, hja soe it net mear winskje nei sa'n joun. ‘Ik ken jo suver net mear...’ Hja soe wol wizer wurden wêze.
Hy koe de sliep net krije, draeide him jitris om op bêd. Bûten gie it reinen syn gong.
‘'t Is trystich by it reinen yn 'e hjerst,
By 't wurge reinen yn 'e hjerst, dêrbûten...’,
sa gie it him wer troch de holle. It gûlen stie him neijer as it laitsjen. Hy bigoun nei har to langjen.
|
|