De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 257] [p. 257] [Nummer 10] Durk van der Ploeg: Nocturne boar Afke de nacht wurdt wyt en taestber en yn de âlde stien forsuorre ûnder 't grien fan klimmer stiet as in roazebêd by 't simmer it moarmer yn 'e muorre de moanne stiicht to nacht as in fine skyl en skriuwt mei frjemde fegen blaubleke streken oer it bêd skossen lizze spegelglêd yn it tún en yn de wite streamen leit de nacht to dreamen op it paed oer it saed de tsjustre welle lûkt skou in skaed en skjirret it wetter wite ieren yn it meagere moarmer dan set de nacht syn fingers yn 'e groeden fan de skimer en siket hoeden in lêste hâldfêst yn 'e smelle foege fan 'e moarn. Vorige Volgende