| |
| |
| |
E.B. Folkertsma:
Himsels foarbylezend folk
Eagum, Rispmoanne 1958.
Achte Lânsman,
Hoe soe sok in nijsgjirrich brief gjin antwurd fortsjinje? Alhoewol, foar antwurd is it suver to goed, sa treflik as it jo slagje mocht, der al protteljend, kleijend en forwinskjend - it iene noch Frysker as it oare - in kreas stikje literatuer fan to stallen. Ja, sa giet it op 'en fraeisten: wy stelle Fryslâns literatuer yn steat fan biskuldiging, wy winskje har withwersanne en tagelyk rjochtfeardigje wy har, mei har in nije bydrage to leverjen. Unfrede liket har boarne wol to wêzen.
Leafst soe ik jo dus net antwurdzje, hwant hwatfoar rol twinge jo my oan? Jo sprekke mar foar it heitelân wei en wierje hert en sinnen út, en hawwe ek noch gelyk; mèn lykwols, om antwurd to hâlden, kin mar útlizze en bilizze. Wyist jo spontaen tasprekke mochten, komt it foar jìn op, to redenearjen - mei alle kâns noch wol, dat jo de redenaesje yn it foar al ôfwize. Ta sok in kweade kâns foroardielet jins spontaniteit my; lykwols, dat kinne jo likemin helpe as ik. It lân leit derta. Sa moat ik it my treastgje, en kin allinne mar hoopje, dat ik it net al to kwealik treast wêze mei.
Hwa't yn Fryslân skriuwer wêze - en bliuwe - wol, moat in stik ideälisme yn him hawwe. Hy hoecht der net op to tidigjen, dat syn skriuwen him in bistean opsmite sil noch dat de útjowers him de drompel swart rinne sille om kopij. Hy kriget gjin astronomyske sifers to sjen, fan oplage likemin as fan sleet. Hear en forkear bliuwe noch oer to eagjen. En nou wol ik net ienris komme op 'e wenstige ûntskuldiging: Fryslâns lyts taelgebiet. Dat ommers giet net fierder as it fuotten hat, né as it fuotten hawwe wol. Byhwannear't it Fryske folk likefolle bilang by literatuer yn 'e eigen tael hie as it lytsere Yslânske by sines, der soe gjin need wêze. Mar dêr sit de mankens krekt. It bilang, dat it greate gros fan ús folk by eigen literatuer hat, is brike lyts. Dy eigen literatuer is de Friezen gjin saek fan eksistinsje, mar fan lúkse. In tanimmend tal lêst wol Frysk en wol wol Frysk lêze, salang it mar ta gemoedlike útspanning strekke kin. Fan dat oangeande hâldt Huismans karakterisearring fan Jean qui rit et Jean qui pleure noch altyd. Hwat sa populair as Jean net is, kriget mar swier de gunst. Dat hjit fuort to dreech. En dregens is ien fan 'e forneamdste Fryske deugden, mar krekt net, sagau't it om literatuer giet. Dan hâlde wy Friezen op fan lêzen, of wy lêze Hol- | |
| |
lânsk. Ja dat foaral, hwant yn en foar it Hollânsk wolle wy ús mear ynspanne as yn en foar eigen tael. Altiten hat de Biweging protestearre en striden tsjin de Fryske oanwenst, jin yn it praet samar to forbrekken. Mar fan dyselde kwael is hjir ek in net minder nuodlik symptoom. Like maklik as de Fries him pratende forbrekt, docht er dat skriuwend en sels lêzend. Oan 'e eigen literatuer stelt er swierder easken fan populariteit as oan 'e Hollânske. Bigryp yn it Hollânsk hat er mear foar oer. Fryslân lykwols hoecht it
net to weagjen en fergje him holle, geast of hert op in problematyk, dy't folle boppe skearwinkel en stamtafel útkomt.
En sa is de rekken gau makke. Dit forlet fan populair diel oan it eigene en fan ûntwikkeling troch de wei fan it Hollânsk hâldt ús skriftendom yn 'e smelle loege. It biheint syn mooglikheden op 'en nuodliksten. Hoe kin it sa komme ta in literatuer, dy't by alle plak foar primitive utering teffens royale romte hat en hâldt foar breed, om noch net ienris to sizzen great en djip wurk? Hoe kin sa'n literatuer ea har kultuerkrityske funksje neikomme yn boekbisprek, skôging en essay? Hoe bilangrike romanfigueren skeppe, yntellektuéle, psychologyske en problematike fordjipping krije, har op wjukken jaen ta it epos? Dat is gjin biskuldiging fan mannen; hwat guon fan ús skriuwers en dichters dat oangeande dochs noch ta stân brocht hawwe, stiet harren nammersto heger to priizgjen. Allinne, fiersten to folle dêrfan koe it fan need net fierder bringe as tydskriftbydrage, of moast mei in binaud lytse boekoplage ta, of krige noch lytser sleet, of wachtet om 'e nocht op werprinting. Mar hoe kin it ek oars, as de Fryske skriuwer net mear bilangstelling, meilibjen en ynspiraesje fan it eigen folk meikriget? Earder moat it jin nij dwaen, dat der noch safolle, trochinoar op sok in peil, op- en gearbrocht is.
Jo sjogge, ik stim jo hiel hwat mei. Ik ûnthâld sels gjin byfal oan jins sizzen, dat it Fryske folk to min jild foar syn literatuer oerhat om literatuer to fortsjinjen. Allinnich hâld ik de hope, dat it ek yn dizzen net by fortsjinst, mar by genede ôfgean mei. Der moat gâns barre, ear't ik net mear leau oan it wûnder, dat in forlitten fûgel yn in earmtlik nêst ynienen dochs útbarst fan in hege jubel. Foarsafier't wy net libje kinne - meije? - fan 'e oerfloed, moatte wy yn alle gefallen de moed hâlde en libje fan it forlies. Ek út rotsen kin wetter slein wurde. Dat hoecht op 't lêst mar ienkear, ien brede, hege, djippe kear. Wy witte noch net heal, op hoe'n bytsje Fryslân tarre kin. Lit ús net mjitte neffens fortsjinst, mar de barmhertichheit hawwe om, by alle leed en ûnfrede om itjinge
| |
| |
Fryslân oant nou ta net barre meijen hat, dochs ek de bernlike tankberheit foar hwat it al, hoe swier dan ek, helje koe net to forjitten. Hwa foeget soks mear as de dichter? Hwa kin stranger en tagelyk barmhertiger wêze, hwa blider mei sawol as ellindiger om in bytsje? It bern yn him is dat biskern.
Mei dat al giet it by de royaelste dichterlike goedens en hope net ôf. Wy libje net mear yn 'e tiid fan Hans Sachs en de primitiven noch sels yn dy fan 'e romantisi. Hjoed de dei biskaet de romantyk it byld fan ús libben net genôch mear om reëel en earlik to wêzen. Hjoed de dei is hja reaksionair eksperimint. Troch hàr greater bilangstelling ûnder it folk to winnen en dat folk mear literair bigryp by to bringen, mei forliedlik lykje, it wurket earsling. It is de faeije wei fan 'e minste wjerstân, de populaire wei, dy't boppe de geast, it hert en de nieren ôfgiet. Jo meije noch safolle reden hawwe om to warskôgjen foar de moderne literatuer mei har yntellektualisme, dramatisearre psychologisme en eksperimintisme, jo meije lang net sûnder rjocht twivelje, oft op dat paed de Fryske literatuer noch mooglikheden fan útjefte oerhâldt - mei dat al ûntkomme wy ek yn Fryslân net oan har, sterker, móátte wy net oan har ûntkomme. It soe in ús, it soe in Fryslân foar de tiid wei winen wêze. Der is gjin forwin op: wy hawwe ús folk oan dit eksperimint op 'e takomst ta to bitrouwen, of yn 'e tael fan 'e hope oerbrocht, wy hawwe dit eksperimint op 'e takomst ta to bitrouwen oan ús folk.
Hwa't dat net doar, forfalt ta flecht. Hy kin bislute, dat in folk mei sa'n lyts forlet fan eigen literatuer gjin skriuwers en dichters yn 'e eigen tael fortsjinnet en dat it, om to bigjinnen foar himsels, (langer) gjin sin hat, yn it Frysk to skriuwen. Hy kin it heil sykje yn oersetting fan syn wurk, yn it Hollânsk bygelyks. Krèkt as soe dat mear bitsjutte as literaire fortaeloefening. It neiste fan Fryslân lykwols is yn gjin oare tael to sizzen. Dat is gjin kwestje fan mannichte noch sels fan peil, mar fan distânsje. Hwat yn 'e sfear fan eigen lân, folk en tael karakteristyk boun is, kriget dy bining net yn in oar klimaet. Hwat yn it Frysk libjend en tillend tinget, fynt sa'n djippe oanklang yn it Hollânsk net. Hwat bilangryk is yn it Frysk, is yn it Hollânsk mei syn heger kultuernivo fan minder bilang. De oersettingen fan 'e Rispinge en wurken fan Brolsma binne al warskôging genôch, soene men hoopje. Der hoege wier gjin mear desyllusy's by. Ek kin immen stelle en biredenearje, dat literatuer in problematysk brekkende macht is en dat it in folk ta bihâld fan syn krêft tsjinnet, as it der wjerstannen fan ûnbigryp tsjin hat. Ja, heech hingjende druven binne sûr en
| |
| |
ideälisearring is in skrale treasteresse; en yn Fryslân dochs kin it mei de folkskrêft noch wol even lije. Oer de flecht yn it popularisme haw ik jo hegerop yn dit brief al skreaun.
Soenen wy it mar leaver nèt yn útwynsels sykje? Literatuer is striid. Al stridend moat hja har wei fine en har plak winne. Skriuwers noch biweging moatte miene, dat dat maklik giet. Hja meije it net ienris miene; it moat krekt net maklik gean. Da Costa hie it net mis, doe't er de dichter ferge op gefoel, forbylding en heldemoed. Dat helde kin der wol foarwei, mar moed bliuwt needsaek. Sûnder dy moed bihelje wy likemin hwat yn en mei ús literatuer as op it stik fan it ûnderwiis. Yn 'e earste pleats moatte wy der net tsjinoan driigje en gun populaire utering, nauwerneed of net fan literaire kwaliteit, yn Fryslân royael plak. Hwat kin der tsjin wêze, ek gemoedlike útspanning op dit gebiet har gerak to jaen? De tûzenen fan it Fryske folk hawwe al net to folle oanstriid fan lúkse; yn dizze ûnskuldige foarm kinne hja der noch gerêst hwat by hawwe. Lit Jan boppe syn forhalen frij laitsje en skrieme; dat kin gjin kwea, dêr set gjin tarring fan. In literatuer, dy't dit oeral foarkommend byforskynsel net oankin, forret dêrmei har eigen swakke posysje en to min bitrouwen op harsels. Saek is it, sa'n byforskynsel net wichtiger to meitsjen as it is, hwat gjin pretinsje hat, ek al kritisearjend gjin pretinsje to jaen. Dêrmei bidoel ik net, dat de Fryske folksskriuwerij - of hoe't hja mar neamd wurde mei - gjin krityk hoege soe. As dy mar net beart boppe it bilang fan 'e saek, mar gefoel foar forhâldingen hâldt. Hwer't it op oankomt, is it lûken fan 'e streek tusken folksskriuwerij en literatuer, om beide, elk op har gerjochtichheit en yn har funksje, har romte to litten. Dat moat lije kinne foar de literatuer - in kwestje fan bitrouwen, yn Fryslân net to min. It moat lije kinne, ien en oar los to litten, nou en dan to pleisterjen, ek ris yn 'e berm lâns to panderjen en earlik to bikennen, hoe wiis wy nettsjinsteande al ús krityk
mei de 7.500 leden fan 'e K.F.F.B. binne.
Gjin noch sok primityf populair wurk hoecht skepping en bloei fan literatuer yn 'e wei to stean. Wol jowt it argewaesje, en lit it dat bileaven dwaen. Sa kin it, hwat it moat: útdaging ta kunst wêze. Soenen yn dy ûnfoldienens de oarsprongen net lizze fan forskate literatueren? Argewaesje kin de dichter ûntdekke oan himsels, en him fiterje ta skeppingen fan greate grammoedichheit. Yn alle gefallen is it gjin dwaen en skou de skuld fan it ûnbifredigjend peil fan 'e Fryske literatuer op itjinge yn eksistinsionele sin oan literatuer net takomt of takomme wol. Dêrfoar is dat út in literair each net bilangryk
| |
| |
genôch en hat it, tominsten op in him bitrouwend kunstnerslaech, to min tsjinhâldende macht. Sokke kunstners nimme der krekt fleurige of grime reden út ta eksperimint, sprong of flecht. Hja sjonge, smeije of stoarmje der boppe út.
Dit lykwols yn it foarbygean. De moed, dêr't it foar skriuwers en dichters ta skepping op oankomt, is net dy fan 'e ôfset, mar fan 'e eigen wil en krêft. Hwat Fryslân oanbilanget, hâldt dat fóár alles yn, dat ús kunstners har net oerjowe oan allerhanne problematyk bitinken, lyk as de biheindens fan it taelgebiet, de minmachtichheit fan it folk, de lytse literaire bilangstelling ûnder de mannichte, it ûnartistike of yn alle gefallen frijhwat swak artistike folksaerd, en hwat der ta ûntskuldiging mar mear by to bringen wêze mei. Oerjefte oan soks is faei forlech. Hja weakket de spontaniteit, de moed en it bitrouwen, ynkommedearret ús kunstners, en forleit it skeel nei earne oars as dêr't it sit. Lit der safolle faktoaren tsjinwurkje as it wol, nammersto sterker útdaging binne hja.
Hjir binne wy op it hurde stik. Binne ús skriuwers en dichters ek dizze útdaging treast? Kinne hja de slim ûngunstige omstannichheden fan lytsens, minmachtichheit, ûnbigryp en ûnmacht yn har lân en ûnder har folk treast wêze? Wolle hja it? Hawwe hja genôch krêft en moed om tsjin dy klippen op to sjongen, to striden, to skeppen? Ik bidoel: leauwe hja, byneed op hope tsjin hope, oan in greate literatuer foar Fryslân? Sûnder leauwe sil it net wurde, hjir noch minder as hwer ek.
Net, dat hwat wy oant nou ta hawwe, forachting fortsjinnet. Lytsachting net ienris hat rjochtlike reden. Mar wol ûnfoldienens, wol argewaesje, wol ynfieren forlangst nei riker en bilangriker. Fryslâns literatuer is earm - earmer as it moat en hoecht - oan histoaryske roman, oan epyske en dramatyske forbylding, oan skepping fan bilangrike, om noch mar net to sizzen greate figueren, oan wide of hege flecht fan lyryk. Al binne der tige to wurdearjen útsûnderingen, har skriuwers en dichters wrakselje to min mei de stof en weagje har al to seldsum oan 'e fiere, de djippe of de hege taest. Hja doare it greate ûnderwerp net bitrousumernôch oan. Hja binne bang en baern har oan hjit wetter. En salang't dat sa bliuwt, salang sil ús literatuer yn 'e lijte fan 'e midsmjitte tahâlde, likegoed hwat artistyk peil as hwat esthétysk en idéeel bilang oangiet. Midsmjittichheit en gemoedlikheit, dat binne har noflike forliedingen. Sa komt hja, de striid mijend, net oan har opjefte ta. Hja wynt har wei foar de greate fragen, de greate stalten, de greate foarmen fan libben en dea.
Hwerom? It wurdt my hoe langer hoe klearder: út eigen- | |
| |
gerjochtichheit. Us skriuwers wolle net yn 'e skuld; hja achtsje it feiliger en hânhâld harsels. Dêrom hâlde hja har biskûl yn in morael nei eigen wet en wize, in dreech Fryske morael, en bliuwe fier út 'e reek fan 'e greate sûndaers sawol as út 'e rook fan 'e bisûnder bigenedige en hillige bern fan God. Hwant dêr is it harren net bitroudernôch; dêr koenen hja God, de Heare, ris to mjitte komme en de satan en hwa wit beide, en as dy har deugd of sels har frommens dan ris fergen op it uterste fan libben en dea? As in ûntsettende macht fan kwea ris oer har gyng of in ûntsachlik gewelt fan genede, en it die bliken, dat hja gjin eigen rjocht fan bistean hienen? Né, foar alle wissichheit gjin oantinken fan gefaer, gjin opropping fan fjûr, gjin djipte noch hichte! Libben en dea middele, de natuer minlike, de minske yn sljochte evenredichheit! Net to mâl mei it gean en net to moai, heech sa min as djip. Saek is it God noch divel út to daegjen en gjin wurd to sprekken fan Jezus Kristus. En sjochdêr biskriuwing alweroan fan eigen en gelyk, erflik forhael fan leaf en leed to wetterpas, literatuer fan in laits en in trien, jawis, nou yn it artistike. Sjochdêr in literatuer, al folle sûnder oertsjûgjende, bittere earnst, greate ynspiraesje en earlike wil.
Né, sa bisteane ús kunstners net. Sa bistiet ús folk. Sa bisteane wy. Wy Friezen binne it, dy't yn ús eigengerjochtichheit ús noflik ôfslute fan al hwat yn minske en yn libben great, heech, djip, iepen is en sa ússels en ús wurd ûnfruchtber meitsje. Oanklacht tsjin ús literatuer falt werom op ús folk, op ússels. Dat meije jo bitinke, as jo op it lêsfoer smeule, dat de mannichte foar kar nimt - krekt as soe it ek yn it ideéle sûnder foer kinne - en tagelyk de tsjintwurdige moderne literatuer, en dan binammen de eksperimintele, ôfwize. Dy eksperimintele fersen en stikken - forsafier't hja gjin sabeareboartsjen binne - soenen dy ek ris in protest wêze kinne tsjin Fryslâns bislettenheit en in earnstich bisykjen om út it isolemint fan gemoedlikheit en midsmjitte, dêr't ús literatuer sa nuodlik yn forkeart, wei to slagjen? Jo meije se net lije, skriuwe jo. As ik earlik bin: it binne mines ek net. Mar as se nou ris fan Fryslân wêze mochten, in kommend Fryslân, in Fryslân deader, libbener, wider, iepener, djipper, heger, wierhaftiger, goddeleazer, rjochtfeardiger, faeijer wurpen foar de hounen fan 'e hel en machtiger lutsen fan Gods genede, in Fryslân dat neat mear rjochtlik oan to bieden hat noch him rjochtfeardich to forbylden, mar allinne fan dy genede oan to nimmen? Op sok in hope
en mei ûnfryske groetenis,
E.B.F.
|
|