De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 275]
| |
PERSOANEN: TOMAZ, de laeidekker. In man fan likernôch 80 jier, swier boud, mei rêstige eachopslach. Hy praet stadich en mei der graech ris in spreuk tuskentroch smite en hwat preekje. Hy hat in blau boksebaitsje oan. ELEN, syn wiif. Sit tusken de 25 en 30, ridlik tsjep frommeske, mar hja sjocht hwat sûr. Lykas safolle plattelânsfroulju langer is hja hwat nuver yn 'e klean mei har stedsk oandwaende jape oan en de tradisionele kap op. GWILHOM, Elens frijer. In typyske doarpsswetser, 25 jier. Klaeid as ûnderofsier by de Frânske Marine. KATOU, faem by Tomaz en de frou; 18 jier, klaeid as doarpsfanke. IN MAN.
De wenkeamer yn it hûs fan in laeidekker op in doarp yn 'e omkriten fan Brest. Lofts in doar dy't tagong jowt nei de strjitte, en in rút. Rjochts noch in doar. Oan it efterlewant ûnderskaet laeidekkersark, û.o. forskate rôllen tou. De meubels kinne yn âld Bretonske styl wêze (in great iepen hurdsté, in houten dressoir mei snijwurk, in greate rjochthoekige swierhoutene tafel) of nijerwetsk (in kokenkachel, in guodkeap dressoir fan lakt hout, in roune tafel mei in swilk derop). Mar yn alle gefal moat efter op 't toaniel in greate kast stean. As it doek opgiet sit Tomaz by de tafel in brochje to bihimmeljen. Elen stiet derby to sjen, wylst ûnforduldigens út har hâlding sprekt. Ynienen pakt hja it pantsje mei bûter fan 'e tafel. TOMAZ:
Hui, hui! wachtsje efkes. Ik bin noch net klear mei de bûter. Wy hoege net to swyljen, wol! De trein giet om seis ûre, en it is noch mar justjes oer fjouweren! ELEN
(sa happich dat hja har hope bleatjowt):
Moatstû joun noch nei Brest? TOMAZ
(forneatigjend):
Ikke? Hoedatsa? Hokfor boadskip soe ik om distyd noch yn 'e stêd hawwe kinne? Jouns wurkje, dat is hwat foar de jongerein. Mar doe't ik dy niis sa ûnforduldich seach, tocht ik datstou dy trein noch helje moast. ELEN
(ûnwis):
Hwat bidoelst? TOMAZ:
Krekt hwat ik siz. As in frommes har hwat yn 'e holle helle hat, dan kin men 't der har net wer útprate. Mar astou net mei dy trein fuorthoechst, namsto better! Dan hoechst my ek net sa to driuwen. | |
[pagina 276]
| |
ELEN:
Hoe bitinkst it, dat ik dy driuw. It driuwt dysels altyd om mar gau dien to iten, mar gau wer nei 't wurk to kinnen. Wolst noch in stikje bôlle ha om de bûter op to meitsjen? TOMAZ
(kalm):
Tanke; ik bin takocht. Fan alles genôch is goed, mar fan dit of dat tofolle bikomt jin min. Ik gean trochstrings werom nei 't wurk omt it karwei noch net klear is. Mar hjoed haw ik dien wurk makke. ELEN
(toloarsteld):
Dus, dou hoechst nou net mear nei de tsjerke? TOMAZ:
Wis al, mar net om to wurkjen, allinne om 't ark to heljen. Of de pastoar moat noch in putsje foar my hawwe. Dat soe my neat gjin nij dwaen; fan sa'n nepert... ELEN
(neat net noflik):
Oars komst daliks wer thús? TOMAZ:
Eh - as ik net nei Guipronvel ta fyts en sjoch ris by dy nije skuorre yn oanbou. In moai stik wurk, en goed bitelle, soe 'k sizze. Mar 24 kilometer is gâns in ein. As ik dat karwei oannim, kin 'k leau 'k nea alle nachten thúskomme. ELEN:
Nou ja, dat soe de earste kear net wêze. En as it de muoite wurdich is... KATOU
(komt oerallich op):
It is de kou ynienen yn 'e kop slein! Hy hat it tou stikken en skuort yn 'e woartels om! It is in griis! TOMAZ
(sûnder syn kalmte to forliezen):
Nou, nou! As de kou it tou stikkenropt hat, dan wol dat alderearst sizze, dat it tsjoar net sa sterk wie as de kou, netwier? KATOU:
Ja, dat 's wier, it wie in goed ein tou; mar sa'n wylde kou, hy koe de divel wol ynha! TOMAZ
(laitsjend):
De divel? Ha, ha, ha. Sjoch, it heucht my noch, dat it yn Ti Glas ek in kou sa yn 'e kop slein wie, en dat elkenien tocht, dy hat de divel yn. Hja woene de pastoar der sels by helje mei syn poarperen skouderklaed en de hiele bringst, om it bist siz-mar del to bêdzjen. Doe sei âlde Francis fan Kerango tsjin har: ‘De divel sit net yn dy kou; ik leau, hy sit dêr yn dat boskjeguod. Gean der mar ris hinne.’ En it folk fan Ti Glas gie der hinne, en hwat seagen hja dêr? De bolle fan Rugonan; dy wie losbrutsen. Hja brochten de bolle toplak, en de kou waerd wer sa rêstich as yn in kryststaltsje. Hoe hiest it bist eins fêstmakke? KATOU:
Gewoan, om 'e hoarnen. TOMAZ:
Healwize minsken, healwize manearen. Ik sil dy ris foardwaen hoest in kou fêstsette moatst, as er kueren krijt.
(Hy kriget in ein tou en makket der in strûp oan)
. Sjochst wol? Meitsje in strûp en liz him dy om 'e nekke. As er lûke wol, sil er smoare en dan hâldt er fansels wol op mei lûken.
(Hy langet Katou it tou oer)
. Hast it foar 't forstân? Nou is it myn heechste tiid.
(Hy giet ôf)
.
| |
[pagina 277]
| |
ELEN
(tsjin Katou):
Nou ju, hwer wachtest op? KATOU:
Harkje, Elen... der is hwat oars - ik doarst it Tomaz net fortelle, by soe my útfûtere ha... It tou dat de kou stikken hat wie dat nije stik dat er forline wike yn 'e stêd koft hat. ELEN:
Mar hwerom hast dat ein naem? KATOU:
Fan dy âlde stikken wie net ien lang genôch om de kou noflik weidzje to litten.
(Hja pakt it tou dat hja efter de doar lizze litten hie)
. En nou is 't stikken... It is nou op syn minst twa jellen to koart. Nuver, sa'n grow ein tou, en ek noch nij!
ELEN
(sjocht nei 't tou):
Wol nuver, ja. 'k Hie nea tocht dat in koubist sokke sterke hoarnen hawwe soe. Nou, dat is dat. As Tomaz dat fornimt, sil er dy wol in skrobbearring jaen. KATOU:
Miskyn lûkt er my de priis wol fan 't lean ôf. Siz, Elen, kinstû 't net sa figuere dat er der neat fan fornimt? ELEN
(sur):
Hoe soe 'k dat binifelje moatte, tinkst. Ik kin de einen net oan-inoar-plakke wol, of langer meitsje? KATOU:
Fansels net - mar kinst net soargje, dat de brutsene ein net sa opfalt? ELEN:
Tochst dat dat samar koe? In blineman sjocht it sûnder bril! KATOU
(slûchslim):
Sjoch, Elen, der barre yn dit hûs dingen dy't in bline wol sjen koe, en dochs regelje ik it sa, dat Tomaz der neat fan fornimt. ELEN
(hommels yn oarewei):
Wachtsje efkes. Jow my in eintsje byntjern.
(Wylst Katou derom siket, fiket hja de brutsen ein fan 't tou)
. Sjisa. En nou sa.
(Hja wriuwt mei de ein op 'e flier)
. Sûnder tûmstok sil er der nea hwat fan gewaer wurde.
KATOU:
Dat 's leaf fan dy!
(Lústerjend):
Hy sit hjir fuort by to wachtsjen, yn 'e herberge fan Laouenan. Ik sil him nei dy ta stjûre.
(Hja giet rjochts ôf. Elen rôllet it tou sekuer op)
.
ELEN:
Dochs nuver... Sok tsjok tou! Soe 't forrotte wêze?
(Hja hinget it oan 't lewant. De doar lofts giet iepen. Elen stout dy kant út, mar bliuwt toloarsteld stean as hja Tomaz ynkommen sjocht).
TOMAZ:
Hwat ha 'k dy sein? Ik hie 't ark noch mar amper beet, of dêr kaem de pastoar al oan mei syn gluorkjende eagen. ‘Soa, Tomaz’, seid er, ‘silst dien wurk meitsje?’ - ‘Mei jins wolnimmen, pastoar’, sei ik, ‘ik haw al dien wurk makke, sjoch mar. Jo hawwe in dak op jou sakristij, dat jou bigraffenis meimeitsje sil, al wurde jo ek hûndert. - ‘Nou’, seid er, ‘dat komt dan moai út, hwant der sit yn 'e toer in stien los; dat kin gefaerlik wurde en jo moatte dat mar efkes ynoarder meitsje.’ ELEN:
Dat is my hwat! Krijst it bitelle? TOMAZ:
Ik kin it hjoed noch wol dwaen, en ik wurd by de dei bitelle, dat ik bar der net in reade sint mear om. | |
[pagina 278]
| |
ELEN:
En moatst nou wer steigerje, semint brûke, dyn klean forslite, en dat allegear ek noch om 'e nocht? Dou bist net felle wiis! TOMAZ:
Hwa't in fak hat moat der foar stean en de bêste en minste putsjes gelikensegoed opknappe. Us pake, de Heare mei him forjaen
(hy slacht in krús)
foun syn ein, doe't er fanwegen in brutsen tou fan 'e tsjerketoer foel. En de oare deis klom ús heit, doe noch mar fyftjin jier, de toer wer yn om it hoantsje rjocht to setten. Dat doe't it bigraffenis wie hoegden de Tomassen, fan heit op soan laeidekkers fan dizze tsjerke al salang't er stiet, har net to skamjen. Hawar, ik sil gjin semint brûke; ik liz dy stien toplak sûnder him fêst to setten; en dêr hoech ik gjin steiger of ljedder foar to brûken, allinne in ein tou, dat ik oan 'e omgong fêstbyn. Ik lit my dan oan 'e stien ta sakje, en as 't karweike klear is, lit ik my nei de groun ta glide. Mei in heal ûre is 't hiele saekje birêdden, en in learjonge soe't dwaen kinne.
(mimerjend):
Dus, dat wurdt 36 foet, mei noch twa jellen foar 't binen.
(Hy sjocht nei syn touwen en kiest it brutsene út)
. Dit kin 't moai dwaen.
ELEN
(spontaenwei):
Soest net leaver...
(Hja wurdt ûnderbrutsen troth in lûd fan 'e iepentreaune lofter doar. Gwilhom komt yn)
.
GWILHOM
(foralterearre as er Tomaz sjocht):
O, nim my net kwea! Ik kaem der samar yn! Ik wit sels net, hwerom ik net kloppe! TOMAZ
(syn toon wurdt àl sarkastysker nei de ein fan dit toanieltsje):
Der binne slimmer dingen, Lom. It sprekt wakkere fansels datst op 't stuit oare dingen oan 'e holle hast. GWILHOM
(fan 'e wize en bisykjend him to fordigenjen):
Oare dingen oan 'e holle? Hokker bidoele jo? Ik haw gjin oare dingen oan 'e holle. TOMAZ:
Lykwols, in knaep dy't mei in moanne forlof thús is en nei twa wike al in oprop krijt om werom, en tink ris ta, net nei Brest, mar nei Toulon - my tinkt dat it wol yn 'e reden leit dat sanien hwat fan 'e wize is! ELEN
(forbûke):
Hwat seist dêr? GWILHOM
(tsjin Tomaz):
Hwatsei? Ha jo 't nijs al heard dat ik werom moat? 'k Ha 't sels noch gjin ûre lyn heard, en ik haw der mei net ien oer praet! TOMAZ:
Mei net ien - allinne wol mei Yann ar Gall, dy't by dy yn 'e herberge siet, en nou kinst der mar fan op oan, dat er it de hiele buorren oerbrocht hat. Ast it stilhâlde woest, dan wiest oan 't forkearde adres! GWILHOM:
Stilhâlde? Nou né, fansels, dat wie alhiel myn doel net. En jo binne de earste ommers oan hwa't ik it fortel, en ik wol mei-ien ôfskie fan jo nimme. TOMAZ:
‘Wy’ binne de earsten, bidoelst, hwant myn wyfke Elen | |
[pagina 279]
| |
en dou kenne inoar goed genôch om ek ôfskie fan inoar to nimmen...
(Hy sjocht efkes nei Elens read-forbjustere antlit)
. Dus, eh, it sil wol efkes oanhâlde, ear't wy dy hjir wer sjogge?
GWILHOM:
Grif in jier. ELEN
(yn harsels):
In jier! GWILHOM:
Dat is to sizzen, as ik net mei útfar. As ik útfar mei 't eskader, dan wurdt it twa jier ear't ik wer forlof krij. ELEN
(forslein):
Twa jier! TOMAZ:
Oars wied er alle sneinen kaem op 't fytske!
(Hy skatteret)
.
ELEN
(falt út):
Stek him net langer de gek oan! It is hwat foar syn earme âlden, dat er net geregeld mear thúskomt! GWILHOM:
Och, dat binne hja wol wend.
(bisiket dizze flater wer goed to praten)
. Hja sille my fansels wol misse. Ik kaem alle kearen om heit en mem thús, fansels, oars om n't ien, dat 's wier!
TOMAZ:
En sels ast om net ien oars kaemst! Fuort mar, it sil dy gau genôch forgetten wêze. Yn Toulon kinst in soad wille ha, ha 'k my fortelle litten. In bêdfol froulju! en ast kreas bist, allegear forgees. Sjochris Lom: it earste frommeske datst der krijst, net forjitte in kykje fan har to stjûren, hear! 't Sil ús deugd dwaen har hjir to bisjen.
(Hy formakket him om de útwurking dy't syn grapke op 'e forbûke Gwilhom en Elen hat, en dan freonliker):
Ik soe dy graech in glês wyn oanbiede om dy ‘Farwol’ ta to winskjen, mar it wurdt myn tiid. Drink lykwols in gleske mei Elen. Ik soe net graech wolle dat de soan fan Paul Jestin sizze soe, dat er yn myn hûs net gastfrij ûnthelle wie.
(Fûstket mei Gwilhom)
. Nou, Lom, goede reis en ast dêr oan 't wiif slaggest, lok, seine, en in húshâlding sûnder mûzen.
(Hy giet mei 't tou ôf)
.
(Elen sjocht mei eagen dy't hate sprekke ta it rút út).
ELEN:
Hwerom hast him net deabruid? GWILHOM:
Ja, it falt net ta it praet fan sa'n man oan to hearren. Mar om dy ha 'k it oer my komme litten. Wit er dus, hwat der tusken ús is? ELEN:
Faeks al, faeks net, mar ien ding is wis: hy hat der de rook fan. Sjoch, hoe hoeden men yn sa'n ellindich lyts gat as ditte ek is, men giet samar oer 'e tonge. En ik stean dy faem fan ús ek net. O, hwat ha 'k al hwat prippers fan him to forarbeidzjen krigen. In ûrke lyn woed er mar net dien-ite, dat it bigoun my yn to baernen, hwant dou sietst yn 'e herberge to wachtsjen - en doe frege er út 'e gek, oft ik de trein faeks noch helje moast! GWILHOM:
Dou moatst wol in min libben ha by sa'n fint. ELEN:
Ja, oft ik mei de trein nei Brest moast? frege er om my to narjen, hwant hy tinkt dat ik hjir mei in ein tou om 'e hals fêstsit as in tsjoare kou!
(hja himet der oer; dan skreaut hja):
| |
[pagina 280]
| |
Goed dan! Ik sìl mei de trein! Ik gean hjirwei, dat doch ik! It libben is my hjir in hel! Ik wol by dy keardel wei, ik wol mei dy nei Toulon - o, jonge, dou wolst dyn Lenig wol mei hawwe, net? GWILHOM
(ien en al glimk):
Fansels leave! O, Lenig, wolst dat om my dwaen? ELEN:
Jawis, en sûnderdat it my komt to muoijen, sit dêr mar net oer yn.
(hja krûpt Gwilhom oan)
. Ik hâld ommers sa fan dy, Lomig! Mar hìm, ik mei him net snuven hearre! Ik haetsje him!
(hja skuort har los út Gwilhoms omearming en rint nel de kast; hja hellet der in koffer út en klean; hja triuwt de klean hastich yn 'e koffer, en seit op 'e selde mjitte yn brutsene sinnen):
Wachtsje mar, Tomaz, myn man! Dou kinst my nytgje safolle ast wolst, it docht my neat, hwant myn man is nou Gwilhom Jestin! Net foar dy sil ik langer wrame! Mar yn syn earmen sil ik sliepe, alle nachten...
(Gwilhom stoarret troch it finster)
.
GWILHOM:
Siz, kin er net hommels weromkomme? ELEN
(noch oerstjûr):
Hwat soe dat noch? Ik bin net bang fan him.
(har koffer is nou fol, tò fol, hja kin him net ticht krije; hja kuollet hwat ôf)
. Kom, lit ús togearre efkes drinke, sa't hy it ús foarsloech. As er al komt, soe it him net frjemd oankomme datst hjir noch bist.
(hja pakt in flesse wyn en twa glêzen; ûnderwiles slacht Gwilhom de eagen op in krante dy't op 'e tafel leit)
.
GWILHOM:
Hast dat lêzen fan dat ûngelok yn Guisseny?
(Elen skodhollet)
. In douane-man siet yn 'e herberge mei in pear maten, en soe har de nije revolver sjen litte, dy't er krekt krigen hie.
ELEN:
It oare kin 'k wol riede. Wie de revolver laden? GWILHOM:
Krekt. Him tocht fan net, hwant hy hie de kûgels der de foarige jouns úthelle. Mar syn wiif hie se der wer yn dien, hja wie bang foar dieven. ELEN
(ôfwezich):
't Soe kinne. Mar dat 's net itselde. GWILHOM:
Itselde as hwat? ELEN:
Ik bidoel - In revolver, dat is hwat - In frou moat net - In revolver - Tomaz hat ek wol ien.
(Katou komt op)
.
KATOU:
Hjir binne de jirpels. Kinstou dy noch skile, Elen? Ik moat it guod noch fan 'e line helje. ELEN:
Hast ek in eintsje tou foar om dy koffer? KATOU:
't Is hjir ommers ien too, allegear too. ELEN:
Fansels, mar dy binne to lang; 't is skande en fykje dêr in ein ôf. KATOU:
Wachtsje efkes. Dat brutsene stik is der noch. Dat 's moai | |
[pagina 281]
| |
fan pas.
(hja hellet it tou, jowt it Elen en giet ôf)
.
GWILHOM:
Sjonge! Dat 's in moai eintsje foar in koffer! ELEN:
Foar in koffer faeks. Mar foar hwat oars?
(hja langet Gwilhom it tou oan)
. Dou hast forstân fan tou, net? Hwat seist hjirfan?
(Gwilhom bisjocht it tou mei stúdzje)
.
GWILHOM:
Hwat wolst der mei dwaen?
(út 'e grap)
Dy forhingje?
ELEN
(earnstich nei hwat mimerjen):
Ja, ik sil my forhingje. GWILHOM
(noch út 'e grap):
Kinst dan net in better eintsje fine? ELEN
(in bytsje toloarsteld):
Is 't wierlik goed tou? GWILHOM:
Ja - dêrstou it foar brûke wolste, wol. Ik bidoel, sa gau as't hingest, knapt it. ELEN
(libbet op):
Bist dêr wis fan? GWILHOM:
Dit tou sil de knapste fint forrifelje, mar in goed séman net.
(hy pluzet de kearn út it tou)
. Dit is hwat se by ús falske himp neame. As it wiet west hat, wurdt it nea wer droech, en as 't ienkear rottet, is it wei. Sil 'k de koffer foar dy tichtbine?
ELEN:
Noch net.
(hja bigjint to jirpelskilen)
.
GWILHOM:
Mar - komst sa noch wol op 'e tiid klear? ELEN
(wifkjend):
As ik gean, hâldt dat noch net yn dat ik de jirpels net skile sil. It liket my trouwens better ta en kom op 't alderlêste stuit by 't station oan. GWILHOM:
Soa. En dôch sille de minsken dy likegoed gean sjen. ELEN:
Dat tink ik ek wol.
(hja is efkes stil)
. It is by eintsjebislút better, as ik in skoftsje letter gean, fanwegen de praetsjes. En boppedat, as ik frij reitsje...
GWILHOM:
Frij? Hwat wolst dêr mei sizze? ELEN:
Ik bidoel - eh - faeks koe 'k it regelje mei Tomaz, en mei syn tastimming fuortgean. GWILHOM
(yn twivel):
As dat kinne soe, is 't fansels helte forstanniger. In bislút kin men gau nimme, mar it kin jin foar 't libben muoije. ELEN:
Och, hwat dat muoijen oangiet - syn leed sil nimmen komme to muoijen. GWILHOM:
Doch hast in goed thús, en alles hwatst bigearst. ELEN:
Dat 's wier. Hy misgunt my neat, dat moat 'k him neijaen. GWILHOM:
Mar dêrjinsen yn Toulon - dêr is it djûr libjen, ha 'k my fortelle litten, en it lean fan in ûnderofsier is net sa botte heech; dat witst wol.
(de tsjerkeklok slacht fiif)
. Al fiif ûre.
ELEN
(yn harsels):
Hwat krûpt dy tiid! GWILHOM
(binijd):
Tinkt dy? Mar ik moat aenst fuort om ôfskie fan ús heit en mem to nimmen. Dus, dou giest net mei? ELEN
(ynienen nei efkes mimerjen):
Né, ik gean net mei. Ik moat it noch efkes oansjen. 'k Wol frij wêze. 'k Sil 't hûs en alles forkeapje, en mei 't jild by dy yn Toulon komme. | |
[pagina 282]
| |
GWILHOM
(forbûke):
Dou silst forkeapje, seist? ELEN
(forbetteret):
'k Soe 't forkeapje, bidoel ik - hwant ik stjûr op skieding oan en alles sil yn twaën gean.
(hja harket nei lûden fan bûten)
. Hearst dêr ek hwat?
GWILHOM
(harkjend):
De bern komme út skoalle.
(hja binne in setsje stil; Elen sit net rêstich; al har oandacht is foar lûden bûtendoar)
. Nou as it lân der sa ta leit, kinne wy ek wol ôfskie nimme. As der hwat bart, skriuw dan mar in rigelmannich. Wachtsje efkes, ik sil dy it adres jaen.
(hy skriuwt; Elen, àl ôfwêziger, stiet ta it finster út to sjen, mei de rêch nei Gwilhom ta; hy is klear mei skriuwen en wachtet efkes; dan mei in útsnuter):
Nou, hwat stiest dêr to stean? Botte mâl bist ek al net mei my, en dat op it stuit dat ik ôfskie nimme moat.
(Elen draeit har om mei in forlutsen antlit)
.
ELEN
(bisiket har triljend lûd de baes to bliuwen):
Ja, Lomig, ik bin och sa mâl mei dy. GWILHOM
(sarkastysk):
Stiest dêrom nei dy djoeijende hountsjes to stoarjen? ELEN:
Dou witst net heal hoe mâl as ik mei dy bin!
(hja giet nei Gwilhom ta en krûpt him still oan)
. Hwatst allinne witte silst, leave jonge, is dat ik om dy myn siel forlies... Foar myn lok mei dy op ierde, keapje ik de ivige fordommenis!
(dêr kloppet immen oan 'e doar; Elen skuort har los út Gwilhoms earmen, har antlit stiet forkrampe fan skrik, en hja uteret in gjalp)
.
GWILHOM
(sjocht har foralterearre oan):
Hwat skeelt dy? It is Tomaz net, hwant der wurdt kloppe. ELEN:
Dat is 't him krekt - krekt omt der ien kloppet! GWILHOM:
Fuort nou, doch iepen, of se sille der ik-wit-n't-hwat fan tinke!
(Elen wifket noch)
. Wolst graech dat 'k fuortgean?
(Elen knikt fan ‘ja’; Gwilhom snjit troch de doar oan 'e rjochterkant ôf; Elen docht de oare doar iepen)
.
IN MAN
(op 'e drompel):
Is Tomaz yn? ELEN
(as yn in dream):
Né. DE MAN:
Is er om itenstiid hinne thús? ELEN:
Dat wit ik net. DE MAN
(ûnforduldich):
Hy komt doch wolris wer thús, net? ELEN:
Dat wit ik net. DE MAN:
Hawar, as er komt, siz dan, dat er fuortendaliks by de Jaouens komt foar in driuwend karweike. Ofpraet!
(De man giet fuort; Elen docht, noch altyd slim ôfwêzich, stadich de doar ticht, en as se har omdraeit stiet hja lyk foar Katou oer, dy't de doar oan 'e rjochterkant ynstouwen komt)
.
KATOU
(hymjend):
Elen, der is in ûngelok bard! ELEN
(skriemend):
Né, dat 's net wier, dat 's net wier!
(hja Tint ôf
| |
[pagina 283]
| |
troch de doar rjochts; Katou sjocht har forslein nei; Tomaz komt lofts op en sjocht it hear oer)
.
TOMAZ:
Is Elen der net? KATOU
(fielt har neat net noflik):
Né, hja 's krekt fuort. TOMAZ
(in bytsje ûngerêst):
Oh! KATOU
(nei hwat wifkjen):
Harkje, Tomaz. Ik moat jo hwat fortelle, dêr't jo net om laitsje meije. TOMAZ
(alhiel ûngerêst):
Hwat is 't? KATOU:
Ik haw de kou tsjoare, sa't jo sein hiene. En nou hat er der peal en al útlutsen en is fuortroun. De himel mei witte hwerhinne. TOMAZ
(sykhellet rommer):
Nou, is dat alles? KATOU:
En Elen wie alhiel mâl, sa to sjen, doe't hja it hearde; hja fleach it hûs út.
(ropt):
O - leave sij! Hwat in ramp!
TOMAZ
(treastget har):
Kom, kom bern! Net sa'n soargen. Dy kou komt fansels werom as er syn nocht hat.
(hy sjocht it stik tou op 'e tafel lizzen)
. Hwa hat dat tou brutsen?
KATOU:
De kou, Tomaz, wês net lulk op my; ik hie dat lange stik útsocht, dan hie de kou mear romte fan weidzjen. TOMAZ
(pluzet it tou út, yn himsels):
Nou bigryp ik dat it tou to koart wie.
(hy sjocht om him hinne; wilens giet Katou ôf; dan sjocht er de koffer ûnder de tafel stean; hy docht him iepen en bisjocht de ynhâld; út syn gebearten kin men opmeitsje dat er bigrypt hwat him yn syn ôfwêzigens ôfspile hat; dan sakket er, sûnder sels de koffer ticht to dwaen, yn in stoel, en bliuwt treurich mei de holle yn 'e hannen sitten)
.
(Elen komt stadich fan lofts op; hja sjocht de iepene koffer, sjocht Tomaz sitten, en hja bigrypt ek dat hy alles yn 'e gaten hat; hja bliuwt midden oer 't toaniel nei Tomaz takeard stean, de holle bûgd, ont hy har oansjocht).
ELEN
(mei triljend lûd):
De kou is der wer, Tomaz. De koster wie al hjirhinne mei him ûnderweis. TOMAZ
(sjocht Elen efkes oan, dan freonlik):
Ik bigryp wol, wyfke, datstou in pear rare stuiten hawn hast om 'e kou. Ik haw ek in pear rare stuiten hawn om dat forhipte ein tou. Mar Us Leaven Heare hat alles ynoarder makke.
(wiist nei in stoel foar him)
. Kom, gean der by sitten, en lit ús togearre hwat drinke, ont it iten gear is!
(kleed sakket)
.
Neiskrift: Dit Bretonske stik Gwreg an Toer waerd skreaun yn 1942 en publisearre yn it tydskrift Sav (nr. 24, simmer 1942); op forsiik fan de Welske BBC yn Cardiff hat Arzel Even der in Ingelske oersetting fan makke, dêr't dizze Fryske versy - mei minlike tastimming fan de widdou fan de oarspronklike skriuwer - wer neffens makke is troch Klaes Dykstra. |
|