De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 284]
| |
Op it harspit:It waer en de seksualiteitFedde Schurer hat út de skôging fan Lolle Nauta oer Mei de pinne helle it ritme en de liturgy fan de letters ûnder de loupe nommen en yn dat forbân mei rjocht pleite foar de goede namme fan anejousma. Der binne lykwols yn dizze krityk ek in pear eleminten, dêr't Schurer jit net op yngien is en dy't dochs, neffens my, fan bûtenwenstige bitsjutting binne. Ik ha mysels, as ik meidie oan de Rely Jorritsma-priisfraech, wolris ôffrege: hwat biweecht my? Ik doarst dan net troch to dollen nei de dûnkerste djipten fan myn ûnderwêsten. Dat it ús alderearst om it jild to rêdden is, is gjin forbjusterjend nijs. Mar Lolle Nauta taest fierder en neamt as biskiedend motyf: hoe wurd ik in persoanlikheit? Hjir klaeit er ús oant op 'e bonken út en steane wy biskamsum yn ús skelet. Ik alteast doar dizze deskundige analyse net to ûntstriden. Ik sit al sûnt myn bernejierren tangele mei in minderweardichheitskompleks en wrot myn hiele libben mei de earmtakken, om, ear't it to let is, in skyn fan persoanlikheit to bimasterjen. It is my net slagge, yn de litteratuer net, yn myn deistich wurk net, op gjin inkeld terrein. De Génestet syn distichon forfolget my nacht en dei. Ut dizze wanhopige situaesje wei haw ik my in pear kear yn de striid om de Rely-priis wurpen as in lêste kâns. Ik bigryp nou ek, hwerom't priiswinners as Obe Postma, Geart Jonkman, Gerrit Mulder en oaren dizze arena yngien binne. De binearjende fraech: how do I become a writer? hoe wurd ik in persoanlikheit? hat harren dreaun en fitere. De djiptepsycholooch, dy't in skriuwer sa ûntmaskeret en oan syn sûnden ûntdekt, kin men net heech genôch oanslaen. De jury foar de Rely-prizen, sil, tinkt my, tonei mei dizze krityk, dy't it karakter fan in apostolaet oannimt, omraek rekkenje moatte. Ta heil fan de Fryske morael. Ik wiis lykwols jit op hwat oars, fan helte greater wûnder en gewelt. Jaarsma, De Haan en Rienstra hawwe yn har forhael metéorologyske eleminten forarbeide, Rienstra en ik, mei of sûnder wurden, seksuéle. Dat wy sadwaende meiinoar yn in kosmysk-psychologysk forbân kamen, hiene wy gjin aen fan. Mar Lolle Nauta, dy't by Freud en Jung bern yn 'e hûs is, hat it daliks bigrepen. Ut it ûnlijige waer fan Jaarsma, De Haan en Rienstra, folget neffens him logysk de brodzige seksualiteit fan myn Yntermezzo en by sjocht sels kâns om by Rienstra pornografyske assosiaesjes op to roppen. Soks is allinne de master biskern, dy't as in seismograef réagearret op de lichtste atmosfearyske en seksuéle trillingen. Myn hulde! Ik ha by in Freud-discipel lêzen, dat alle godstsjinst en ek de rop fan Israël om Jeruzalim oars net is as sublimearre seksualiteit. It woe my min oan, mar nou't ik Nauta syn skôging lêzen ha, wol ik wol yn goedens. Ik sil tonei de waerbirjochten fan De Bilt mei oare en banger earen biharkje, en ik wit yn hokker ôfgrounen ik skôgje, as de ivige depressys by Ierlân my binearje. En it binaudste is, dat myn réaksjes op tonger, stoarm en mist in oar biwege ta it skriuwen fan in brodzich forhael. In solidariteit dêr't men fan ryd- | |
[pagina 285]
| |
bosket. It is Lolle Nauta syn greate fortsjinste, dat er dit mystike forbân tusken metéorologyske en seksuéle driften en dêrmei ús mienskiplike need sa ûnmeilydsum bleat leit. Dat yn lêste ynstansje de biskikkingen fan Jorritsma syn testamint de oanlieding west hawwe ta dizze ûntdekking yn de geastlike romtefeart, mei de lju, dy't noch altyd gâns krityk op de priisfraech hawwe, oan 't neitinken bringe. INNE DE JONG | |
Diskusje oer in kanarjeboekjeYn ien opsicht binne de beide krityske kritiken op myn krityk ûnkritysk. SchurerGa naar voetnoot*) en de jong swije oer de kwaliteit fan de mei de pinne helle en mei jild bitelle forhalen. It bisprek fan lolle nauta wie der fier by troch. Dat mei genôch wêze. Oft it genôch is? De mei-de-pinne-hellers soene faeks wol witte wolle, hwat men fan har tinkt, mar master schurer en konfrater de jong hâlde wyslik de finger op 'e mûle. Ssst! De rely-riders hawwe nou wol net har gerak krige yn De Tsjerne, mar hja ha hâldfêst genôch oan de miening fan de karkommisje. Dêr sitte altyd bitroubere lju yn. Mannen, dêr't eltse krantelêzer fan wit, dat hja mear sjoege fan litteratuer ha as in gewoanenien en minsken, dy't maetskiplik genôch binne en hâld der yn saken fan kunst en litteratuer gjin gefaerlike foaroardielen op nei. Officials en podiumsprekkers, dy't de regels fan it kanarjeboekje: hoe bring ik it ta skriuwen? of faeks fan it oare dieltsje (nû. 79): hoe lear ik priisskriuwen yn it iepenbier? ût 'e holle kinne. Gjin wadman, mar in schippers; gjin freark dam, mar in jan piebenga en ynpleats fan in amsterdamske marten in fryske hindrik. Dêr wurdt lykwols oer swijd. Moat jim ris hearre, hokker ûnsin dy nauta forkundiget. It waer, de problemen, it jeuzeljen en ta de saek kommen, en de seksualiteit! Oft dat eat mei litteratuer to meitsjen hat? Hy is in múske en in ‘tsjinstanner fan forkrongen seksualiteit’, skriuwt schurer, dy't irony mei irony biantwurdet en de jong, hwaens irony sa moedsum is, dat de situaesje suver earnstich wurdt, moat fuortendaliks oan de djiptepsychology tinke. Dat kin ek suver net oars. As ien it safolste forhael oer de kollektive neurose, dy't hja fryske ynbannigens neame, op it harspit nimt en boppedien de kostlike leafdeslyryk fan terpstra-en-dy, dan moat dat wer sa'n ien wêze. Frysk-tradisioneel of freud-discipel. Entweder Oder. Etiketten moatte der bliuwe. Adam is der al mei bigoun, doe't er as earste fan in oaljefant sei, dat it in oaljefant wie. Oer it probleem fan it kanarjeboek, dat wol sizze oer de fraech, ynhoefier't it proaza yn Mei de pinne helle folslein tradisioneel is, sizze hja beide neat. It is ek pynlik. Like pynlik, as hwannear't men de foarsitter fan it boun fan fryske slachters, dy't in goed en forneamd sprekker is, freegje soe: op hokker sukseskursus ha Jo dat sprekken leard? Myn litteraire ynteresse biheint him hoe langer hoe mear ta in | |
[pagina 286]
| |
greate niget oan kanarjeboekjes. It is binaud en it liket suver wol in kompleks. Mar dêrom kin it my neat skele, menear de jong, as Jo graech hwat jild fortsjinje wolle en Jou minderweardichheitskompleksen ynteressearje my noch folle minder. Ik konstatearje allinne, dat Jou forhael Yntermezzo, dat noch net iens it minste stikje is út Mei de pinne helle, nettsjinsteande dat, de regels fan: hoe lear ik priisskriuwen yn it iepenbier? kreas neikomt. Ik haw it hawn oer it logyske forbân tusken de regel oer it waer en dy oangeande de seksualiteit en Jo persiflearje dat, omdat Jo de logika fan it al earder neamde boekje ûntkomt. It spyt my dat ik nei oanlieding fan de hollywoodsfear yn Jou stikje tafallich oer de seksualiteit bigoun bin. Net omdat ik nei schurer syn tirade en Jou jeremiade net mear leau oan it forbân tusken de meteréology en it seksuéle libben fan de ynbannige fries en net mear fan miening wêze soe, dat der in nijsgjirrich essay to skriuwen is oer de temperatuer yn de litteratuer, mar omdat der noch wol mear regels binne, der't Jo Jo ek kreas oan hâlde en dy't Jo noch lâns in oare wei logysk yn forbân bringe mei de skriuwer fan De treppen, it kostlikste forhael út de bondel. Net mei it wurk fan jonkman en postma dus, der't Jo Jo sûnder reden op biroppe, mar mei it oeuvre fan founssekretaris rienstra. Dy regel is sa: soargje foar in agraryske sfear en lit as it mar heal kin, alhiel in idyllyske yndruk by de lêzer efter. It stedsfamke, dat ‘sa faei is foar party sterke mannen’, nimt yn Jou forhael deselde funksje waer is de moderne flat yn it kunstwurk fan rienstra. Beide soargje hja foar in (melo)dramatysk yntermezzo yn de plattelâns-idylle en hja binne beide, as ik it sa sizze mei sûnder oan de erotyk to tinken, ûnbiwenber. ‘Hy wie in Adema en woe en soe dit yntermezzo wer toboppekomme.’ En rienstra: ‘it romme fjild en de buorster huzen.... hjir bin ik thús, dit is myn plak.’ O, sil fedde schurer sizze, dy't de regels fan it kanarjeboekje omkeart om se dêrnei op my ta to passen: nauta wol net allinne in fikse buoi by in brulloft, mar as breid en brêgeman har op it plattelân ta wenjen sette, dan móát sok in houlik op neat útrinne. Soks mei geastich lykje, it is guodkeap en tsjoget foar de swart-wytskema's yn schurer syn ‘letterkunde’. De jong en rienstra binne nammers op dit punt net oan it skriuwen, mar hja lige en ha yn it bêste gefal in blynkape foar, omdat sok plattelên bûten de ynfloeds-sfear fan de stêd net mear bistiet. As it der noch al is, heart it ta de probleemgebieten fan fryslân. It etif hat yn dit stik mear aen fan hwat der omgiet as de fryske skriuwers fan it kanarjeboekje, dy't neffens regel en foarskrift de eagen ticht hâlde en dy foarlopich ek wol net opdwaen sille, nou't bliken docht dat fedde schurer - ik kin jimme net sizze hoe't my dit ôffoel - ek meisûzet. Lykwols bin ik schurer tankber. Foarst, omdat er myn kompleks tsjin ane jousma bleatlein hat. Hy hat gelyk. As men de namme fan in skriuwer mei kapitalen skriuwt, hat men hwat tsjin dy man. Twad bin ik him tankber foar syn bilwieren tsjin it ‘jeuzeljen oer tafallichheden’, dêr't ik op út woe. Ik sjoch yn, dat dat forkeard fan my wie. Safier moat it net komme yn ús litteratuer. It is foar de dúdlikheit better - dêrom haw ik dat ek de earste regels fan it kanarjeboekje neamd - dat men op de earste side al yn de rekken hat, hoe't alles ôfrinne sil. Men hoecht mar in pear rigels fan joyce of w.f. hermans to lêzen, om to ûntdekken dat dit de ûndergong is | |
[pagina 287]
| |
fan de minsklike weardichheit. As men, lykas jo smit, skriuwt oer it stellen fan slypmesyntsjes, hwer is dan de ein? Dat is ûnsin en jeuzeljen en de fryske parse, foarsafier't se alteast de forhalen fan jo smit bisprekt, hat dat ek dúdlik útsprutsen, doe't Detectivestory yn De Tsjerne forskynde. Litteratuer is der net, om de minsken de wurklikheit sjen to litten, dêr't hja by de dei lâns yn libje of om har wekker to skodzjen. Dat giet allegearre fierstentofier. Ik bin lykwols net binaud, dat it sa fier komme sil, salang't der yn fryslân forhalen bikroand wurde, dy't yn in oar taelgebiet in goed deiblêd net iens opnimme, lit stean dat in litterair tydskrift se bisprekke soe. In skoft lang wie ik bang, dat quatrebras, it meast avantgardistyske tydskrift yn ús kontreijen, mei nije idéen foar it ljocht komme soe. Koartlyn haw ik lykwols de lêste fjouwer nûmers fan dat tydskrift mei avantgardistysk omslach ûnder eagen hawn en ûntdutsen dat 80% fan de kopij net boppe de kwaliteit fan in gymnasium- of hbs-bledtsje út komt. Hulde oan de ûnbikende skriuwers fan it kanarjeboekje, dat hja sa progressyf west ha en ried de lêste en nou al hast wer útforkofte edysje fan nû. 79 ta mei in stikmannich foarskriften foar eksperimintearjende litteraten. Lit my earlik wêze, menear schurer, der stie oer de kritikus neat yn, mar de lytse letter wie der àl by. LOLLE NAUTA |
|