Krityk yn it koart:
Tradysje yn haldershan
A.A. van der Werf, Yn 'e berm lâns.
A.J. Osinga N.V., Boalsert 1957. Kr. Fr. Folksbibleteek nû 31.
It moat hjir wol bisprutsen wurde: de útjower hat it stjûrd, de redaksje hat de winsk kenber makke, en de wizânsje wol it nou ienris, binammen yn Fryslân, om't dêr it forskinen fan in boek yn eigen tael altyd noch in wichtich barren is, hoe't dat boek fierder ek útfallen wêze mei - in barren, dat yndie in tankbere registraesje fortsjinnet. Oft dêr lykwols altyd in litterair tydskrift oan to pas komme moat, is in oare fraech. Hwant in boek lyk as dit hat mei litteratuer doch wier net folle út to stean, in gelok foar boek en litteratuer beide!
Dêr wol net mei sein wêze, dat dit boek der net komme moatten hie; krektoarsom: der soene alle jierren helte mear fan sokke boeken skreaun en útjown wurde moatte yn Fryslân. En dizze jefte is boppedat knap yn oarder hwat tael en styl en stavering oanbilanget. Der soe dêrom sels neat op tsjin wêze, dat it útdijde ta in trilogy.
De trilogy sit der dúdlik al yn: yn dit foarste diel komt de lêzer yn de kunde mei in arbeidershúshâlding en in boerehúshâlding, dy't it net meiinoar roaije kinne fanwegen leafdesperikelen yn it forline. De arbeider forstjert al yn it bigjin fan dit diel, wylst de boerinne oan de ein yn de kream weirekket. Dêrmei wurdt dan it paed sljochte foar in nij houlik, fan boerewidner en arbeiderswiddou, yn it twadde diel út de doeken to dwaen; en dan kinne de arbeidersjonge Fêdde en it boerefamke, dy't inoar yn dit diel al min ofte mear foun hawwe, yn it tredde as boer en boerinne op de pleats komme of byneed sels al by de widze fan it earste bern stean to glimkjen.
De geduldige lêzer sil dan tofreden suchtsje kinne, dat is de hear Van der Werf wol tabitroud! Hwant sa'n lokkich bislút kin