sûnder him oan to stekken. It gefal wie dúdlik en dêrmei foar harren út op in stik papier nei, dat yn it rapporteboek troch de polysje as de saek-Alberda byset waerd. Lyk as it stoflik oerskot fan de haedpersoan sels earne op it tsjerkhôf fan it doarpke, dêr't er berne wie.
De saek-Alberda wie ôfsletten. Mar der waerd fansels wol oer praet. Yn it foarste plak troch Fan Dyk en Sybrigje, dy't lange jounen mei aloan deselde wurden dolden nei it geheim, dat ûngrypber wie. En fierder yn de strjitte, dêr't men Alberda deis inkelde kearen op en ôf syn fyts stappen seach en dan binammen ek op 'e h.b.s., dêr't efkes it praet oer alderhande wenstige dingen nei de eftergroun treaun waerd.
It doarpke, dêr't Tsjalling Alberda as iennichst bern fan ryklik âld troude lju opgroeid wie, waerd der suver wer hwat libbener troch. Der waerd ophelle, dat Tsjalling altyd al hwat in aparten-ien west hie. By it polsspringen, fuotbaljen, keatsen, knikkerjen en soksoarte dingen meast op syn heechst taskôger en allinne yn it learen in útrinder. It is bigreatlik, sa'n jonge fint noch, seinen de âlde doarpswyfkes.
En oeral, yn de strjitte yn 'e stêd, ûnder de learlingen en learaers fan de h.b.s. en yn it doarpke gie de fraech: Hwerom? De tradisionéle oanlieding foar in man om der in ein oan to meitsjen, binne jild en froulju. Dy kant út waerd wol wakker socht, mar nimmen foun hâldfêst. Mar in inkelden-ien wist der hwat mear fan, en dan noch mar foar in part.
Om de saek ‘roun’ to meitsjen, lyk as dat yn de terminology fan de polysje hjit, moatte wy Tsjalling Alberda der sels wer yn bihelje. Net troch spiritistyske wei, hwant dat docht foarsafier't ik wit yn ditsoarte fan dingen nea net folle fortuten. Né samar, mei in foege tobektaest.
Wy sette dus Tsjalling Alberda wer as Ingelske learaer foar de klas yn de h.b.s. to..., nou ja, it hat mei de kearn fan it forhael ek neat to meitsjen. Hwat in ûnsjogge, meagere jongeman, justjes yn de tritich; yn syn eagen leit hwat skrutenens, as by immen dy't oanienwei bang wêze moat foar in oanslach of sokssahwat, mar dat is hwat, dat ûnder learaers wol mear foarkomt en dus neat gjin bysûnders. Nijsgjirriger is grif dat er net troud is. Uterlik is er yn gjin gefal it type, dat it gemeentehûs mijt, omdat men mar mei ien tagelyk trouwe kin en de natûr dochs foar safolle kreaze froulju tagelyk soarge hat. Men soe earder forwachtsje dat der hielendal gjin frouljusfleis oan him sit. Mar dat forrifelt jin, lyk as by de measten dêr't men soks fan tinkt. Allinne, hy hie