De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 214]
| |
Huber, hwant it hat aen fan kultuer. Wurden as psychologysk, bistjûrslid, libbensfrage, advokaet, morael, planologysk en asosiael wit it fan. As it Juffer Kuorkebier op de jierdei kriget, sil it der in wurdboek by ha moatte yn tsjinstelling ta de lytse lêzer fan De Mâlbroekmich, dy't wurden hearre sil, dêr't alle wurdboeken yn alle talen oer swije: tingeltangelpet, kroltsjeprak, otterpatotter en liddelliddelsjoesjoeliddelliif. It is by Lucebert en Elburg om 't ôf. Wylst it bern fan Tiny Mulder libbet tusken de poalen fan de Tsjernelêzer en de skoaljonge, fynt dat fan Diet Huber syn utersten oan de iene kant yn de lytse minske, dy't noch net op skoalle is en oan de oare kant yn de eksperimintearjende dichter. It brûkt foar it eigen bilibjen eigen wurden. Sokken, dy't eat mienskiplik ha mei de dichter en mei it bern, dat troch it evangeelje de minske as in wierheit foarhâlden wurdt, sil men ek ûnder de Tsjernelêzers fine, mar it eigenaerdige is, dat men se yn prinsipe yn eltse groep of geastlike stân oantreffe kin. Fakentiden sille hja har har dichterlikens net biwust wêze, mar hja hawwe in libbene fantasij, meije graech oer in kleurich forteltsje en kinne har fornuverje yn tsjinstelling ta in soad oare minsken en litteratuerkonsuminten, dy't har der foar skamje sille en genietsje fan Jan Hannekemaei, dy't op it dak siet to fiskjen, mar mei hûs en al fan in greate snoek meinommen waerd; of fan de skuon fan Muoike Rom, dy't seine: ‘Kom, wy rinne mar ris in eintsje om!’ Hwat Diet Huber direkt tagonklik is troch har libbene, artistike fantasij, moat Tiny Mulder yndirekt bimasterje mei help fan it yntellekt. Hja giet net út fan in fantastysk wurd, lykas Diet Huber dy't bysteat is en lit it wurd boartsje mei himsels, mar hja nimt har útgongspunt yn in biskate situaesje: de koekoek dy't syn aei yn oarmans nêst leit of de tastân yn Moddergat, dêr't op it lêste eagenblik fan it âlde jier alle klokken stikken giene. Dêr kin in aerdich fers útkomme, mar soks hat dan negative gefolgen, as hja it fantastyske elemint ienfâldich troch omkearing fan de situaesje yn it fers bisiket to heljen: hja lit bygelyks in mûs in kat opite; skilderet yn Prinseske Foddebosk in lân, dêr't de minsken it mier oan waskjen hawwe of skriuwt in smaekleas fers as Jeltsje en Jantsje, dy't simmers de kachel oan ha, winters sitte to klomjen, nachts wekker binne en deis lizze to slomjen. It fantastyske ûntstiet lykwols net troch omkearing fan it logyske. It is in typysk yntellektueel misforstân dat to tinken. It fantastyske - b.g. hwannear't Diet Huber fortelt fan De Bargebiter, dy't boppe op de Aldehou wennet - mei ûnmûglik | |
[pagina 215]
| |
wêze, foarsafier't der op de Aldehou net fan sokke bisten húsmanje, it ûnmûglike is net by foarrie fantastysk. Foar de wrâld fan de fantasij is in eigen logika nedich, likegoed as foar dy fan de dream en it mearke. Ek dat forjit Tiny Mulder somtiden. As hja fan de Foddebosken seit, dat hja it mier oan waskjen hawwe en tagelyk meidielt, dat dizze minsken net better wisten, dan is dat net logysk. Men kin yn in fers fortelle fan minsken, dy't har net waskje, mar dat hâldt net yn, dat men mei dit thema mar alles dwaen kin, hwat men wol. Sels smoarge minsken libje neffens in biskaet prinsipe... It bern fan Tiny Mulder is bihalven skoaljonge en... Tsjernelêzer ek rebel. It hat der nocht oan en stek de kultuer, dêr't it fan libbet, út en troch ris goed de gek oan. De minste fersen yn Juffer Kuorkebier binne dêrom dy, dêr't de skriuwster net folle mear yn docht as it omkearen fan de bisteande situaesje, de bêste dy, dêr't hja fan dyselde omkearing in goede persiflaezje wit to meitsjen. Har fersen binne dan goed, as hja, lykas dy fan Annie M.G. Schmidt, de kabarettekst tige nei oankomme. Dêryn forskilt hja fan de kunstneresse Diet Huber. Dy har bern libje net allinne op de plakken, dêr't de minske it himsels permittearret karnaval to hâlden, mar oeral dêr't er it him noch tastiet om to libjen. Dêr kin men wurden foar brûke as ‘artistyk’ of ‘litterair’, mar men kin sokke wurden ek weilitte, omdat hja docks net folle mear oantsjutte, as dat de minske ûnder de minsken fûgelfrij is. Fûgelfrij, dat is de eksistinsje fan Feitse Fûgelnoas, hwaens portret by dizze krityk ôfprinte wurde kinne moast, om tagelyk de grins fan dy krityk oan to jaen. Feitse is gjin rebel en gjin konformist, hy is likemin kultureel as antikultureel. Hy is net mear en net minder as
.....Feitse Fûgelnoas,
op ien skoech en op ien hoas
rin ik troch it Fryske lân
mei myn fûgeltsjes fuort by de hân;
sliepe nachts en sjonge deis,
altyd binne wy ûnderweis.
|
|