De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 211] [p. 211] Tsjits Peanstra: Ramayana Mata Hari ta liet en douns In liet foar de moarn in liet foar it ljocht in liet foar it lok in liet, in liet foar de douns! Toeve net oan smelle streamen ienris Râma? Ut 'e dreamen kaem, ûntweitsjend, ûnbidoarn, rank en rizich yn 'e mourn, licht fan Siva's bôge wekke, as in blide fûgel oan rank en rizich yn 'e mourn: Sîtâ, godlik, ûnbidoarn. Lykwols waerd op heite' troane Bhàrata ta kening kroane, froulju's mûklist, falsk en wreed brocht wol faker rou en leed; hommels woerd it pear forballe en bistoarme ûnk en need Râma, Sîtâ, dûm en wreed, froulju's mûklist berne leed. Ienris, doe't it beamt jit dreamde; 't earste ljocht oer 't boskpaed streamde, hymjend kaem, yn d' iere moarn in goudene gazelle oan, fan Ravàna, heislik munster stjûrd ta lokies, kreas en skoan. Wé dochs! Sîtâ ûnbidoarn, folge 't dier yn d' iere moarn. Apen stjûrd nei alle streken namen Sîtâ net geweken, om't hja wisten: Râma's frou waerd har leafste net ûntrou. Doe hat Râma sels har helle, Ravàna deadzjend mei ien hou. By Siva! sei er, wiest' myn dou wiestou my wol altyd trou? [pagina 212] [p. 212] 't Wie syn twivel dy't har fierde nei it yngewant fan d'ierde, Râma hie dit reine bern twiveljend foargoed forlern. Him bikleijend by de goaden - hwa bispoun mei kleijen jern? - wist er har foargoed forlern, wist er ivich har forlern... Nei ieuwen fart nou Sîtâ's geast yn dy; dou hast dyn reinheit bidutsen mei sawn walen, aenst silstou foar him dounsje, aenst silstou dyn walen ien foar ien foar him ôflizze, aenst silstou him aenst sil by dy forriede... Vorige Volgende