De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 208]
| |
[pagina t.o. 208]
| |
MATA HARI
Nei in yn 1914 Parys troch Pyt van der Hem skildere portret, yn eigendom by Juff. J. van den Berg to Hilversum | |
[pagina 209]
| |
[pagina 210]
| |
II
dou hast mei
in spiker
in teken fan libben
yn 'e muorre
fan 'e sel skrast
in teken
ûnderdienich oan
de tael
equivalint mei
it wurd
en sûnder witten
dei oan dei
de tiid fordien
útholle ta in
dea each
it libben spjalt
as tarieding
op it geheim
fan de dea
it ljocht brutsen
tusken dyn fingers
it lûd forskûle
yn dyn earskulp
it lichem poreus
oerjown
ta frucht en
fal.
|
|