en reptyl biweegden fanwegen in mechanykje dat lykwols net to sjen wie. De frou hie swart hier, swarte wynbrauwen en greate blauwe eagen; oan de eachhierren fûnkelen in pear triennen. Hieltyd as de slange syn forskuorrende bek iepen die en stadich omheech glied nei har hals, wykte de frou mei boppelichem en holle tobek. Op in buordtsje stie: Mata Hari, danseuse orientale.
Der kamen Simon in pear fersen fan Genesis 3 yn 't sin, hjir waerd dus de fijânskip útbylde dy't de Heare God set hie tusken de frou en de slange, tusken har sied en syn sied. En mei forbjustering seach er it oan. Hy hie de namme Mata Hari thús wol ris neamen heard, mar dat hja mei slangen dounse om in bibelsk tafriel út to byldzjen wie hwat nijs. It tafriel op it front kaem him foar de geast mar hy koe gjin forbân lizze tusken de frou foar 't peleton soldaten en de frou dy't mei de slange wraksele. Dit wie forskriklik om oan to sjen, gâns forskrikliker as de fusillade, mar hy stie dêr as yn 't gat bineile en koe de eagen net fan har ôfhâlde.
Ynienen seach er twa hearen njonken him, elk mei in programma yn 'e han.
- Dus dit is nou Mata Hari, alias Gretha Zelle, sei de jongste.
- Men soe net sizze, sei de oare man, dat dit in Ljouwerter fanke foarstelle moat. It wurdt nou fan 't hjerst seis jier dat hja de kûgel krige yn Parys.
- It hat net noflik west foar de mannen dy't dat dwaen moasten, sei de jongste.
In fanke út Ljouwert, samar in fanke út Ljouwert? tocht Simon. En der stiet: danseuse orientale!
Ynienen hearde er himsels sizzen: - Hwat hat dy frou dien dat se har deasketten hawwe?
De âldste fan de hearen lake, krekt oft er it mar fleurich foun fan dy frou mei de slange, en sei: - Mata Hari wie in spionne.
- In spionne?! Yn Ljouwert?!
- Né, fan Ljouwert. Se hyt einliks Grytsje Zelle, mar liet har yn Frankryk Mata Hari neame.
- Hwerom?
De man loek oan 'e skouders en lake.
Op 'e nij seach Simon Benediktus nei de frou en ynienen moast er gûle. Hy bisocht it noch to kearen mar doe't dat net slagge hechte er ta de tinte út. Sûnder him to bitinken stau er as in wyld troch it merkefolk, de Gastenbrêge oer en de Heidebuorren op. Hy woe, hy moast allinne wêze mei syn fortriet, nimmen soe dit bigripe, hysels faeks ek net. Dêrom