Alhoewol't ik it logysk forbân tusken Hoekema's biswieren en myn ôfwizing fan it útstel-Bonga bislist net sjoch, moat ik him dochs fan replyk tsjinje, om't De Tsjerne hjir yn steat fan biskuldiging steld wurdt.
Om it persoanlike earst ôf to hanneljen: D.A. Tamminga is net nearingsiik! Hy soe him ta de kulturele teannen út formeitsje oer in opbloei fan Fryske tydskriften as... boppeneamde gefaren net drigen. De hear Hoekema is lykwols in minne psycholooch as hy mient, dat it Tamminga's doel wie mei syn stikje alle tydskriften dy't yn syn tael forskine - minus De Tsjerne dan - út to roegjen. Né wier, sa'n taktyk fan de forskroeide ierde is hy gjin foarstanner fan. In blêd as Lyts Frisia b.g. jowt him alle moannen wer in geastlik bad, dêr't er ôfbjind en skjinwosken út opriist.
Hwat nou dy ‘ivichduorjende’ redakteurskippen by De Tsjerne oangiet: lit de hear Hoekema syn âlde jiergongen - foarsafier oanwêzich - noch ris fan de rim krije. Fan de ploech fan fiif dy't yn it bigjin de Tsjerneredaksje útmakke, binne nei in heale fearnsieu noch twa man op post bleaun. To min mutaesje? Sa al, hat dat dan hwat mei it ûntstean en bistean fan quatrebras to meitsjen? De hear Hoekema sil it folle pont hawwe. Ear't der fan in litterair jongerentydskrift sprake wie, is oant twaris ta bisocht ien fan de alderjongste skriuwers yn it redaksionéle wurk to biheljen. Mar der waerd doe fan dy kant né forkocht, om't de jongerein in eigen tydskriftformaesje woe. Idealiter hat soks ek alles foar, al hat it yn Fryske omstannichheden praktyske biswieren (sjoch boppe!). Dêr hat quatrebras dan ek tige mei to kampen hawn en noch. Hwat bliuwt der, mei dizze objektive feiten foar eagen, noch oer fan Hoekema's forwyt, dat it ‘net earlik’ wêze soe, wurk fan jongeren yn De Tsjerne op to nimmen, wylst dy jongeren gjin stim mei hawwe yn it redaksionéle kapittel?
Fierders, docht bliken, is de hear Hoekema lid fan de anti-kumulaesjepartij. Hy is der op tsjin dat twa âlde Tsjerne-rotten - Freark Dam en Marten Sikkema - teffens yn de redaksje fan it Bibleteekorgaen De Strikel sit nommen hawwe. Lit my myn opponint plechtich forklearje, dat dat net komt om't dizze beide hearen neat om hannen hiene. Sarder is dizze kumulaesje in biwiis foar myn stelling, dat it tal moanneblêdden yn Fryslân de mooglikheit fan redaksionele bisetting mei liedingjaende skriuwers net toboppen gean mei. Hwermei't net sein wêze wol (dat mei der hjir wol by) dat ik De Strikel gjin florissant bistean gunne soe, al of net mei Teake Hoekema as fêste meiwurker.
Hat, om ôf to breidzjen, dit symptomatysk gearfallen fan in pear redaksjesitten ynfloed op de krûdigens fan it polemysk part fan Strikel en Tsjerne? Hoekema tinkt fan wol, praet tominsten fan ‘net botte fris’. Oft er mei dizze ynsinuaesje bidoelt dat beide redaksjes elkoar by pinnestrideraesjes tomûk dekke, bliuwt lykwols yn 'e dize hingjen. Mar miskien krije Tsjerne en Strikel noch ris gelegenheit elkoar fris fan de lever to liif to gean. Dat soe grif heve, byhwannear't yn ien fan beide tydskriften sok sûr rûkend polemysk proaza forskynde as dêr't Hoekema yn Lyts Frisia in stael fan bybrocht hat.
D.A. Tamminga