Friesisches jahrbuch
Ta gelegenheit fan it Greatfryske Kongres is ûnder auspiciën fan de Fryske Rie it wenstige Jierboek oftowol Jahrbuch útkommen, mei in great forskaet fan artikels op ûnderskaet wittenskiplik mêd. De Fryske Akademy, de Nordfriesische Verein für Heimatkunde en de Gesellschaft für bildende Kunst und vaterländische Altertümer in Emden hawwe yn de opset fan dit boek meiinoar oparbeide. Dr. Y. Poortinga fungearre as einredakteur, meiredakteuren wiene dr. E.O. George (Noardfryslân) en dr. Günther Möhlmann (Eastfryslân). Fan de ynhâld neame wy njonken in koarte bydrage fan dr. E. Obsen George oer de skilder Emil Nolde de opstellen oer Fryske litteratuer fan dr. Ernst Alker, dr. Y. Poortinga, dr. E. Obsen George, Peter Zylmann (de nijste eastfryske dichtkunst) en dr. Günther Möhlmann.
Ostfriesland (Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr) joech yn it twadde nûmer fan 1958 gâns omtinken oan Westerlauwersk Fryslân. It bifette û.o. in geastige bispegeling, Traditionsreise nach Ostfriesland fan drs. S. van Tuinen, in opstel fan dr. Y. Poortinga oer Eeltsje Halbertsma en Eastfryslân en in gedicht fan prof. dr. J.H. Brouwer Praeludium mei oersetting yn it Platt fan Wilhelmine Siefkes.