De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 225] [p. 225] [Nummer 9] Freark Dam: Trije fersen ut in ketliker syklus Op it hof Stil en biskieden: Samme en Lomme, Lomme en Samme, elk foar oar, heech op twa skouders troch de doar, moasten hja ier of let oer 't bertsje komme; de lytse en de greate bromme omt der in Ketliker forstoar. As letteroan de tsjerkhôfsblommen skraeleftich dije yn it soar en splytrich sân oer sark en tromme is d'angel oan de dea ûntnommen. Stagen fan Sammen en fan Lommen sjongende nou yn 't himelkoar mei nije nammen gongen ús al foar. Oant salang hâlde twifelers en frommen har jit yn 't libben fan de domme, stil en bistindich kiezzen op elkoar. [pagina 226] [p. 226] It alde spoar Tichtgroeid it boartersplak. En troch it moas moedsum 't âld spoar bipaedzjend, bjuster toriede mei de dream fan juster. Itselde leaf, mar de liguster knipt troch in frjemde hân. De roas itselde read jit, mar gjin suster bloeijend dernjonken. Wol biwuster fan 't ûnúteachber labaret is loas alaerm jin wearzich. Heal yn 't tsjuster sjoch ik mysels wer boartsjen: immen oars. [pagina 227] [p. 227] It wald dit is de grins, nou komt it avontûr, it wachtet elke moarn by elke leane: faeks fljocht de goudfasant wer fjurkjend oer. de goudfasant is fan de douairière, hja wurdt pûr as lytse jonges lang foar 't hikwurk steane mar 't let my neat, ús heit is dochs gjin boer. hotel de heideblom is dekadint en djûr, nim dy to wacht: de praetsjes dy't der geane meitsje de sherry efterôf hwat sûr. it wersjen makket jin soms frjemd oerstjûr, lit it forfleine lok him fange earne, foar snipers stiet hjir rounom wol in koer. sjoch har net oan dy't mei dy sûnder roer sûnt dimmen mar dwylsinnich nearne biwenne om hwat har hjir wjerfoer. dit is de grins, nou komt it avontûr, it wachtet elke moarn by elke leane: faeks fljocht de goudfasant wer fjurkjend oer. Vorige Volgende