him Martha har antlit noch dúdlik foar de geast helje koe, mar by hat him blykber forsind. It byld bringt him ynienen wer dingen yn 't sin, dy't him forgetten wiene. Hwannear is it makke? Yn elk gefal jierren neidat er har foar it lêst sjoen hat. Dochs is der net iens folle oan har foroare. Elk stikje fan it antlit komt him bikend foar. It hier leit los efteroer. It profyl, de foarholle, de noas, it kin, de foarm fan de hals binne krekt as jierren forlyn. De deade, stiennen eagen bringe him harres wer yn 't sin.
Hy sjocht der in skoftsje nei en giet dan sitten. Hy stekt in sigaret oan. Robert bliuwt noch al hwat yn de koken. Hy hat dizze moeting mei it byld fan Martha opsetlik yn scène set.
As Robert der yn komt mei de kofje freget Frâns: ‘Hwerom hast dit sa spile?’
Robert set de kofje del. Hy seit earst neat. As er foar Frâns oer sit freget er: ‘Nimst it my kwea-ôf?’
‘Né, dat net. Ik freegje my allinne ôf hwerom it sa moast.’
Stilte.
Robert seit: ‘Ik wit net oft Martha noch hwat foar dy bitsjut. Ik wie lyts, doe't jimme fan elkoar holden, mar in lyts bytsje haw ik der wol fan bigrepen. Ien fan de dingen, dy't ik nèt bigrepen haw is hwerom't hja mei Rindert troude en net mei dy.’
Stilte.
Robert forfettet: ‘Ik nim oan, datst' lokkich troud bist en...’
‘O’, falt Frâns him yn de rede, ‘nim dat leaver mar nèt oan.’
‘Goed. It persintaezje lokkige houliken is leau 'k net heech, mar foar de goede oarder nimt men dan mar oan, ien fan de útsûnderingen troffen to hawwen. Nou ja - en al sóést' lokkich troud wêze, dan kin ik my foarstelle, datst altyd in bipaeld oantinken oan Martha hâlden hast. Net, dat ik sa rare deskundich bin op dit gebiet, mar it wol my wol oan, dat dy dingen hwat tear lzze.’ Frâns glimket.
‘Bitanke foar it bigryp’, seit er hwat ironysk. ‘Dou wiest bang, dat it wersjen fan Martha en my pynlik wêze soe - en dêrom hast it sà oplost.’
‘Ik wit wol, dat it maklik - en miskien mei reden - bispotlik to meitsjen is’, seit Robert. ‘Ik haw it leau 'k ek net sa handich spile. Ik haw it tink as byldhouwer sjoen; as in byld goed is, leart men immen der better fan kennen as fan de libbene minske sels.’
Hy wit ynienen wer hiel goed hoe't er it sizze sil.
‘Sjoch, in moeting mei de libbene minske stiet altyd ûnder ynfloed fan de omstannichheden. Sa soe it binammen mei