De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 235] [p. 235] Sjoerd Spanninga: Heiling De reade keamer fan it hert de wekker tikket mar de tiid syn leed dan saeit der yn 'e baei in reade moanne del sá'n greate giele moanne letter it is need in flikkering fan fjûr sjocht men ûntset dat stilten dy wurde ta stimmen in fiskerman sylt wol de haven út tusken de tûzen diggels lâns de kaei waggelt it wetter. Boereleginde In pleats de gouden finsters iepen eagen op it himelheif hellet de joun my yn in jonge leafde sit foar 't sinneblyn spyljend de skalmei ûnder de griene wyn. Vorige Volgende