De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 236] [p. 236] Tineke Betlehem: - - de muorre is wyt it skaed as swarte fingers fan de dea as ik my oer dy hinne bûch is it better as it libben mar hoopleazer as ea - - so long so long moarn nim ik de wurden wer op en pinsielje se op de muorre fan it ûnforstân en smyt stiennen yn de hillichste boarne en ik laitsje as de echo werom komt - - troch dyn fingers bin ik op muzyk setten en brutsen ek troch dyn hobo laitsjend haw ik mei dy songen mar dû bliuwst dû [pagina 237] [p. 237] - - dû libbest yn my yn eltse tear fan myn hûd yn eltse hertslach dû triuwst dy troch my en formannichfâldigest dy yn my dû triuwst wringst sûchst dochst sear yn my sadré astû stean giest - - hingje myn hert net oan de wyljen mar doch it wei oan blommen om't ik forgeat mei wurden to boartsjen like fluch as dû forjow my de leafde as dauwe oan de kroanen en spring oer de wjitring fan myn laitsjen hark je net nei de kobolt kom mar mei Vorige Volgende