De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 238] [p. 238] Tjitte Piebenga: Peaske 58 ik woe dy in soan jaen sa'n echte om mei to boartsjen ynsté fan in middelber skoalier mei minne rapporten en libbensfrjemde idéen ik hie dy frede jaen wollen en tochten hie ik meitsje kinnen mei dy ynsté fan to fortoarjen oan in tafel mei boeken oer stéreo en sang dû hiest net biddele dan om echte frede en in soan en geraniums mar du hiest echt wêze kinnen yn dyn nylon blûske datstû nou fan my krigen hast om it gemis oan echtheit to bimanteljen nou en ik hie heit foar dy wêze kinnen dat wol sizze ik hie dy biskermje kinnen tsjin de wenteneed dy't aloan bitender wurdt en der hie frede dan west echte frede sûnder driging en forset yn wurden of ek wol yn dieden mar ik bin piloat oer it libben wurden en ik ha fersen makke om net hielendal to forgean yn in crash fan doelleazens en minderweardichheit en dû hast oanfurdige myn iten en myn drinken en dû hast in skras setten fan boppen nei ûnderen oer myn folio en sa myn wêzen yn ûnderskate dielen splist ynsté fan dy moaije teltsjes to dwaen is my sein woarn dat ik in akte helje moast en fierder leare om in wis bistean foar in kûgel op to bouwen hwant der is wurk foar wapenfabrikanten (sjoch bezige bij atlas algerije celebes sumatra en cuba) dêrom kinne wy better libje neffens de stelregel: [pagina 239] [p. 239] Turkoise vokalise giel is yntinsk mei forgetten straminen blau fan in winsk nei in frou fol jûchhei read yn de loft mei ûnhuerige winen stadich it grien fan in gûlende dei oranje de drift nei in haven en beaken oker it skaed fan in sûmber faset rôse en it kleurige rein fan dyn neaken lila it bittere liet fan forjitten swart is de wiis en swart is it deistich refrein pears yn de skeante ik wit alle jounen skier fan de jiske fan libben en dûr wyt oer it tinken dat alles biwiske swart om to langjen en swart is dit fjûr Winter as aenst de snie wyt as in oardiel de wrâld bitekkent as in deade wurdt it nij en folle better mar dat is letter biferzen wetter [pagina 240] [p. 240] Appynia ûnsizber it weefark twafâldich pinsiele mei toanen fan witten op kein perkamint letters ûntinkber ta wurden forgiele bitter wjerfarren yn tijd dy't forrint: djip yn de rounte it amper big jinnen wjerlein oan de romte as finger en palm doe: op rânne fan kinnen biloek oer de herten bûtsearre yn bieden in witten de wacht efter de berten fan wurden en dieden gyng oer yn flammen dyn ynreade dracht forlamme oan flanken dyn rounten bisletten folslein oan dyn bûging biteast ik de nacht draech ik dyn foarmen frou oer oan de nacht sinkber op skiedingen tusken hast sliepen teare ús jierringen nei elkoar iepen: ûnnimber de klaeijing de fâlden der tusken biwarje de tinzen forklanke yn dat fier bliuwe om draeijing en linen bigrinze mar de boarnen bliuwe fier [pagina 241] [p. 241] de dagen bigounen fier út boppe skier amme ik warleas de wyn fan dyn hier ynienen: troch brutsen minuten en neakene tellen slingere hertslach op eigen tobek brieken de dagen troch ôfsletten ruten spatte in pinne in sûmbere flek in optocht fan lûden de brûnzen de fiere waerd yn dy riten folfearn en opbiere to'n lêsten: in freegjend bigjinnen folmakke yn soenen raent oan de dagen ta foarnimmen ou hwant oan dit teken ûntrize de fragen mar men bliuwt jimmer it libben trou ûntinkber dy tiden binearjend sok wachtsjen en ivich ûneinich reitsje de tinzen nea by dat plak nearne: bitochtsum dit swijen wanmoedich omroune foldien oan minuten fan bittere klank en witten ûnwitber yn weitôge dieden nearne bisykjen oer paden sa slank Vorige Volgende