| |
| |
| |
Boy Wander:
De ‘Fryske’ skilder Gerrit Benner
Lit my yn dit opstel fuortdaliks net bigjinne oer it ‘fryskeigene’. Dy ballon, in dierber minderweardichheitskompleks, is al gefaerlike faek opbliesd. Mar dochs moat it my fan it hert, dat ik as yngreven frysk biskôgje net de heamielen en de earizers of de twatalige plaknambuorden, mar de lânsdouwe. Oft men nou oer Brésân of oer Stienwyk ta Fryslân yn rydt, it aparte fan de lânsdouwe wurdt jin fuortynienen klear. Dêr binne de wide greiden mei de heechoppige boerepleatsen yn har skier reach fan beammantels en dêr binne de silhouetten fan tuorren, hieltyd mar tuorren; eksponinten fan lytse, ôfhandige mienskippen, swijende fingers nei de himel. Dy himel mei syn mânske, silende wolkens liket hjirsa de ierde to reitsjen. Sels op de toppen fan in berchmassyf wurdt jins eigen neatichheit en ôfhanklikheit fan ûnsichtbere machten net sa sterk bilibbe as hjir yn de greide. Djipper as yn de haven fan Rotterdam ûndergiet men yn de Fryske lânsdou it bisef, dat al it minsklik gewrot sinleas is; skerper to fornimmen as mank de leaflike fruchtehôven fan Sûd-Limboarch is hjir Gods amme yn de nekke. Sa klear kin men it mystearje fan jins libben hjir foar jin krije, dat men yn swijen falt. De lûde lieten en de wylde merken binne dêr mar as gjalpen fan eangst, as geâl yn de âldjiersnacht, bisykjend de macht fan de geasten to biswarren.
Dy lânsdouwe dy't, al hoe faek ik ek yn Fryslân weromkom, mar net ophâldt sokke yndrukken by my efter to litten, kin ik my skildere amper oars foarstelle as it wurk foar in ekspressionist. Hwant hwa't him meinimme lit fan de spegeling yn it wetter en fan it giel fan de greideblommen, hwa't ûlebuorden en listgoaten op in lit ús sizze naturalistyske wize bihannelet, sil it wêzentlike fan dy lânsdouwe net werjaen
| |
| |
kinne. Boerepleatsen en kij binne ommers mear as noflik oanklaeisel, mear as lust foar it each of topografyske apartheden, it binne wurktugen om it wêzen efter de dingen, it mystearje to iepenbierjen.
Yn Fryslân hat it Benner west, dy't de wêzentlike skaeimerken fan dat lânskip field hat en hwa't it slagge is dy yn syn wurk sprekke to litten, sa sterk, dat ik sûnt ik jierren lyn op in útstalling yn Amsterdam foar it earst in pear wurken fan sines seach, by it tinken oan Fryslân my mar min fan Benner losmeitsje kin. Mar likefolle muoite kostet it by Benner's wurk jin fan de Fryske lânsdouwe los to meitsjen, ek dêrsanne dêr't men syn kunst foarstellingsleas neame koe. It binne dan ek de krêftige linen, de kleuren grien, griis en blau, dêr't Benner him op it sterkst yn oppenearret en dêr't er - al meije der in pear fûle útbarstingen wêze yn read en giel - hieltyd ta weromkeare sil.
It is al singelier, dat Benner, hwaens wurk gauris forgelike wurdt mei dat fan de Dútske ekspressionisten, dy't foriene wiene yn Die Brücke, of mei dat fan Die blauen Reiter en dêr't mannich kear de nammen Macke en Marc by falle, noch mar justjes lyn sels fan it bistean fan sa'n soarte groep neat ôfwist en fan minsken lyk as Macke nea heard hie. Sels mei de Grinzer groep De Ploeg hat hy net it minste kontakt hawn. Hy libbe en arbeide yn in folslein isolemint, moast de nuverste baentsjes oannimme om it libben to hâlden en foun einliks allinne yn syn frou in warbere stipe. En dochs is Benner der ta kommen sa to skilderjen. It komt just mei fan syn ienlingsbistean en syn folsleine ûnbikendheit mei de moderne kunst, lyk as dy har yn de wrâld bigoun to ûntjaen en yn de musea fan Amsterdam en Hoenderlo útstald waerd, dat syn wurk sa'n djipte en sa'n suverheit krige hat.
Oft it syn natuerlike biskiedenheit is of de yntuysje, dat sa'n isolemint nedich is, Benner hat yn alle gefallen nea war dien der út wei to brekken. ‘Wy hawwe Jo ta lid bineamd’, skreau it Boun fan Fryske Kunstners. Mar Benner moast der neat fan hawwe. As hy lid wurde woe, soe er himsels wol oanjaen, sokshwat koe net fan boppen ôf dekretearre wurde. Likemin sleat er him oan by Horizon. Dat hat allegearre neat gjin sin. It strekt mar ta in praetsje. ‘De minsken moatte dwaen hwat se dwaen moatte. Alle minsken. Lit my gewurde.’
Benner libbe yn Fryslân as in ûnbikendenien. Nou ja, sa ûnbikend nou ek wer net, hwant de Ljouwerters wisten presiis troch hokker rút yn de Verstolckstrjitte hja in stien smite moasten. Hwat ommers in lytse mienskip meast stekt, is dat
| |
| |
HYNDERS (1952/53)
(tekening Gerrit Benner)
| |
| |
men gjin muoite docht yn har op to gean. Dat is yn Kollum sa en dat is sa yn de Jordaan, al is it dêr sa slim hast net. It persoanlik isolemint fielt in lytse mienskip as in ynbrek op har eigen wêzen en dêrom makket hja it ûnmooglik. Hwa't yn in greate stêd wennet, wit dat men dêr earst folslein iensum wêze kin, dat men der berne wurdt en stjert sûnder meiwitten en ek sûnder meilibjen fan de buorren. Sûnder stipe en... sûnder stiennen. Hwat Benner op 't heden yn útsetting hat op it eardere atelier fan Karel Appel op in souder by de Weesperzij yn Amsterdam, der is gjin Amsterdammer dy't him der oer bikroadet. En trammet er jouns nei hûs, dan is der ien fan de 800.000. Dat jowt in seldsume forromming. Fan kunstnersforienings is er hjir ek gjin lid. Fansels is der mear gemienskip mei oaren: mei freonen, dy't ris in praetsje meitsje en om har hinne sjogge. En dan de útstallings dêr't er hinne kin. De ynfloeden dêrfan binne nou en dan wol to fornimmen en dan sjocht men in doek, dêr't men jin fan ôffreget oft it noch wol Benner is. Mar by einsluten docht bliken, it is mar in bisykjen om ek dat oare to trochlibjen en allinne datjinge, dat by oerwoun en trochwraksele hat, sil yn syn letter wurk stim yn it kapittel hâlde. Mar dan is it ek al ‘Benner’ wurden, opnommen yn it eigen vokabulaire en net mear as lienwurd werom to kennen. Men hoecht dêrom net kjel to wurden fan in doek, hwerfan it read en giel oan Appel tinke lit of fan in portret dêr't Picasso mandélich oan liket to wêzen. Benner foroaret der him net om; dêrfoar is er to evenredich en stiet er to kritysk ûnder syn eigen wurk.
By it sjen fan safolle útstallings en safolle reproduksjes fan moderne kunst, ûntkomt men net oan de twivel. In stikmannich ofsieren op de sinnige heuvels fan de Rivièra lykje de koerts út to setten foar in leger fan epigonisten. Ien opstiging fan Picasso kriget wjerlûd yn hûnderten tydskriften en televisy-útstjûrings. Dat men kin de epigonisten harren lek en brek mar min forwite. De moderne kommunikaesje-middels, dy't altyd noch as in seine biskôge wurde, foroarje yn middels foar harsenspieling, dêr't gjin forwin mear op is. Oan de oare kant wurdt it in dreech stik om by in kunst, dy't de foarstelling slûpe litten hat, falsk fan echt to ûnderskieden. En twa doeken, dy't by flechtich biskôgjen inoar faeks mar in bytsje ûntrinne, kinne ta in hiel ûngelikens genotype bihearre. It is grif nedich en nuttich yn dy ‘jungle’ it kapmês to hantearjen, lyk as Prange dat bisocht hat, mar der is in bûtenwenstige feardichheit ta nedich om mei de wylde opsjitters net de leaten sels yn it libben to reitsjen.
| |
| |
BOATSJES (1956/57)
(tekening Gerrit Benner)
| |
| |
Seis mannich kear tognjidde fan dy twivel, haw ik it as in bysûnder foarrjocht ûnderfoun (it wurd ‘genede’ skaeit nei it religieuze, mar soks wie it wol), op Benner syn atelier wer bitrouwen krige to hawwen yn de kunst fan dizze tiid. Mien net dat hy my ompraet hat. Hwant Benner seit net folle en it petear, dat yn it earstoan mar min wol en fan wjerskanten in nuver gearmjoksel is fan Frysk, Liwwadders en Nederlânsk (‘De Fryske tael is moai, fierstento moai foar de polityk dy't hja der mei bidriuwe’), nimt by syn wurk hieltyd in draei. Syn kunst is to folle in autonoom útdrukkingsmiddel, om der lang en breed oer prate to kinnen.
‘Ja, hwerom bin ik der mei bigoun? Ik fielde, dat ik dat dwaen moast.’
As soks mar sabeare wie, hie Benner der gjin moedsum libben fol ûnbigryp en earmoed foar oer hawn, hie hy de wanhope net wjerstien dy't him soms oermânsk drige to wurden en dy't makke dat er al syn wurk fan foar 1945 forneatige hat. Mar Benner hat trochset. Hoekhâlden. Men soe yn de wille wêze en brûk hjirby it wurd moed. Dat wurd is miskien mear op syn plak by Geesje, syn frou, as by Benner sels, dy't ienfâldich fierder móást. Dêr wie gjin ûntkommen oan.
Yn de ûnderdûkerstiid mette Benner by Earnewâld Wim Kersten, in Amsterdammer, nou konservator by it Stedelijk Museum. Benner tocht earst dat er Sluyters foar hie, hwant folle mear nammen út de Nederlânske kunstnerswrâld koe er net. Better net to witten is hy troch Kersten letter yn kontakt kommen mei Siep van den Berg, skoansoan fan H.N. Werkman, mar dat docht der winliken net folle ta. It moat in greate morele stipe foar him west hawwe kunde to krijen oan it wurk fan Werkman, dêr't Benner gâns fan himsels yn wjerspegele foun.
Der komme dan earst - hy is dan al fyftich - in pear útstallings. Ien dêrfan wurdt to Grins troch J.B. Charles iepene. Ek de Ljouwerter chirurch dr. H.L. Straat bigjint nou niget oan him to krijen en wurk fan him to keapjen. Al hoe wichtich sokke dingen ek foar Benner west hawwe, it liket my net nedich dy hjir allegearre nei foaren to heljen, om't hja yn Fryslân wol bikend wêze sille. Benner is dêr wakker deselde ûnder bleaun. Hy giet syn wei, dy't er net dúdlik definiearje kin, om sa to sizzen ynstinktyf. In mychammel bringt men ommers ek net op in dwylpaed as men in prikje op syn wei leit of bisiket him oer in stan-yn-'e-wei hinne to helpen. En it feit dat er yn 1955 de forsetspriis kriget en dat der datselde jiers wurk fan sines bikroand wurdt op de Biennale to Sao
| |
| |
KIJ (1956/57)
(tekening Gerrit Benner)
| |
| |
Paulo, Benner foroaret der him net om. Dit stik oer him yn De Tsjerne sil er ek by him lâns gean litte. ‘Hja moatte sels mar witte, hwat se skriuwe. Der wurdt langer safolle skreaun. De iene seit dit en de oare dat.’
Benner syn wurk wurdt wol ris forgelike mei in mearke. En in doek as Jour de fête, dat op 't heden to sjen is op de Biennale to Venetië en dat hjirby net ôfbylde wurdt om't it sûnder werjefte fan dat hearlike read en grien neat sizze soe, hat dêr ek hwat fan, likegoed as de ruter dy't him op in oar doek stadich losmakket út it wâld fan de komposysje. Mar it is net in mearke yn de bitsjutting fan in sinryk forhael, mar folle earder de djippe wiisheit dy't der de grounslach fan is: it wêzen fan it mearke sels. En mear as it proaza, as de poëzij sels, is it de muzyk, hwant krektallyk as by it harkjen nei muzyk foroaret de yndruk oan ien wei, ûndergiet men hieltyd oare yndrukken en kringt men aloan fierder troch yn it bitsjoende wâld. Men sjocht efter de beammen en komt op de iepen plakken, dy't se ommantelje. Earne oars, lyk as op dy tekening út de rige De dunen en de sé bigjinne de wolkens steatlik to silen - hokker Fries ken de greatme fan dat forskynsel net? - of dobberje de boatsjes op de mar. Muzikael biweech yn in sljochtsimpele streek.
Al to folle skriuwerij foeget hjir net. It soe al to tige in breklike fortaling wurde fan it wûnder, dat Benner mei syn eigen middels sa treflik iepenbiere hat.
It oardiel oer Benner rint yn Fryslân frijhwat útinoar. Hwa't resinsjes oer útstallings fan syn wurk yn de Fryske blêdden lêst, heart dêryn faek in mear reservearre toan as yn de kritiken dy't yn it Westen forskine. En in kearmannich kin men yn Fryske blêdden planút it bitinken hearre, dat Benner gjin great skilder is. Soksoarte opmerkings dogge gjin nij yn in lân dêr't Pier Pander postueret as de nasionale byldhouwer en in timpel bisit op itselde bolwurk, dêr't de kunst yn Fryslân him in sintrum makke hat.
Mar hwat sil men biwege mei sok praet? It rekket Benner net; dy ‘panderet rêstich troch yn himsels, yn syn eigen gebiet’, sa't hy him wol útiitten hat. De konsekwinsje, dêr't er dat mei docht, tsjin alle eardere miskenning yn en nettsjinsteande alle uteringen fan wurdearring hjoedde-dei, wiist al op in biskate greatheit. Hy bout syn eigen wrâld. Yn feite allinne foar himsels. Hy is de boskgod fan syn eigen wâld, de boer op eigen hoarnleger. It elemint ‘meidieling’ leit hy net biwust yn syn wurk. ‘Meidieling’ leit him neat oan gelegen. Mar hwa't út eigen biweging him yn syn
| |
| |
Ut de rige: SE EN DUNNEN (1951)
(tekening Gerrit Benner)
| |
| |
wurk fordjippet en dêr it sjongen fan de fûgels heart en der hieltyd nije perspektiven yn fynt, sa'n ien skinkt hy dêrmei in oeribelen blydskip.
Oft Benner in great skilder is? Dy fraech is op himsels alhiel ûnbilangryk. De tiid sil it leare. Benner tidiget net op in strjitnamme tusken de ienfoarmige flats fan de Ljouwerter butenwiken. De Verstolckstrjitte hoecht ek wier net omnamme to wurden.
It liket in blyk fan moed, yn in tiid dat Benner syn wurk aloan troch mear lju heechset wurdt (en wrychtich net allinnich troch ‘dy museumdirekteuren en har klyk’), út to hâlden dat hy gjin great skilder is, dêr sels op tofoaren to gean. It hat lykwols mear fan jin in hâlding jaen, nou't dizze slimst forspuide soan út de Fryske kunstwrâld dy't om utens moast om syn isolemint warje to kinnen, earne oars yn de wrâld, yn Brazilië en yn Venetië, op slach wurdearre blykt to wurden. Mar de mieningen sille net lang tsjinstridich bliuwe kinne, hwant de Fryske Ensyklopedy stiet op útkommen en de B sit foarenoan yn it alfabet. Moat Benner der nou yn? My tinkt fan sûnder mis. Net ûnder de F fan Fryske Kunst, mar gewoan ûnder de B. En dat net om't er july 1897 to Ljouwert berne is, mar om't men yn him troch en troch de Fries werom ken, sa frij, sa op himsels, sa forboun mei de natûr en sa great as in Fries mar wêze kin, mar net altyd sa lyts.
LITTERATUER: Gerrit Benner. Catalogus van de overzichtstentoonstelling 1945-'55, gehouden te Eindhoven, Groningen, Leeuwarden en 's-Gravenhage. Met een inleiding van W. Jos. de Gruyter. Eindhoven 1955. |
H.L.C. Jaffé, Gerrit Benner. Museumjournaal serie 1, 30-32 (aug. 1955). |
Gerrit Benner. Schilderijen, gouaches, tekeningen. Catalogus van de tentoonstelling in het Stedelijk Museum te Schiedam. 12 maart-21 april 1958. Met een voorwoord van T.P. Straat-Osinga en H.L. Straat en een inleiding van P.L.A. Janssen. Schiedam 1958. |
Olanda. Guide de l'art néerlandaise à la 21me Biennale de Vénise, 1958. Avec une introduction de A.M. Hammacher. Amsterdam 1958. |
|
|