Krityk yn it koart:
In dokumintearre freonskipsbitsjuging
Herman Martin, Tjipke Visser, beeldhouwer en zijn dochter Marijcke Visser, beeldhouwster en edelsmid. Drukkerij Laverman N.V., Drachten, 1958.
De wearde fan dit boek, dêr't de âld-direkteur fan it Frysk Museum H. Martin de teksten fan forsoarge hat, leit foar alles yn it dokumintaire. Troch de wei fan in foech hûndert fotoreproduksjes jowt it in breed oersjoch fan it wurk fan de yn 1955 forstoarne Fryske byldhouwer Tjipke Visser en dat fan syn yn Bergen arbeidzjende dochter Marijcke Visser. Beide byldzjende kunstners komme troch dit ryk forsoarge en alsidige fotomateriael klear en earlik foar jin to stean. De heit: wurker yn alle tinkbere materialen, portrettist fan ûnderskate forneamde Nederlanners en fan út it folkslibben sniene figueren, skepper fan tige knappe en krekte dierplastiken. De dochter: bidreaun yn de fine kunst fan it edelsmeiwurk, mar ek har útlizzend op mânsker byldhouwurk yn tsjinst fan de architektuer. Beide kunstners binne elkoar ek genôch yn oanliz en bihearsking fan de techniken bisibbe om harren yn ien boek ûnder to bringen, al is dan it wurk fan de heit ôfsletten en dat fan de dochter noch jimmer yn ûntjowing. By beide treft jin sterk de harmonyske gearfloeijing fan it kunstsinnich-esthétyske, it sosiael-ethyske en it ambachtlik-technyske, in harmonije dy't yn de modernste kunst net mear yn 'e swang liket to wêzen, mar dy't yn ús tiid dus dochs noch wol blykt bistean to kinnen.
Yn in prospektus dy't Drukkerij Laverman oer dizze útjefte fan harres de wrâld ynstjûrd hat wurdt dit boek priizge as ‘uiterst waardevol’. Al seit de útjowster it dan sels, gjinien sil har sa'n oanpriizgjend oardiel ûntstride wolle. Al moat der wol by sein wurde, dat de kwaliteiten fan dit wurk foar lang gjin lyts part biskaet wurde troch hwat de útjowster der sels oan dien hat, de typografyske forsoarging.
Weardefol binne yn dit boek ek de oersjoggen yn tiidsfolch-oarder fan it oeuvre fan de beide Visser's. In oeuvre dat by de heit yn 1902 bigjint en by de dochter yn 1936. Fierders binne der noch opjeften fan de plakken yn blêdden en tydskriften, dêr't men litteratuer oer harren fine kin. Dizze dokumintaire krektens en folsleinens makket it boek ta in neislachwurk, dat foar elk dy't oer dizze kunstners en har produkten hwat witte wol in tige bitroubere gids wêze kin.
Stiet dizze stúdzje dus dokumintair tige stevich op fuotten, minder bifrediget my it ‘litteraire’ part derfan. Dat part bistiet út in libbensbiskriuwing en in karakteristyk fan elkums wurk. Net dat der biografysk yn Martin's forhael gatten sitte of dat wichtige libbensfeiten forgetten wêze sille. It komôf fan Tjipke Visser as Warkumer houtkeaperssoan, syn leafde foar de wettersport en de bysûnderheden oer syn houlik wurde sels wol mei gloede biskreaun. Sitaten út persoanlike briefwiksel tusken him en syn biskriuwer forskerpje it libbensbyld. Oan alles is to merkbiten, hjir is in biograef oan it wurd dy't jierrenlang mei de byldhouwer yn in freon-