wy hoopje tige, dat Fryske regisseurs en de Fryske toaniellitteratuer tonei har kânsen krije. It earste hinget fan de Opsterlanners, it twadde fan de Fryske skriuwers ôf.
Gaesterlân hat foar syn iepenlofttheater to Sûndel ek net in Frysk iepenloftstik fine kinnen. Om it heechste, in stik fan J.P. Wiersma, dat foar de oarloch skreaun en spile is, misstiet lykwols fuort net yn in iepenlofttheater en it hat foar, dat it yn de streek sels, dus yn Gaesterlân, spilet. It hat lykwols ek gâns tsjin. Toanieltechnysk is it forâldere. It probleem, dat der yn oansnien wurdt, de striid fan de Gaesterlânske mennisten tsjin it dragen fan wapens en har útwiken nei Amerika, komt net út de ferve. De stof is nijsgjirrich; binammen yn in iepenloftstik soe dy treflik dramatisearre wurde kinne, mar Om it heechste hat hwat dat oanbilanget syn kânsen slope litten.
Under regy fan de hear Pyt van der Zee is mei ynmoed bisocht om in goede opfiering to jaen en foar in part is dat slagge. Dizze Gaesterlânske ploech hat noch mar in krûmke toanielroutine, mar as ek hjir de moed om troch to setten oanwêzich is, dan binne der foar de takomst goede kânsen.
Gjin iepenlofttoaniel sasear, mar in treflike histoaryske optocht, dy't letter yn ûnderdielen op in podium brocht waerd, hat yn Grou to sjen west by de bitinking fan de stjerdei fan Eeltsje Halbertsma. J.P. Wiersma hat hjir de Rimen en Teltsjes knap yn scène set; de oankomst fan de bruorren yn in pear boeijers wie in libben tafriel, de optocht sels wie tige forantwurde en de scène dy't letter tsjin de eftergroun fan décors, dy't it 19e ieuske doarp útbylden, spile waerden, binne knap slagge. De tûzen minsken dy't dy simmerjouns yn it lêst fan july dit barren, dêr't it hiele doarp yn bihelle waerd, folgen, sille it iens wêze mei de suggestje dy't letter yn de Ljouwerter krante dien waerd, nammentlik, dat soks yn Grou winliken alle jierren barre moast.
Foar de jierlikse dei fan it Roomsk Frysk Boun to Riis is Simke de Haan nou al in rige fan jierren de oersetter fan it net-Frysk stik foar de iepenloftjoun. Dizze kear is in stik keazen fan Rosemary Cassy, dat yn it Frysk De filewielen want hjit. Al wurdt der almeasten in goede kar dien, ek de mear as tûzen bisikers, dy't hjir alle jierren komme winskje wy ris in joun mei in goed Frysk iepenloftstik ta.
Yn it foarbygean moatte wy ek noch efkes neame, dat it selskip Tetman en Jarich oan it bigjin fan de simmer mei in nije wurklist op stap gien is. It heart wol net by it iepenlofttoaniel, mar àl by it simmerwurk, lyk as somlike selskippen dat yn doarp en stêd bringe. Tetman hat dizze kear - gelokkich - wer brutsen mei it trochrinnende forhael en it mear yn it genre fan it kabaret socht. Dat leit him ek it bêste. It peil fan de teksten yn de nije wurklist Hwat is jou libben? is frijhwat ûngelyk, mar der binne in mannich knappe nûmers by. Rients Gratama hat dizze kear ek foar in pear goede teksten fan kabaretlietsjes soarge. Ien as Jarich is ris oan hwat oars ta as syn ivige ‘type’-rollen, mar by bliuwt ien fan de bêste kabaretkrêften, dy't wy hawwe. Fierders ûntjowt Ryk Landman har noch hieltyd mear de goede kant út. Ek it selskip fan Klaes Westra is mei in nije wurklist útein set; it nije programma is al gâns better as it earste.
Om nou noch efkes op it iepenlofttoaniel werom to kommen: de