Op it harspit:
Mythefoarming troch unkunde
Ik haw it nûmer net biwarre, mar in pear moanne lyn neamde de Ljouwerter Krante yn in nijsgjirrige reportaezje Rely Jorritsma silger ‘de bekende Friese dichter’ - it wie alteast in formulearring fan dy strekking. Men lêst dêr earst oerhinne en tinkt: fansels, Rely Jorritsma, dat wie ommers in... en dan is de twivel en de ûntkenning der, op itselde stuit. It is (om efkes aktueel to wêzen) hast like dwaes de Hollânske hear Regnault ‘in great skilder’ of de Drachtster architekt Gerben van Manen ‘in baes skûtsjeskipper’ to neamen. Mar de leginde en de tiid dogge har wurk en sa is Rely, oant syn dea ta in frijwol ûnbikende (ik siz net: miskende) forskining, yn de litteratuerboekhâlding op syn heechst in pro memorie post, in jiermennich letter al in ‘bekend Fries dichter’. En it wol jin wol oan...
Jorritsma syn posthúm maecenaet hat namme foar him makke, torjocht of to'n ûnrjochte, dêr wol ik hjir net oer stride. Mar soe it net ris tiid wurde dat der al of net troch jildlik tadwaen fan it founs dat syn namme draecht in foech boekje yn 't ljocht kaem mei alteast in lytse karlêzing fan Rely's skrale poëtyske eker en mei in ek troch in fakman útsochte karlêzing út syn autobiografysk proaza? In forantwurde skôging oer dit libben en dit wurk, foarsafier mooglik, soe dan ek net fan onpas komme.
Sa'n boekje soe men net sasear it cachet fan posthume hulde noch fan rjochtfeardiging jaen moatte. It soe tinkt my wól it oantinken suverder hâlde as troch ûnbiwuste mythefoarming troch ûnbiwuste ûnkunde.
FREARK DAM