| |
| |
| |
Marten Sikkema:
De fiif dagen
Stjerheldere nacht. Troch de net-ôfdutsene boppeljochten fan de âld jachtweide binne de wimmerjende lampkes oan 'e himel skoan to sjen. Stilte. Utsein fansels it rêstich sykheljen fan de maten.
Ja, hjir lizze hja dan, seis man oan wjerssiden, yn 'e houtene krêbben. Earder stie der grif in biljert yn 'e midden en boeren en fékeaplju stipten der geregeldwei omhinne, de keu yn 'e hân. Dat wie doe in moaije tiid, foar har - en foar de slachtoffers fan de mobilisaesje, dy't it hjir nou bifolkje. Mar beide hawwe it net wurdearre. De biljerters hawwe har wenten, har pleatsen en sels har herberge romje moatten, om't dy tsjin de liny oan leine.
De sliepers hawwe ôfskie nimme moatten fan thús - foar hoe lang? - en in pakje oanlûke dat net sa tige yn eare stiet by de froede boargerij, krekt as koene hja it helpe. Ei ja, dy't in pear stjerren op 'e krage hie makke noch kâns dat in boarger him groetsje woe, of sels in faem tsjin him glimkje; mar de oaren binne gjin tel. Hawar, dat is ek oer to kommen. Allinne de stjerren oan 'e loft, dy binne foar elkenien, mar dy dogge it dan ek tige.
De oaren sliepe rêstich. Ut en troch draeit ien him ris op de oare side. Hy kin de sliep net krije. Stoarret omhegen.
Ynienen heart er gounzjen fan fleanmasinen. It wurdt sterker en sterker, sa machtich as er it nea net heard hat. Forskate sangerje heech yn 'e loft, mar oare strûze, swier gounzjend, leech oer. Hja lykje sels de mitraljeurs to brûken. By nou en by dan ljochtet de loft op fan 'e ljochtkûgels. En tichteby en fierderôf bigjint de ôfwar to droanjen, dat de groun der fan trillet. It hjit dan, der wurdt mei opsetsin nea gjinnent rekke: troch de ôfwar moast men oanjaen, neutrael gebiet to wêzen, mar reitsjen soe komplikaesjes meibringe kinne. Brutael wie it lykwols al, mei sokke keppels oer neutrael gebiet to striken, nei it lân fan jins fijân ta. De lytsen hiene ek alles mar to nimmen. Mar sa lei de wrâld langer.
It gounzjen waerd noch swierder, it sjitten noch forheftiger. Doe in sé fan ljocht, in swiere slach. Hja koene nou doch wol ien rekke hawwe! Hy stompte syn neistlizzer oan:
- Harkris, siz, harkris!
| |
| |
- Och, lit my sliepe....
- It giet need mei de oerfleanders.
- Fleane my wol nei 't sin!
- Ik leau, der is ek ien delsketten.
- Stil delsjitte litte!
- Mar ik gean der ôf! Ik doch de klean oan! Ik wol it sjen! Hy stiek in sigaret oan en gie bûtendoar. De wacht stie foar de garaezje, gappe hwat.
- Ik stean dit net.
- Soe it net doge?
- Liket my sa ta.
- Och, der is ommers gjin alaerm makke. Mar brutael is 't, dat bliuwt der fan oer.
- Se sjitte oars omraek!
- Jawis. Sjoch, dêr koe wol wer ien delkomme.
- Deale, hwat in stik fjûr.
- Kin men better net op 'e holle krije!
- 't Is moai fierôf.
It dindere nou oanienwei, by eltse slach skodde de groun.
- Bommen, liket it wol.
- Smoke?
- Ei ja, alles mei fannacht. Wachtsje, ik haw wol fjûr.
Der swaeide in fyts ta it stek yn, ûnder de lampe troch. De kaptein! De wacht waerd kjel, bisocht yn 'e hâlding to kommen. Mar sels de sigaret waerd neat fan sein.
- Dit is net bêst mannen, it is oarloch. Allegearre der daliks ôf!
De wacht die syn plicht en makke alaerm.
En dêr kamen hja, forbjustere, steurd yn 'e sliep, op it heal-tsjustere binnenplein. Nifelen noch hwat oan 'e klean om. De kaptein frege stilte:
- Mannen, it is safier. It is mis. Wy hawwe faeks tocht, dat it hwat tafalle soe, dat it miskien nea net wêze soe, mar nou sitte wy der samar midden yn.
De mannen swijden. Yn 'e loft wie it hwat stilder wurden.
- Hwat wy nou sille, is noch net bikend. Wy wachtsje op oarders. Mar elk moat him klearhâlde. Alles moat klear wêze: de weinen, de stikken, de motors. Oarlochsbipakking.
It wie krekt as soe er gûle. Hy wie ek mar reserve. En boppedat noch ien fan it âlde folk.
Hy sette wer fuort, nei it buro. It spul kaem yn aksje.
Mar doe't alles klear stie, barde der neat. Wol fleach der
| |
| |
soms noch sa'n ding oer, wol droane de ôfwar noch ris, mar dat wende. In bifel kaem der mar net. De soldaten stapten hwat om, út en troch forskynde der in ofsier. De radio yn de jachtweide joech nijs, spile marsen, joech nijs. It idé fan fjochtsje to moatten wende ek al hwat. En as it sa trochgie, dan foel it hwat ta! It iten wie op 'e tiid, en der wie by de winkelman tichteby noch genôch smokerij en snobberij to krijen. De man wie tuskentiids sahwat dwaende mei ynpakken fan syn spullen, hy rekkene der dus op dat er fuort moatte soe, en dat wie minder aerdich. Mar tsjin dy tiid moasten hja sels dochs ek faeks fuort. Fuort to fjochtsjen....
Tsjin de joun in seintsje: twa ordonnânsen nei it stedtsje, nei de âld kazerne, om in opdracht. By it kazernestek waerden hja oanhâlden. Hja wisten it wachtwurd net, it wie har net meidield. Mar hja mochten lykwols trochride.
It duorre lang by it stafburo, hja rounen de gong hwat op en del. By in sydgong op 'e oare ein wie it in drokte fan bilang: dêr stapten soldaten om mei de bajonet op 't gewear, ofsieren rounen mei har pistol to boartsjen. Der klonken frjemde talen. En op it strie oer de flier leine yn tryst lampeljocht âldere mannen, froulju, bern: boargers fan lannen dy't de striid oan-boun hiene tsjin dit en dêrmei har minsken yn dizze primitive tastannen brocht. In âld man klage: dat er dit noch bilibje moast, it wie skriklilk. Mar in jonge frou forklearre, der greatsk op to wêzen, dat hja dit meimeitsje mocht. Hja krige in reis mei de kolf en glimke.
De beide ordonnânsen stiene wer by de doar fan it buro. Der roun folk út en yn, heger en leger. Mar de korrektens wie der nou al ôf, sels it groetsjen bleau der by. Einlings moasten hja der yn komme. De generael-majoar siet efter syn tafel, smookte senuweftich. Hy stiek de hân op en hâldde harren in greate doaze sigaretten foar.
- Sjoch, oarder foar de kaptein, en doch him de groeten. Jimme sille it net maklik krije. Sterkte, mannen!
Op 'e weromreis foel it harren op, dat de strjitlampen net mear baernden. En alle boargers hiene de kleden sekuer ticht. Der wie suver gjin minske mear op 'e strjitte.
De nacht wie rêstich: net folle fleanderij, net folle sjitten. Mar fan sliepen kaem it measte net: de klean bleauwen oan en de radio spile fierder. Der siet in keppel to kaertspyljen, tsierde út en troch omraek. De reek wie to snijen.
De oare moarns earst waerd de ynhâld fan de oarder dúdlik:
| |
| |
hja krigen tige bitiid iten en drinken, en bifel klear to wêzen: om acht ûre soene hja fuortride nei in bidrige punt.
Sa kaem it ek: foarenoan yn de kommandowein de kaptein mei twa ofsieren, dan it soldatefolk yn de auto's mei de pânserkanonnen der efter; en ordonnânsen dêr omhinne swarmjend.
Hja moasten dwers troch it stedtsje, stadich fanwegen opstopping. Alle folk stie bûtendoar, hja laken, wiuwden, rôpen hoera, sloegen mei lekkers, mei blommen. Jawis, nou wiene de soldaten wolkom, nou wiene hja tige bêsten: hja woene foar de goede saek fjochtsje, miskien sels krepearje.
Der foel in blom foar him op 'e motortank. Hy reage him fuort.
By in betonnene brêge hâldden hja. Ierden wâllen mei betonnen stellings oan wjerssiden, dêrfoar de stream. Folk fan de geny skarrele by de brêgepylders om en by de beammen oan 'e dyk oare kant it wetter; hja boarren gatten, treauwen der springladings yn, spanden kabeltsjes. De saek soe dus opbliesd wurde. De boargers wiene al evakuearre, de doarren fan de kreaze wenten oan wjerskanten de dyk stiene yn 't wiidst iepen, de túntsjes wiene al forwâdde.
Hja heakken de kanonnen los en tôgen se nei de stellings. Mar dat like net bêst: hja wiene to breed, pasten net yn de betonnene fekken, sels net mei de tsjillen der ôf. Ien bousel wie wider, dêr rekke mei lijen in pânserstik yn. Mar doe't it toplak wie koe de loop hinne noch wer: de sjitskreef wie to krap bimetten. Der gie praet fan sloffens, fan sabotaezje.
- Dan de stikken mar òp 'e stellings, hjitte in ofsier. Alles holp mei, en dêr stiene se dan. De rjochtkikers waerden toplak set, ien foel, mar like noch goed to wêzen. Net aerdich nou, dat dy dekkingsplaten fan de kanonnen der noch net wiene. Hoe faek wie dêr nou al net om frege? Soene nou wol net mear komme. Noflik foar de kanonniers, dêr mar sa iepen en bleat njonken de loop to stean, hja koene der fuort by wei pikt wurde. Sloffens wer? Of doch sabotaezje?
- Men moast it sa forpoffe, sei ien fan de kanonniers.
De oaren seine fan: jawis! Mar hja tôgen lykwols sânsekken by de stellings op, om de sjitters in bytsje dekking to jaen.
- De pânserwein of tank dy't ik der foar krij is likegoed net gelokkich, stelde ien fêst.
De munysjefekken efter yn 'e weinen hiene oan ien wei de bilangstelling, net om munysje, dy siet der safolle net yn, mar om de sigaretten en de sûkeladerepen. Sa njonkenlytsen
| |
| |
wie alles sa goed as it koe bioardere, de posten wiene útset, de auto's en motors yn 'e túntsjes tsjin de huzen oan. Der wie noch elektrysk: yn ien fan de wenten spile de radio alwer. De fijân koe nou mar komme.
Hja kiene forlet fan waerm iten, dat der waerd in gasstel oanstutsen en dêr waerd fleis op bret, dat yn ien fan de kelders ûntdutsen wie. De muntmeter sloech ôf, mar dat wie gjin biswier: mei in bajonet waerd it doarke losbrutsen en deselde munt koe jitris tsjinst dwaen.
It waerd al wer jounich. Hja wiene tige wurch, tige sluch. Yn de huzen stiene lykswol bêdden genôch, moaije, kreas opmakke boargerbêdden. Mei de klean en de smoarge learzens oan krûpten hja der yn. Ien baernde mei in sigaret in gat yn in kleedtsje. Hawar, dat die der ek al neat mear ta. Hy gniisde tominsten.
- Der moat aenst bêst bombardearre wurde om my noch wekker to krijen, sei in oar. En hja joegen har del.
Mar midden yn 'e nacht fleach alles der ôf: alle finsters sloegen der út, rounom kinkele glês. Hja glûpten bûtendoar, mar neat to sjen. Doe forkundige ien fan de wachten, de brêge wie opbliesd, en de beammen dêr fierderop.
De wenten wiene der net nofliker op wurden, de kleden wapperen ta de finsters út en it siigde. It ljocht wegere ek, mar dêr wie it feiliger om. It glês kreake ûnder de fuotten, der kaem in blompot del. Mar it bêd lei likegoed wer smûk. Klear en kâld wie de nacht. Hoe let it wie wist er net: by hie forgetten syn klokje op to winen; mar ynienen wie it alaerm. Hja sammelen by de stellings. De wacht mei de kiker lei boppe op 'e sânsekken en wiisde. Ja, dêr yn 'e fierte koe wol hwat biwege. Oft it ek tichterby kaem?
Fleanmasinen kamen leech oer en waerden wei.
- In pânserwein! rôp de man mei de kiker.
- Koe dit wol út komme, sei in oar.
- Stikken rjochtsje! klonk it bifel.
- It sil de earste fijân doch net wêze?
- It moat de fijân wêze, andere de ofsier. Hy hie tynge krige dat de eigen pânserweinen allegearre binnen de linys wiene.
- Mar der stiet in flagge op, ús flagge.
- Ja, dat dogge hja, dêr bin ik foar warskôge, de ofsier wer.
It ding wie nou klear to sjen: lyts, âldeftich model. Alles wie yn spanning. It skarrele hoeden by de omsaeide beammen lâns.
- Ja mar, sei de ofsier.
| |
| |
- Fjûr! raesde de rjochter tsjin de fjûrder. It skot gie ôf. It wie nêst. Dat kaem fan de fallene kiker, woe de rjochter hawwe.
- Folgjende mar!
In slach skuorde de pânserwein oan spuonnen, it rikke noch hwat nei.
Doe't it noch efkes ljochter wurden wie, waerden in pear ordonnânsen hinne stjûrd om de saek op to nimmen. Der kamen planken oer de skreef dy't yn 'e brêge slein wie en hja setten de dyk del, it foarterrein yn. Neat net noflik, men koe nea witte. Mar der barde neat.
Doe stiene hja to sjen by de oerbliuwsels: stikken izer en stiel, guon mei bloed deroan, leine oeral yn 't roun. Oan 'e kant fan 'e dyk lei eat, dat koartlyn noch in minske west hie. Hy lei plat op 't liif, en hy hie in unifoarm oan krektlyk as harres. Brutael doch, soks! Hja taestten him yn 'e bûsen en founen it soldateboekje. Doe wie it dúdlik: it wie ien fan harren! Plechtich tearden hja de skuorde flagge, dy't fierderop lei, oer him hinne; mar hja wisten sels net hwerom't hja dat diene. Hja founen ek noch de papieren fan 'e wein, wol toskuord en toskroeid, mar dochs noch lêsber: in pânserwein fan it eigen leger....
Hja soene wer ride. Mar ynienen wiisde de ien fan: dêrre! En doe seach de oar it ek: dêrboppe, yn ien fan de beammen dy't heal stean bleaun wiene, hongen de oerbliuwsels fan in ofsier, de bluodderige holle foardel. Soks makket suver siik.
By it weromriden tochten hja net mear om fleanmasinen of sjitterij. It wie oars folle ljochter wurden, hja wiene wol gefaerlik. Earst doe't hja goed en wol werom wiene, bitochten hja, dat de beammen oan 'e dyk meastepart sa moai fansiden fallen wiene ynsté fan dwersoer, sa't de bidoeling west hie. En dat de skreef yn de brêge sa smel wie, dat fan opbliezen eins net praet wurde koe. Hwat wie dat nou wer: sloffens, sabotaezje? De fijân soe yn elts gefal frij maklik tagong krije kinne, hwannear't er it hwat handiger oanlei as de pânserwein.
De kaptein harke yn syn kazemat nei har forslach en naem de papieren oer. Hy wie der moai rêstich ûnder, konstatearre dat it syn skuld net wie en dat soks yn eltse oarloch foarkomt.
Mar dy man yn 'e beam hie hy net bingeljen sjoen!
De kaptein stjûrde him nei stêd ta, om fierdere oarders. It stedtsje like útstoarn. By in militaire benzinepomp stiene soldaten to smoken. Hy stoppe, woe de tank mar wer folje foar alle wissichheit.
| |
| |
- Wy kinne nou oars oeral torjochte sûnder biteljen, sei ien.
- En de fijân strak ek, spotte in oar.
- Is alles dan fuort? Evakuaesje?
- Ja, sjoch mar, al dy fûgeltsjes yn 'e beammen.
Yndie, yn alle beammen skarrelen kanarjes en parkiten en oar sok guod om, fan de eigners loslitten. Dy soene ek kâld wurde fannacht! Oeral strúnden hounen om, biddelen by elke soldaet om bôlle.
- It ha hjir drama's west. En dêr op it plein foar de tsjerke steane de efterbliuwers oan 'e beammen boun, fanwegen plonderjen. Past net alhiel by pinkstersnein, hwatte?
De tank wie wer fol. Hy ried nei de âld kazerne ta. Der stie gjin wacht mear foar. By it buro skarrelen in pear âldere soldaten om.
Oarders? Wurde hjir net mear jown. Fierder it suden yn, jinsen yn 'e bosk op, dêr wie nou it stafkertier. Ride wer!
Mar dêr wie it net folle better. In âldeftich sersjant-majoar stie yn 'e ûndergrounske hoale by in potkacheltsje en forbaernde de kaerten. Dy hiene de kommandanten forgetten by de reis nei de folgjende liny. Mar dêr soe de fijân gjin geriif fan hawwe!
- Mar der is hjir ommers suver noch gjin fijân to sjen?
- It stiet der likegoed faei foar, wy wurde ynsletten; en dy parasjutisten efter de linys! En dan dy forrieders noch! Binaud!
- Mar ik soe oarders helje!
- De iennichste oarder is, dat elts himsels mar rêdde moat. Der ha hjir al mear fan sokken west en dy binne net ienris weromgien. It jowt ommers doch neat mear!
Hy gie al werom, in oar paed del. Hy seach noch krekt, hoe't dêr earne yn 'e bosk in great hûs romme waerd. De ynwenners, wol sa'n fyftich of mear, kuijeren yn in greate oerstjûre rige fuort, ûnder lieding fan in pear mannen yn wite jassen, dat wol dokters wêze koene. Hja laken, raesden, makken nuvere gebearten, en hja dounsen en sprongen as bern dy't nei in feest geane. Hy wie alwer gâns in ein fierder, doe't it him yn 't sin kaem, dat hjir in gekkehûs stie. Ei ja, dy ynwenners moasten ek yn feilichheit. De dea wie allinnich foarbihâlden oan dy't de earnst derfan ynsjen koene.
De plonderers stiene noch op it plein, bisochten har los to wrotten. Ien hie de earms al frij. Efkes kaem it yn him op en sjit de man dea mei it pistol. Mar hokker doel soe it hawwe? Sokken moasten doch trochlibje.
Hy ried de dyk wer del, dêr't de huzen gjin finsters mear
| |
| |
hiene, nei de liny ta. Der waerd nou al wakker sketten, swiere artillery oan wjerskanten, en inkelde mortieren ek. By de stikken stie in frjemd ofsier op 'e sânsekken en skôge troch in kiker. Ut en troch tekene er in streek oer de kaert dy't er oan in rieme om hie.
- Dêr giet wer sa'n ding, mar hwer sitte dy lju? rôp er oerstjûr.
- Ja, sokke mortiergranaten falle samar rjocht op jin del.
- Men kin oars altyd birekkenje hwer't hja weikomme. Mar diskear kloppet it net. In raer probleem!
- Dizze hiele oarloch is in raer probleem, dêr kloppet ek neat fan.
De eigen kaptein hearde yn syn hoale it forslach fan de reis om oarders oan. Syn konklúzje wie:
- Dizze oarloch is gau dien. Mar hwat der dan komt? Wy sille hjir de ôftocht noch dekke en dan geane wy ek mar. As it alteast noch kin!
In nije granaet floite oer. Doe sûzen der in pear fleanmasinen oer de stellings hinne: eigen jagers. Soene grif it foarterrein forkenne.
- It is noch net út, sei er, mar wist sels net oft er it leauwe moast.
Deunby sloech it yn. Hy fleach nei bûten ta. De kiker fan de luitenant wie ûnder op it beton delklapt, mar de man sels wie net mear to sjen. Hy klaude by de stelling op. Dêr wiisden hja him de luitenant: dy dreau al fuort yn de stream, heal ûnder wetter. Der siet bloed oan de sânsek dêr't er op stien hie.
- Wie wiskundelearaer yn it boargerlibben, murk ien op.
- Syn probleem is nou foar altyd oplost.
Hja stiene yn ploechjes byinoar en seagen nei de loft: dêr boarten in pear fleanmasinen om inoar hinne. Ynienen skeat ien derfan rjocht op 'e groun ta. Doe hearden hja in houn jankerjen yn it boerespul tichteby. Hja setten derhinne Yndie, de harder wie fan de eigner opsletten yn in keammerke oant er weromkomme soe. Mar iten en drinken wiene opbrûkt sûnder dat de baes forskynde. Dus slikke it bist de frjemden de hannen. Doe't er los wie fleach er fuort nei de sleat ta to sûpen.
Sa waerden troch eigen skuld dan de aeijen ûntdutsen yn 'e kasten dêrre. Yn triomf giene hja mei, twa kistfollen. De muntmeter koe wer tsjinst dwaen, en hy die it noch. Dat wie in traktaesje! Hwant it falt net ta sûnder waerm iten. Doe't hja
| |
| |
genôch aeijen hawn hiene, slikken hja meiinoar in great blyk appelsjerp leech.
It waerd wer joun, en nou like it wol tinken to wurden; der wie gâns rumoer yn it foarterrein, fijannen fleagen o sa leech oer en brûkten de mitraljeurs. Hjir en dêr baernde it. En hieltyd faker kamen der stadige forkenners oan 'e loft en struiden har ljochtkûgels út oer de stellings.
Elkenien wie op syn post. Lichte en swiere mitraljeurs bianderen de sjitterij fan de oare kant. Mar it gie knap, noch gjin ûngemak. Alles stie klear om fuort, foar it gefal de fijân ris trochbrekke mocht. Neat mocht him dêrby yn 'e hannen komme. De rest fan de aeijen wie efter yn in auto laden: dat wie net foar him!
Hy kontrolearre taestendewei de motor noch efkes, dy't tsjin in hok oan stie. Doe hommels wie it allegearre ljocht, en in wylde sjitterij tichteby. Foar him dûkte in man op, hy seach de helm: in fijân. Hy krûpte del, tsjin 'e motor oan, helle it pistol fan 'e gurdle. De man seach him, mar to let, it pistol gie al ôf. Hy bleau sitten. It waerd wer tsjuster, de drokte sakke ôf. Ynienen wist er, hy hie in moard dien, in moard yn de nacht fan pinkstersnein op pinkstermoandei.
De kanonnen waerden al efter de weinen heakke, it spul sloech oan. En dêr gie it de nacht yn. De kaptein siet wer yn 'e kommandowein foarop. Hy sei, it foarterrein siet fol pânserweinen en tanks, der soe dochs gjin hâlden mear oan wêze; en yn 'e folgjende liny soene hja de pânserôfwar noch wol brûke kinne.
It gie wer troch it stedtsje, mar nou minder noflik: fan 'e dakken ôf waerd sketten. Aldergeloks wie it tige tsjuster. Hwa diene dat, parasjutisten? Of forrieders? Of de plonderers faeks?
Doe rieden hja oer de heide, dêr't hja sa faek oefene hiene, twa ordonnânsen foarop, dan de rige auto's, dan wer ordonnânsen. Der waerd wer omraek sketten, mar mear op ôfstân, dêr earne by de greate dyk. Hja hiene wol forstannich west mei it paed to kiezen, al ried it net maklik troch it droege sân. Ien fan 'e motors woe net mear. De rider bisocht him noch oan to rinnen, mar draefde al gau efter de auto's oan en sprong op ien derfan.
De dage kaem al wer oan 'e loft, doe't hja oer in fytspaed ûnder de beammen lâns by it fleanfjild kamen. Mar dat like net bêst: dêr stiene al gâns fijannige masinen to lossen. Hja waerden net achtslein. Hastich rieden hja fierder, nei de folgjende liny ta. By it birikken dêrfan waerden hja slim kjel: it
| |
| |
wetter dat harren bifeiligje moast wie noch o sa leech, en it like net mear to rizen.
Tusken de marren troch birikten hja it fort. Op it plein waerden de pânserkanonnen losheakke, soene yn 'e forsterkings pleatst wurde. Mar dat wie wer mis, it woe wer net passe. De bousels liken ek wol earder fan semint as fan beton to wêzen. Wer sloffens, of wer sabotaezje?
Yn it fort stapte fan alles om, fan heech ta leech, fan alle wapens, en net ien like de lieding to hawwen. Mar de brêge waerd dochs ynhelle, en de barrikaden op 'e opdyk waerden omheechset.
- Sa hawwe wy ússels nou foargoed ynsletten, sei immen.
Boppe yn 'e loft song oanienwei dat forkennerke, om der mislik fan to wurden. En eigen masinen diene har net mear foar. It wie grif om it plak to forrieden oan bommesmiters, dy't faeks al ûnderweis wiene. Dêr moast hwat oan dien wurde!
Boppe op it fort stienen in pear lytse stikjes loftdoel. Hja krûpten troch it gers omhegen, biseagen de dingen. Nij wiene hja net, mar noch brûkber faeks.
Immen dy't better op 'e hichte wie praette fan munysje yn ien fan de kelders. De saek siet op 't slot, mar in bajonet wist der ried op. Doe die it bliken, alle munysje dêrre wie fan greater kaliber. Sloffens wer? Of sabotaezje? Dizze saek wie ek wier gjin fjochtsjen, gjin fallen mear wurdich!
De brêge waerd efkes toplak lein en hja Betten troch de lannen hinne nei it neiste fort ta. Dêr siet dan faeks hwat hjir hearde, hie de man sein dy't better op 'e hichte wie.
Hja waerden talitten. Dêr wie de saek ek al opbrutsen en neisocht, op needrantsoenen of oar itensark. Mar hwat der foun wie, bistie inkeld mar út munysje dy't nearne op paste. It wie krekt hwat der komme moast, dat hja tôgen inkelde hâlders mei.
Hja kamen werom yn eigen fort en de tagong waerd wer sletten. Krekt hiene hja de munysje boppe, doe't der in ofsier oankaem:
- Hwat sil dit hjirre?
- Foar dy fleander dy't hjir hieltyd omhinget.
- Gekheit! Komt neat fan yn! Wy hawwe gjin forlet fan in bombardemint.
- Krûpe wy ommers yn 'e kelders! Lit mar smite dan!
- Dat soe net bêst wêze: dêr is it hjir net op boud. Ik haw juster in fort sjoen, dat bombardearre wie. De hiele koepel lei
| |
| |
der ôf, rejael omkeard. En oft der noch immen libben útkomd is? Hjirwei dus, nei ûnderen ta!
It hie in forgeze reis west.
It sangerjende ding kaem werom, en nou bigoun it briefkes to struijen mei drigeminten: der moast kapitulaesje komme, of oars....
- Ja, greate wurden ha dy lju wol!
- Mar hja hawwe ek mear. Dêr kinne dy útbomme stêdden fan meiprate!
- En dy't tsjin de parasjutisten fochten hawwe, lykas wy, sei in frjemde luitenant.
Hja haffelen hwat op needrantsoen om, sochten doe yn 'e kelders plak yn it dampige strie. By it plakfordielen ûntdieken hja, dat ien fan 'e ordonnânsen der net mear wie. It wie dy man, dy't der altyd sa fan swetste dat syn motor it alderbêst wie: it ding roun mei sokke greate stappen! Hwannear wie er foar it lêst sjoen, hwêrre? It wie net dúdlik.
- Miskien is er wol rekke, sei immen.
- Dan giet er earne oars hinne, nou mei hiele lytse stapkes, tink....
Guon hiene it der oer, dat hja har moarn doch wer ris skeare woene.
- Hwat jowt dat nou? Yn in kriichsfinzenekamp hoecht men net as hear to forskinen, spotten oaren.
Elkenien wie der al wis fan, dat de saek forspile wie. En och, slimmer as yn dizze tsjustere hoale, op sok wiet strie, koe men it ek al net mear krije. Bihalven dan as der bommen foelen. Hja hiene de jouns it fjûr wol oan 'e loft sjoen fan dy stêdden, dy't de gunst krige hiene fan de bommesmiters. Mar dit wie ek neat mei neat der op ta.
En lykwols kaem op it lêst de sliep....
It waerd let yn 'e moarn, ear't der wer hwat libben en biweging kaem. De measten bisochten har rûchwei hwat to bihimmeljen mei skearmes en kamke. It sinneljocht bûtendoar wie forblynjend. Hja seagen nei de greiden en de marren, smookten hwat, praetten hwat, mar net ien hie der mear rjocht doel oer.
Doe gie der in fluitsje en waerd der roppen fan: appèl. Dat wie it nijste! Dy ofsieren forfeelden har blykber en woene wer boartsje. Hawar, forfeeld giene hja, wapen by wapen en ûnderdiel by ûnderdiel, yn 'e rigele stean, net yn 'e hâlding, net mei de knopen ticht, net op 'e foarman rjochte.
| |
| |
De ofsieren stiene dêr foarenoan hwat to rieplachtsjen, loeken oan 'e skouders, joegen de moed mar wer op.
- Ynrukke mar! Wy ha it sjoen.
It like foargoed ôfroun to wêzen. Der waerd gjin sjitten mear heard, en sels dat forkennerke liet him net mear sjen. It waerd in lange forfeelsume dei, sûnder hokfoar spanning. En sels briefskriuwen of lêzen of kaertspyljen wie der net mear by. It wie immen slagge in âld radio op in akku oan it spyljen to krijen, mar net ien harke der nei: alle birjochten sprieken inoar tsjin, de tastân wie net mear oer to sjen; en de muzyk tuskentiids flokte nuver mei dat oare. Op it lêst draeide ien it ding út.
Tsjin 'e joun wie der wer appèl. Omtrint de helte gie mar hinne. In frjemde kaptein naem it wurd.
- Ik wol jimme meidiele, dat wy kapitulearre hawwe. Wy sille hjir rêstich bliuwe oant neijere oarders. Yntiid kin de brêge wer yn oarder makke wurde, de barrikaden moatte fan 'e dyk. En dan giet nimmen sûnder tastimming yn of út, hwant der sil sûnder warskôging sketten wurde. Oarder en dissipline bliuwe nedich!
Nou earst foel it him op, dat har eigen kaptein der net by wie, wylst nou doch, oars as fan 'e moarn, alle hegerein oanwêzich wie. Hy spriek der in ofsier oer oan. Dy seach ynienen tige earnstich:
- Hawar, der soe net oer praet wurde, mar stilhâlde sil doch ek net kinne. It wie in goede keardel, mar hy hat it him oansjoen. Ja, hy hat him mei it pistol foar de holle sketten. Foar ús is allinnich dizze oarloch noch mar út, foar him alles. Sigaret?
De oare moarns stiene der oare wachten by de yngong: mannen yn skiere unifoarms, mei platte helms, de bajonetten op de gewearen. Hja praetten in frjemde tael en gnysken leechlizzend.
Dizze oarloch hie foar harren neat to bitsjutten hawn, swetsten hja. De deaden: soldaten en boargers, froulju en bern, dêr praetten hja net fan: dat telde by harren net.
Ynienen waerd it him dúdlik: dat folk hie de oarloch woun. Mar hwat it forlern hie wie folle, folle mear. Foar it earst sûnt dagen doarst hy wer glimkje.
|
|