De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] [Nummer 5] Marten Sikkema: Forlitten doarp foar Meinte Walta, by in skilderij. Ienris, ienris hat it lok hjir wenne, ûnsjenber, ûngrypber, mar it wie der wis: om hwat der oan ark yn 'e koken is, om âld klean en hwat boeken yn tsjustere herne, en om it tou en de bal fan de bern, as hja draefden en dounsen en songen yn 'e buorren, om de earmtlike wenten, om kroaden en kuorren en krebintige hikken - mar nou is 't forlern. Hwant de sêge fan frede en leauwe forstoar en de wize âlde sangen kamen ta swijen. Tsienris, tsienris hawwe hja sein fan: dit lijen is de stêd de ryklike útrêdding foar, mei syn oerfloed fan lûden troch einleaze strjitten, oer rjochtskearde parken, oer pleinen; de dea fervet de nacht mei reklameljocht rea. Dêr hearsket frijheit! It doarp leit forlitten. Alle krûden en strûken wreidzje har spruten, de kastanjebeam stekt al syn kjersen wer frij yn 'e loft; wide fûgelswarms blinke foarby. Mar forfal kipet helpleas út brutsene ruten. Hjir hearskje de sinne, de wyn en de rein as fóár minskene kommen. In macht sûnder ein. Vorige Volgende