Krityk yn it koart:
Bylden ut de greidhoeke
Boukje Fokkema, Bisiden de wei, novellen.
Utjefte A.J. Osinga N.V., Boalsert, 1957.
Yn dizze kreaze bondel biedt de Boalserter útjowerij ús in samling koarte forhalen fan de binei-Boalserter skriuwster, dy't útjefte yn boekfoarm sûnder mis fortsjinje. De goed-foune titel jowt al oan, dat it hjir giet om figueren, dy't hwat fansiden har libben bisykje to libjen; hja wurde biheind troch in tokoart oan moed of mooglikheden, en bytiden oanjage troch primitive driuwen en opstigingen. De karakters, net mei sin biskreaun, komme út de forhalen doch nei foaren: altiten sletten, soms hurd en wreed, soms ek ûnwis en ûnwiis, by it stumperige om end ôf. It tokoart oan libbenskunst is oan alle kanten dúdlik.
It is de skriuwster slagge en bring kleur en sfear fan har hoeke knap nei foaren, al biljochtet hja wol hwat iensidich. Wy sjogge hjir de greidhoeke yn al syn neakenens en kealens ûnder de swiere hjerstige loften, de nearzige lytse buorrentsjes, de iensume pleatsen en arbeiderswenten oan smelle dykjes en binnenpaden: in wrâld dy't stil en stadich libbet, sels yn it kweade. Har skriuwtrant slút dêr alhiel by oan. Sa wit hja bytiden in gehiel to skeppen dat geef is as kryt - mar tagelyk swier as lead - en dat yn ienfâld en soberens modern oandocht.
It liket der in protte op, dat de forhalen kronologysk opnommen binne neffens de tiid fan ûntstean. It foarste, Ertskip en Krús, dat mear as in treddepart fan de bondel bislacht, hat knappe einen, mar is as gehiel minder goed út de ferve kommen en hat fan in ta novelle gearparse roman. Wy fine der ek inkelde taelmankeminten yn, dy't wy yn it oare net mear moetsje, en dêr't konstruksjes as ‘wenjen bliuwe’ en ‘omgammeljen bliuwe’ wol de slimste fan binne, slimmer as de oan dy hoeke eigene ropnamme ‘heity’, in bernewurd dêr't gauris biswier tsjin makke wurdt.
Sterker, mar hast al to anekdoatysk en mei tokoart oan lykwicht tusken biskriuwing en barren, is it twadde, De Moolder, wylst it folgjende, Myn heit, njonken goede eleminten (it opheljen fan it forline, troch berne-eagen sjoen) ek swakkere ynhat (it to ienfâldich en skematysk foarinoar oer pleatsen fan ‘artysten’ en ‘boargers’). Dûbelde went is dêrneffens gâns in stap foarút, binammen it forslach fan de ramp troch de hwat ûnnoazele ‘skuldige’ is in fynst dy't der wêze mei.
De efkes greatere Skiednis fan ús âlden jowt wer in stikje forline, sa't it troch berne-eagen yn it ûnthâld fêstlein is, tryst, mar laden mei spanning. It testamint is allyksa in kronyk fan misbitearde libbens, mar minder strak fan bou; hjir hat de skriuwster efkes tofolle ôfstân nommen en dêrmei komme de figueren minder skerp foar it ljocht.
It lêste forhael, Direktrise, dat twa jier lyn yn dit tydskrift stien hat, makket in tige authentike yndruk, it koe wol tichtst fan allegearre oanslute by in réeel barren, mei alle foar en tsjin dêrfan. De wize dêr't de skriuwster dit forhael op bislút, as sette hja der