| |
| |
| |
D.A. Tamminga:
In net utsprutsen grefrede
By de dea fan Jan fan 'e Gaestmar
Jo hawwe, Jan fan 'e Gaestmar, in man west dy't yn it Fryslân fan de njoggentjinde ieu, mar binammen yn dat fan de tweintichste gâns fuotstappen lizzen hat. It hat Jo barre mocht, oan Jou seis-en-tachtichste jier ta Jou wegen to gean troch dit lân. Eigen wegen wiene dat, dy't mar selden, en dan noch tydlik, lykop rounen mei oaren harres. Iensum en keal moatte dy wegen soms west hawwe, al laetten se fjirtich jier lang troch de drokten fan in journalistebistean en al rounen se streekrjocht oan op maetskiplike fêstichheden.
Hawwe dy fuotstappen fan Jouwes in spoar neilitten dat hjoed-de-dei folge en fuortset wurdt? Of wie dat spoar troch de wyn fan de tiid einliks al wer sljochtwiske en útfage, ear't it op it Grouster hôf in ein naem? Hja dy't nei Jo kamen, Jan fan 'e Gaestmar, binne ek dwaende spoaren to meitsjen; rinne dy njonken Jouwes op of faeks dwers tsjin Jouwes yn?
Doe't de generaesje dêr't ik ta bihear noch finkjesobbe en yn trijekwart boksen roun, stie Jou libben yn de manlike middeihichte. Josels hiene op dat stuit al mear Fryske wurden skreaun en printe sjoen as wy, beukers en pubers-yn-hope, mei de mûle bistammerje kind hiene. Jou populair Frysk Flaggeliet (mei dy de tiid typearjende rigel oer ‘Friezene stille striid’) en ek Jou ûnwennige wetterlânsidylle Mar, o mar (wolkom sjongfoer foar kritekoaren) wiene al op muzyk set, doe't wy noch op knibbeldeuntsjes oanwiisd wiene.
Om de jierren tritich hinne opkommende en foar ús Fryske sentiminten hâld en stipe sykjende, founen wy dy wol alderlêst by de hear J.J. Hof, redakteur fan it Leeuwarder Nieuwsblad, de persoan dy't foarhinne bikend west hawwe moast as de strider en dichter Jan fan 'e Gaestmar. Né, dizze ‘bodder’ mei syn âlderwetsk doarpspseudonym rekken wy net mei yn de kunde. Hy wie foar ús suver al in histoaryske, om net to sizzen legindaryske figuer, lyk as J.B. Schepers en Sjouke de Zee, dy't ek it Fryske striidtoaniel net mear op it foarplan bispilen. Wy seagen him nea, lyk as de doe al grize Wumkes, yn de lieding fan fakânsjeleargongen; wy moeten him net, lyk as de doe al grize Gosses, sprekkende foar jongereinkongressen; wy troffen him ek net, lyk as de doe al grize útjower Kamminga, as meidogger oan Fryske simmerkampen.
Doe't wy letteroan bisleur krigen oer eftergroun en skiednis
| |
| |
fan de biweging, der't wy ús as lid fan Kristlik Selskip of Nasionael Jongereinboun by joegen, kamen wy Jou namme, Jan fan 'e Gaestmar, út soarte gauris tsjin. Wy liezen oer in foar ús hwat tsjustere deilesskip Sipma-Hof, dy't him foarhinne binnen de biweging ôfspile hie. Wy bisochten ús in oardiel to foarmjen oer de jierrenlange fûle strideraesjes tusken Jo en Douwe Kalma, de hege en autokratyske lieder fan '15. In kompleks fan skelen, dat ús doe talike forjierre en forâldere to wêzen, al wie de kwestje nea bylein, mar útroun op in stymsk wjersidich swijen en in net to formoedsoenjen fete.
In skoandere kâns hawwe Jo, Jan fan 'e Gaestmar, doe oars makke, om ús, de balstjurrige jongerein fan dy dagen, as mei-striders op Jou side to krijen. Jou fijân-nûmer-ien wie ommers litterair bistjûrder fan Frisia, it tydskrift dat it as orgaen fan De Fryske Bibleteek op fuotten hâlden hie, wylst it litterair moanneblêd De Holder it bijoech. Wy mienden op de ynhâld en dus ek op de lieder fan Frisia earnstige krityk hawwe to moatten. Mar ús opposysje tsjin it regym-Kalma is lykwols nea oerslein ta freegjen om stipe by de forballe feteraen, dy't Jo doe dochs foar ús wiene. Hoe maklik hiene wy Jo doe oars de nimbus fan de miskenning op de grize holle sette kinnen! Wy diene it net. Hoe kaem dat?
Litteraire, taelkundige, nasionale en persoanlike driuwfearren spilen by ús grif trochinoar hinne. Yn it litteraire koene noch woene wy ynsile mei it dizenich idéalisme en universalisme dat sûnt de ein fan de earste oarloch troch de Jongfryske lieding foarstien waerd, al barde dat ek yn in kameléontyske wikseling fan kleur. Wy woene in litteratuer, net sûnder romantyk, mar minder sweevjend yn de stratosfear en mear woarteljend yn de réaliteit fan it Fryske folksbistean. Dêr wiene wy út fuortkommen en dêr stiene wy by de dei lâns mei beide fuotten yn. De Wijzangen fan Rabindranath Tagore noch de Sangen fan Douwe Kalma sels koene wy dêrom oansluting by fine. Founen wy dy oansluting dan net by Jou dichtwurk? It mocht sa wol hjitte. Doe't wy weromtaestten nei Fryske foargongers út it forline, nei Gysbert Japicx, nei Piter Jelles, ûntdieken wy fansels ek Jou Klankboarne. De Jongfryske krityk, sa wiis wiene wy al, hie dy dichtbondel forspuid als bombast, as utering fan folksskriuwerij en ‘doarpisme’. Wy founen in bûnt en wyld forskaet: folksaerdige rymstikken, sentimintele draken, heal persoanlike retoryk à la Bilderdijk en J.J.L. ten Kate, stikeldichten yn de trant fan Charivarius. It waerd ús klear dat oansluting by dit soarte in tobekfal sûnt '15 bitsjutte soe, dy't wy likemin winsken.
| |
| |
Folle heger eagen smieten Jo by ús as it om fragen fan taelgebrûk gie. Wy biwûnderen yn Jo de kenner fan it folkstaeleigen en de ûndersiker fan it dialektforskaet, dy't ús tomjitte kamen út Jou Friesche Spraakkunst en Jou Friesche Dialectgeographie. Ien fan uzen neamde Jo ienris, al wie it dan út de gek, in taelathleet. Wy stimden it Jo fan herten mei, dat de taelhantearring fan de jonge Kalma sadanich mei klassisistysk sop oergetten wie, dat it forbân mei it sprutsen folksfrysk suver to siik rekke. Ynpleats fan in Standertfrysk to wêzen, wòl hoppe, mar teffens him ûntjaende út de dialekten wei, drige dy tael ticht to slykjen ta in litterair jargon, ta in gearmjoksel fan néogolismen en archaïsmen sûnder hâldfêst. Mar eilaes, ek Jou eigen taelbihanneling koene wy min as de idéale sjen. It folksidioom dat Jo meast sûnder stilistyske forarbeiding, sûnder niveauforheging mei rynske hân oer Jou skriftueren hinne struiden, smakke ús nou just net as pypkaniel oer rizenbrij. Rizenbrij wie it sûnder mis, mar as dêr likefolle pypkaniel oer leit as de brij sels, dan is it fynpriuwen dien. Boppedat hie foar ús gefoel Jou taelgebrûk de cerebrale ynslach fan guon skriuwers út de foarige ieu en dy ieu wie foar ús nou ienkear foarby. Ek de folkstael dy't wy fan hûs meikrige hiene, ûntroun Jouwes al wer in moai ein. Sa moasten wy, om de titel fan Jou proazasamling Omstikken en Sydstikken to bigripen, al in taest dwaen nei Waling Dykstra's wurdboek. Dêr kaem noch hwat by. Jo woene fan in biskate normalisearring fan de skriuwtael, dus fan in Standertfrysk, neat witte. En op Standertfrysk hiene ek de Jongfriezen, by alle mislearringen en mistaesten, nou ienris har sinnen set. As it lykwols oer sokke dingen gie,
praetten Jo spotsk fan ‘the King's Frisian’ en Jo hiene de kultuertael dy't yn de formiddens fan AFUK en Underwiisrie (en letter fan de Fryske Akademy) brûkt waerd, grif op minder as in pypfol. Jo seagen koartom it Frysk as in ‘secundaire’ tael. In tael dy't gjin ekspânsje-mooglikheit mear hie en dus libje moast by de graesje fan it Hollânsk. It formeageringsproses, it ta fuotten út reitsjen fan gâns âld folksidioom, seagen Jo as in sykte dêr't gjin forhael op wie. Oan Jou skerpsinnige, mar défaitistyske rede op it Greatfrysk Kongres fan 1927 oer De Hollandsche tendentie in de ontwikkeling van het Westerlauwersche Friesch hie men dat klear fornimme kinnen. Mei in skerp, klinysk each stelden Jo dêr de diagnose, mar it remeedzje ta betterskip en rêdding fan de pasjint hâldden Jo binefter. Dat ek in lytse tael as uzes in tsjinwicht skeppe kin tsjin idiomatyske forskraling troch yn it kulturéle flak in nije ekspânsiviteit to ûntwikkeljen, soks
| |
| |
strykte net mei de fatalistyske taelskôging dy't Jo ta pessimist meitsje moast.
Dat pessimisme op it stik fan tael en taelûntjowing hong dúdlikerwize ek gear mei it feit dat Jo - alteast yn dy snuorje - gjin nasionael idéael hiene. De mooglikheit en de needsaek fan in striid foar in ideéle en materiéle Fryske kultuer, dêr't de taelstriid in part fan is, paste net - of net mear - yn Jou tinkwize. En krekt dat wie de oarsaek, dat ek myn generaesje mear oansluting foun by de idéalen dy't Mienskip, Upstalbeam en Kristlik Selskip neistribben.
Hawwe ek persoanlike dingen in wurd meisprutsen, dat wy mar min oan Jou kant stean koene? Wy wisten Jou oars ridlik to wurdearjen as in man út it hiele hout, as in Stânfries mei in agressiviteit as wie er fan de hoantsen útbret, as in didaktikus dy't yn syn Trochljachtrymkes de swipe fan it sarkasme klappe litte koe, lyk as hie er dy fan Troelstra oerkrige. Mar, Jan fan 'e Gaestmar, in spektakulaire persoanlikheit, in briljant sprekker of in romantysk poëet mei wapperjende liuwemoannen hawwe Jo nea net west. Uterlikheden, jawisse, mar dêr't al hwa't doe jong en striidber wie him jerne oan bigêrze.
Midden yn de twadde oarloch forbrieken Jo ynienen it swijen en tagelyk de barrière fan de hearskjende papierkrapte troch it útjaen fan Jou tinkskriften yn fjouwer grouwe boeken. Mear as 1600 bledsiden hiene Jou wurk, om ek myn generaesje to fornijen hwat Jo yn Fjirtich jier taelstriid alsa wjerfearn wie. Dat wie mear as in bytsje. Earbiednis bikrûpte jin by it lêzen. Earbiednis foar in man dy't safolle ôfstriden en biwrotten hie; foar it skippersjonkje dy't it, in swiere autodidaktyske wei lâns, brocht hie ta taelgelearde, by hwa't ek de fakfilologen mar opsjen koene. Mar spitigens bikrûpte jin ek. Spitigens oer it ûntbrekken fan in brede, nasionale visy, oer it tokoart oan omtinken foar oare lytse folken yn de Europeeske romte, oer follerlei Rechthaberei en gebongel, dat mei it bigryp taelstriid neat mear to meitsjen hie. Wie it wûnder dat immen fan myn generaesje dizze oars sa nijsgjirrige mémoires bititele as: Fryslân op syn smelst? Wie it wûnder dat wy de 23 bledsiden fan D. Kalma's forwarskrift mei de ironyske titel Koarte ynlieding ta J.J. Hof's Fjirtich fier taelstriid yn folle ding gâns oertsjûgjender achten?
Mei Jou sawntichste, Jan fan 'e Gaestmar, hat de Fryske biweging Jo yn 1942 huidige as taelman en âld-strider. Mar doe't trije jier neitiid de Dútske bisetting, dêr't Jo in wearze yn hiene, foarby wie, soene Jo noch ris yn twa kréaesjes op it Fryske striidtoaniel forskine.
| |
| |
Jou moedich úteinsetten yn '45 mei it redakteurskip fan Frysk en Frij wie in ûnforwachte died, in tajefte, dy't ek myn generaesje nije bisieling joech en dêr't Jo by de jongerein gâns respekt mei woun hawwe. Mei in foech heale ieu krantepraktyk efter Jo, wiene Jo wol de persoan dy't dit nije ûndernimmen troch pokken en mûzels hinne helpe koe. Jo hawwe dat ek dien. Jo wiene dêrby fûler en krekter op suver taelgebrûk as in journalist yn syn heibeijich bistean ornaris wêze kin. De groun hawwe Jo doe lein foar in krantefrysk, dêr't ús hastige deiblêdskribinten fan nou in puntsje oan sûge kinne.
Doe't nei de bifrijing de parse yn Fryslân ‘yn de brânning’ rekke fan de nije tiid, binne Jo as in Demosthenes nei it strân draefd en hawwe yn twa skerpe brosjueres Jou philippica's slingere nei de holle fan harren, dy't nei Jou sin ûnrjocht diene. Koene Jo doe de sé net mear oan it razen, o advocatus diaboli? Lêst men lykwols nei safolle jier Jou pleitreden noch ris oer, dan bliuwt dit der fan: Jo fitere de trou oan in forline dat Jo dierber wie, bilicheme yn de persoan fan de âlde Jabik Hepkema, Jou eardere mentor, hwaens libbensbiskriuwer Jo ek west hiene. Dy trou allinne, in deugd dêr't Fryslân de ieuwen mei trochkommen is, hat Jo as kampfjochter yn dizze nuodlike arena dreaun. En de rjochtfeardigjende irony fan de skiednis soarge, dat dizze pinnestriid mei de âld-yllegaliteit Jo fierde yn de earmen fan Jou fûle tsjinpartider út '15.
Jan fan 'e Gaestmar, Jou striidber libben hat in ein nommen. Yn it nijsgjirrich Foarwurd ta Jou yn 1951 útkommen samling fersen Fan eigen tiid en folk, in útskifte en útwreide Klankboarne, hawwe Jo Josels neamd in hingerige neibloeijer yn de lette hjerst, in omstipper yn de libbene wrâld fan nou. Men kin út it lêst fan Jou libben yn dy bondel ek dizze snedige sels-karakteristyk fine:
By de âlderein bin 'k goed of min;
Ik riis net mear, ik sink n't.
Mar neat bin 'k by de jongerein...
Of né, 't is sa leau 'k krekter sein:
By 't jonge minskdom bin 'k n't.
'k Bigryp (en 't is my ek al nolk!):
Ik bin fan eigen tiid en folk.
Moat dit ek ús lêste wurd wêze by Jou grêf? Al wiene Jo, Jan Jelles Hof, net in man om in skare discipelen om Jo hinne to sammeljen, in Master wiene Jo op mannich wapen. It spoar dat Jo neilitte is lang en is iensum. Mar it rint mei skerpe printen troch dit lân en freget om forfolch. Net yn alle, mar wol yn folle ding.
|
|