De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 113]
| |
Skriuwende yn it san
op 'e skieding fan
wetter en ierde
yn 'e romte fan
stêf en fers
groeit in fisioen fan glês
yn myn fingers
skriuw ik mei wisse hân
tekens yn it sân
fers op it strân.
| |
[pagina 114]
| |
Muze efter de kearkring...de skeppende minske moat foar
ik soe mysels in hûs bouwe wolle
efter de kearkring fan it lûd
dêr't de sinne him
dûnkergrien baeit
yn myn plastic-eagen
en de dei in alfabet foarskriuwt
yn it litteken fan myn hertslach
dan wol ik dêr it tosksnien wurd
stêf foar stêf staverje
mei fingerspjalt
it dope yn myn eachwoune
ta in drôgjend deidicht.
| |
Gamelan
ûnder de stien
fan myn forstân
spilet de gamelan
metael oer myn lichem
ta in lûdleas
forsteanber wurd.
| |
Atonael
ik bin mids de ieuwen
in momint
dat as in skiif
oer it tiidflak saeid wurdt
wilens myn wurdbistoarne mûle
frjemde tafaltekens ammet
dy't ik yn ovale lûden
ympulsyf yn myn blyn hânskrift
registrearje ta
wrantelige wurdfersen.
| |
[pagina 115]
| |
Ynstinktyf
de dieren sizze
der is ûnienichheit
ûnder de minsken
en de dieren kinne it witte
om't hja libje by ien en deselde kultuer
efter de grinzen fan it tinken:
ynstinktyf.
| |
Bistean
as de tiid ûs
op elkoar
dielt
as twa sommen
sil it quotient wêze
in dielbre breuk
dou de telder
ik de neamer.
| |
Deiflinter
nou't de skaden
as wurge hântaesten
troch de parken skouwe
stjert de dei
op elk plein
de dea fan it
sylhouet
wurd ik in
wyt skelet
yn it kokon
fan 'e nacht.
| |
[pagina 116]
| |
Kaert
de loft is lead
de stêd is read
ik stean iepen en bleat
yn mysels
iepenteard
as in kaert
mei swarte fegen
al myn wegen
binne read
stêd en feart
slagge om myn sliepen
iepen
de kaert wurdt teard
dûbelslein
ta
teard
ticht
slein
ik bin neat.
| |
Picasso eksposearret
Picasso eksposearret
trije doeken
trijehoeken
1.[regelnummer]
skelet oan 't skouderlûken
2.[regelnummer]
each dat sjocht út beide hoeken
3.[regelnummer]
boarstbyld, wrakseljend mei boeken
| |
[pagina 117]
| |
Rough music
as sêfte beitels
efter dyn tsjeaken
it lûd oanboarje
groeije dyn earen út
ta trombones
wurdstou in
wylde klankestriel
efter it ritme
fan in boogiewoogieband
de lûdstream fan
in tichtskroeide
boarstkast
út it koperorkest.
| |
[pagina 118]
| |
Transparant
glês yn lead
stiet Petrus yn it sydrút
fan 'e tsjerke
en stoarret glêzich
oer it merke-mozayk
yn 't kreamke fan 'e man
mei fiterbân en ilastyk.
en elke moarn
as hear pastoar
nei 't lêzen fan 'e mis
him omkeart by de doar
stiet Petrus
glês yn lead
yn 't sydrút
fan it koar.
| |
Fingertaest op it wetter
God skoep it
lûd en de gedichten
sûnder alfabet
yn ien neamen
sûnder namme
ik sliep wurden
as floeiber glês
dy't net mear bitsjutte as in
fingertaest op it wetter.
| |
[pagina 119]
| |
Fuotleask efter de dea
as jouns de strjitten
har wurch opteare
yn 'e nacht
en alle lûd
ta in swijstim forwurdt
wurdt ús waernimmen
in krêftleaze died
wurdt ús libbensgong
in ûnevenredige fuotstap
tusken stof en eksistinsje
mar yn de lûdleaze
ekstaze fan 'e nacht
wurkje ús hannen
mei twiveltaesten
oan de op hannen wêzende
weromkomst fan Kristus
sette wy ûnwittend
fuotleasken efter de dea.
| |
Religy
nou't de stilte
fan 'e joun oer my komt
as in sêft brânnend houtfjûr
tekenje ik mei fyn bislipe houtskoal
wynbraubôgen op 'e nacht
dy't aloan greater kontouren
biskriuwt op wite muorren
dy't fan de deidagen biplastere binne
mei de earste dingen.
nou is der lok
yn myn hert,
ik moetsje blide fierten
yn in oertinking.
as de nacht
yn blommige nageltûken
foar myn finster tsjoent
| |
[pagina 120]
| |
skriuwe wite fingers
frjemde tekens
op 'e glêzen;
dan laket
in leave mûle
in fers
blanker as in frou.
ik lês yn myn hannen in
beitele nachtliet
ik fiel in djip reliëfteken
dat skaden skriuwt
yn it nachtlik tún fan myn
tinzetael.
ik harkje nei de dieren
dy't frjemde lûden
efter har litte
har wyt ôftekenje
yn myn forbylding,
dan wurdt it tún in
massale biskriuwing.
beammen taeste
yn de nachtloft as in
fochtige hân,
de lome flecht fan in fûgel
wurdt in ûnfornimber feit
yn it lûdleaze
fan it gebet.
|
|