| |
| |
| |
J.J. Spahr van der Hoek:
Pier Pander's kunst ta ears?
Men wit, dat der yn de Prinsetún to Ljouwert in Pier Pander-museum is en in soad minsken binne der noch better fan op de hichte, dat dêr deun by, op 'e wâllen, in Pier Pander-timpel stiet. Mar it driuwt de lju net om dêrhinne - hja hawwe nammers weet fan de goed biwarre leginde, dat Pander in great kunstner en dochs in ienfâldich man wie; hwat sil men yn dit rêstich bisef noch hinnegean en bisjoch syn wurk?
En - feiten binne feiten: wy hawwe Us Heit en Us Mem, de Mercuriusfontein en de romte fan forsetsmonuminten. Dy dingen kin men bisjen sûnder der in kaertsje foar to keapjen...
Earlik sein, ik koe der ek net rjocht ta komme om nei it Pandermuseum of nei de forneamde timpel. Dy lêste haw ik as lytsjonge oars alris yn west, omdat heit-en-har it in passend útsje achten nei in bisite oan in Ljouwerter dokter, dy't it ien of oar oan my restaurearre hie. Oft it nou noch fan dy dokter kaem of fan hwat oars, dat kin ik min sizze, mar it foel my dêr yn de timpel noch slimmer ôf as doe't ik foar it earst foar it kasstik fan it Ryksmuseum, de Nachtwacht, stie. Yn beide gefallen achten heit en mem myn hâlden en dragen mar min, al wiene hja it mei my iens, dat de ‘plechtige stilte’ om en by de Nachtwacht hwat healwiis wie tsjinoer it dochs (ek foar it skjinmeitsjen fan goed tsien jier lyn al) feestlik spektakel, dat Rembrandt oan de brave, mar oars ek net sa earbiedich swijende Amerikanen foarset hat.
It resultaet fan myn twadde Ljouwerter timpelgong wie sa: it foel net ôf. Alteast de timpel net. It bigoun der al mei, dat de timpelwarder my in kaertsje forkocht foar it ‘Coulon-huis - Leeuwarden Doelestraat 8’. Ik hie net forwachte in kwartsje bitelje to moatten om by de Fryske Akademy thús to kommen..
Dêr steane hja dan; fiif bylden, dy't as groep de wichtichste bitingsten foar it minsklik kréatyf formogen forbyldzje moatte: Uchtend (ynspiraesje), Ontwakend gevoel (de ynspiraesje wurdt biwuste emoasje), Opkomende gedachte (it idé ta werjefte fan de emoasje kriget stal), de Moed (ta it forwurklikjen fan it idé) en de Kracht (ta it materiéle part fan de werjefte). Elk byld wol dus hwat geastliks forbyldzje.
Nou is it net yn it earste plak de fraech hoe't Pander de spieren fan de minsklike figueren, dy't er brûkt hat, allegearre sa kreas to plak krigen hat, mar wol, oft it him slagge is en jow útdrukking oan syn eigen idé. My tinkt, dat dit tige yn
| |
| |
oarder is. Binammen de suverens fan de ynspiraesje is treflik materialisearre yn de reinens fan it jonge famke, dat de byldhouwer Uchtend neamd hat. De hâlding, it antlit en it hiele wêzen binne folslein ûnbifongen en de reinens wurdt forgreate troch de kar fan suver wyt marmer foar krekt dít byld.
Soe men fan de beide folgjende bylden noch sizze kinne, dat dy jin in bytsje toanielspilerich oankomme - al is dat net sá slim, omdat by soksoarte fan inerlike prosessen gau hwat fan posearjen meispilet. De Moed kin wol alhiel foldwaen: sûnder ‘pose’ stiet de jongkeardel tsjinoer de wrâld en dochs seit er: kom mar op! It sil wol ketterij wêze (mar men moat ketterjagers ek in kâns jaen), hjir kaem my efkes Michelangelo syn David foar de geast. Spitigernôch bliuwt dan Pander's Kracht wol safier by Michelangelo's Mozes binefter, dat de Moed der ek al wer ûnder to lijen hat. Ketters keare ek wolris om op healwei, al sille hja faeks noch bybringe, dat de hwat domme Romeinske wrakselder oan de ein fan de rige grif net fier fan Pander's doel ôf bliuwt.
Technysk is op dit wurk neat to sizzen. De útfiering is fakwurk; de bylden binne alteast sa bihannele as hja it yn Pander's tiid oan de akademy learden.
Wol haw ik op de hiele groep tsjin, dat it allegearre sa rein en sa leaf forbylde is - sa sûnder bliken fan blidens, eangst, grammitigens of hokker skeppingtariedende emoasje of drift ek. Nou mei men net fergje, dat de wrakseling fan it skeppen séls hjir werjown wurdt: Pander jowt nammers inkeld de ‘krêften’, dy't as bitingst ta skeppen to boek steane. Lykwols hat by de hiele saek idéalisearre. Dat is fansels de kunstner syn goed rjocht - mar dêr stiet dan foaroer it rjocht fan de biskôger om to sizzen: hjir of dêr is de forbylding ûnecht.
Dat fielen ‘hjir of dêr ûntbrekt hwat’ wurdt sterker yn it Pier Pander Museum yn de Prinsetún. Foar in great part is dit ta to skriuwen oan it feit, dat fierwei it measte dat men hjir sjocht gips is; in materiael, dat in ‘sprekkende’ biwurking easket, wol it net ‘dea’ bliuwe. Yn it twadde plak is de opstelling hjir faek net idéael: wyt gips (en sels wyt marmer) tsjin in witige muorre bylket allinne, as de foarstelling krêftich bihannele is. Dat hâldt binammen foar reliëfs. Fierders hie der krekter selektearre wurde kinnen.
As men mei dizze omstannichheden rekken hâldt, bliuwt der lykwols eat fan leechte oer: der is to min libben spul by en tofolle goedkeape symboalyk of théatrale pose. Sluijers en klassike jûpen à la Isadore Duncan by de rûs; mei in oan- | |
| |
tekening, dat Duncan alteast in dounseresse mei persoanlikheit wie en dat Pander syn dames meastentiids mar hwat slop (of stiif) aktearje mei muzykynstruminten of swier-symboalyske wielen, dêr't hja ûnderwei komme by it ûntweitsjen. Fan dy lêste aktiviteit hat men boppe de doar fan it timpeltsje dêr't Aurora postuert, ek al in priuwke krige, al is it yn dat gefal noch wol akseptabel.
Ek as men war docht jin yn Pander's eigen tiid to forpleatsen, komme noch fragen by jin op lyk as dizze: hwerom moat it pear, dat Lief en Leed (1918) forbyldet, der sa antyk-romeinsk opstean, hwerom docht it tafriel Oorlog by alle faesje jin sa théatrael oan neist de tsjinhinger Vrede, dy't as arkadyske idylle (foarsafier mooglik by soks) dochs wol ‘echt’ is? Hwerom beart de siedder yn de triptyk Ploegen, Zaaien, Maaien oft er de wrâld oermasterje wol? Hwerom binne party figueren sa stiif yn hâlden en dragen, wylst dat dochs gjin needsaek is fanwegen stribjen nei monumintaliteit of soks? It andert op sokke fragen kin, tinkt my, allinne wêze: omdat de skepper fan dit wurk faek net genôch bisiele wie, omdat er him oan groepen-yn-ienen fortilde.
De meast sympathike groep is faeks noch it greate reliëf Straatzangers (1893), dat wol net sa pûrbêst slagge is, mar dat dochs yn syn folksaerdigens sûnder laerje en bombaerje jin efkes fêsthâldt, ek mids ienlingbylden lykas de steile saloneftige froulju mei kannen of nappen, dy't hja eartiids op boargerskoarstienmantels to pronk setten.
Der binne portretten - binammen as men it metalen resultaet forliket mei it gips - dy't ‘sprekkend’ achte wurde moatte. En sels yn gips kin men sjen, dat de dirigint Willem Mengelberg net maklik wie, al hat Pander flyt dien op syn kroltsjes. Dealske aerdich is it dûbeldportret fan de byldhouwer syn heit en mem (1913). Men kin hjir sjen, dat Pander mei rjocht namme hie fanwegen syn bernekopkes.
Party kunstners hawwe foar en nei ûnderfoun, dat it net tafalt om bern wierhaftich wer to jaen: it wurde faek greate minsken op lytser mjitte. Forskate Kristusberntsjes op 'e skerte fan likefolle Madonna's binne op dy manier skildere of tekene, mar it slagge Pander om it bern bern to litten. Hja libje - lykas de Fiskersbern (1911), dy't oars ek al yn in reliëf fan 1905 foarkomme mei oare attributen - mar hja libje nuet en leaf, idéalisearre.
Hildo Krop hat biwiisd, dat der ek sûnder dizze iensidigens akseptabele bern to skeppen binne en sels yn rûger materiael. Mar Pander koe it ek. Syn Famke (1894) mist it oplein leave
| |
| |
- it is stil en dochs tige libben. Neffens my is dit byldtsje it hichtepunt fan de samling yn dit museum; it stiet, net fan aerd mar wol fan kwaliteit, op it peil fan de rige yn de bolwurkstimpel.
Ik neamde al de portretplaquettes as goed wurk. Tichteby it famke komt it reliëf Rustende Vrouw, in stik marmer sûnder jiertal, dat troch syn linige, mar fanwegen it ûnderwerp uteraerd hwat luije linen biwiist, dat hja Pier Pander net alhiel sûnder reden as kunstner kwalifisearre hawwe.
Nei dizze skôging fan it wurk, dat binnen jins birik is, moat der al efkes op wiisd wurde, dat to Ljouwert net alle bylden fan Pander byinoar samle binne. Der is yn it bûtenlân mear. Guon wolle sels hawwe, dat dêr gâns greater bylden bisteane, stânbylden op pleinen en folle net genôch. It soe hiel wol kinne, dat dêr masterwurken by binne; witte docht men it sa net.
Al liket it dan net alhiel forantwurde en oardielje oer Pander allinne nei oanlieding fan de Ljouwerter kolleksje, it feit dat syn ‘chef d'oeuvre’ yn it Pier Pander-timpeltsje stiet en dat it Museum noch al hwat forskaet hat, jowt it bitrouwen, dat der oan de represintaesjes nou net it measte ûntbrekt.
It liket net earlik in kunstner fan in heale ieu lyn to bioardieljen út ús dynamyske tiid wei; mar kinne de folle âldere Michelangelo (1475-1564) of Pander's tiidgenoat Rodin (1840-1917) dan ús krityk èk net forneare? Men soe Pander folslein út syn tiid wei skôgje moatte, as by yn de 18e ieu libbe hie. Mar yn de jierren fan syn aktiviteit wie de kunstwrâld frijhwat yn ûntjowing. Net lytse, boartlike eksperiminten fan inkelde mannen biskaetten it wêzen fan de byldzjende kunst, né, it iene ‘-isme’ jage al it oare en dat wie pûre needsaek foar hast elke skilder en byldhouwer.
Neat fan de (ynlein birekkene) krêft fan Rodin syn ympressionisme fynt men yn Pander syn wurk. Of om hwat legere goaden ta forliking deryn to biheljen: neist de byldhouwers Bourdelle (1861-1929) en Maillol (1861-1944) liket Pander net allinne bûten de tiid to stean, mar syn wurk docht jin ek mar wakker skrael oan. Men kin dat al min taskriuwe oan it Italjaensk milieu. Rodin foun earst syn foarm, nei't er yn Itaelje Michelangelo sjoen hie en allinne it libbene wurk fan de byldhouwer Medardo Rosso kin biwize, dat it yn Pander's tiid yn Itaelje wol woe.
Wol men in oardiel fuort nei Pander's dea, dan is der in oars wol freonlik stikje fan Etha Fles yn Elsevier's Geïllus- | |
| |
treerd Maandschrift fan 1919, dy't it hat oer ‘vrouwelijk werk’ ‘geen enkele nieuwe noot’ en ‘bescheiden, wat zoet, niet al te levend’. Hja seit der noch by, dat Pander syn wurk, al is it dan ‘meest voor salons of voor een kerkhof vervaardigd’, net misstiet op in iepenbier plein, dêr't syn kunstbruorren noch wolris nuvere dingen delsette meije. Dochs is dat artikel in foroardieling. Pander is de kunstskiednis yngien mei de kwalifikaesje ‘braaf academisch beeldhouwer’. Dat is gjin earetitel.
Men ûntkomt der net oan en forlykje Pander mei oare bûten Fryslân slagge byldzjende kunstners. Wy kinne wize op L. Alma Tadema, Jan Mankes, Tjipke Visser, Ids Wiersma, Piet van der Hem, Jurres, Westerman, Tjerk Bottema, Tjeerd Bottema, Germ de Jong, Max Nauta, Henk Wiegersma, D.B. Nanninga, Jelle Troelstra, Jeanne Bieruma Oosting en Gerrit Benner. De iene makket hwat mear oanspraek op de oantsjutting ‘Frysk’ as de oare, mar hja foarmje dochs min ofte mear ús artistike eksport. It liket my ta, dat der gjin stjerren fan de earste greatte by binne, mar guon komme grif boppe it Nederlânske tuskenbeidene út, to witten Mankes, Nanninga, Jeanne Bieruma en Gerrit Benner. In twadde skift, dat aerdich meikomme kin, woe ik ta rekkenje: Tjipke Visser, Jurres, Tjerk Bottema en Germ de Jong. Yn in tredde skift woe ik pleatse: Van der Hem, Wiegersma en Troelstra - alle trije tofolle tosnipele om hegerop to setten. En elk moat dan mar neigean, hokker kunstners ik (foar eigen rekken) yn in fjirde skift opstelle woe. Guon fan dy lêsten hawwe grif har fortsjinsten, mar har wurk set yn de kunstskiednis gjin seadden oan de dyk.
Men komt ta sa'n klassifikaesje troch it bisjen fan it wurk yn it earste plak. Mar dêrneist binne der allegearre oare faktoaren, dy't meibiskiedend binne. Sa soe men de ynfloed fan de kunstner op syn tiid biskôgje kinne. Ynfloed is der útgien fan Tjipke Visser, Jeanne Bieruma, Benner, Jurres en Westerman. By de beide lêsten is dy ynfloed oars inkeld troch in heechlearaerskip bipaeld. Dat kinne wy dus net rekkenje, alteast net in heger plak jaen as de ynfloed fan Troelstra yn de kunstnersorganisaesje.
Men kin fierder sjen nei it iepenstean foar eigentiidske kunststreamingen. Ik mien, dat it in deugd is, as in kunstner dy eigenskip bisit, mar it bliuwt altiten mooglik, dat syn (of har) tige sterke eigen persoanlikheit greater wearde hat. Der kin fêststeld wurde, dat fan de boppesteande rige mar ien inkeldenien sadanich yn de tiidsstreamingen opgiet, dat syn wurk der folslein in faset fan is. Ik bidoel Gerrit Benner.
| |
| |
Kinne wy it op Frysk yndividualisme bringe, dat de oaren minder iepensteane foar de artistike en maetskiplike ûntjowing? Grif net alhiel, hwant forskate gâns ûnthjittende jongeren yn Fryslân steane wol tige dúdlik iepen foar de mooglikheden fan de moderne kunst. Dochs is it sa, dat sokke jongeren lykwols gauris komme ta in persoanlike utering. Dat hawwe hja dan mien mei forskate fan de kunstners út ús rige. In persoanlike styl hawwe sûnder mis Alma Tadema, Jan Mankes, Nanninga, Germ de Jong, Jeanne Bieruma, Wiegersma, Benner en, as byldhouwer, Visser. Nou kin soks in biwiis fan sterke persoanlikheit wêze en by de measten liket jin dat ek wol sa ta. Men moat der mar ris rekken mei hâlde, dat Benner yn folslein isolemint to Ljouwert syn visy stal joech en dat Tjipke Visser him net yn wylde eksperiminten joech omdat er syn aerd en oanliz koe. Mei Alma Tadema liket it by my oars to lizzen. Dy hie yn Ingelân wol safolle sukses mei syn glêd-oppoetste klassike skilderijen, dat er fan gjin foroaring of fornijing witte woe. Dat is de tol fan de gloarje.
Gloarje kin op alle manieren fêstige wurde. It hoecht net yn de artistike prestaesje to sitten, mar wol is it hantsjeklappend milieu wichtich - fansels foaral foar dyselden, dy't net foldwaende prestearje om sûnder mear ta oansjen to kommen.
Alma Tadema hie yn Ingelên gjin kritysk publyk, dat hy koe troch de lju to oertroevjen mei de archéologyske krektens fan syn produkten namme meitsje. De twadderangs skilder Hans Makart (1840-1884) liet to Wenen sjen, hoe't men ta himelhege forneamdens komme kin mei help fan in bizarre hûsynrjochting, feesten en skandaeltsjes. Men mei Henk Wiegersma net forneamd hjitte, mar hy is dochs min ofte mear romroft, mei troch syn reputaesje fan wûnderdokter, dy't skriuwers ynspirearre hat ta de moaiste forhalen.
Mar wy hiene it oer Pier Pander en yn it boppesteande haw ik wol sahwat trochskimerje litten, dat hy nòch ynfloed op de kunst, nòch in tiideigen en amper in persoanlike styl hie en dat hy tsjin it wurk fan de bêste tiidgenoaten net munsterje kin. En dochs wie hy, alteast neffens guon, forneamd en hy krige forearjende opdrachten. Hwat it lêste oanbilanget hoecht men allinne de opdracht ta in portret fan de Keninginne mar yn omtinken to hâlden. En Pander waerd ek frege foar it meitsjen fan in ‘byldner’ op in nije goune. Lykwols, kriget yn de lêste ieuwen ea in great kunstner de opdracht ta dit soarte fan staesjeportretten? It wurdt ommers gefaerlik, dat sa'n ien der tofolle fan syn sterke persoanlikheit yn leit, lyk as by it resinte negerportret fan de Ingelske keninginne...
| |
| |
Wol sprekke sokke opdrachten fansels tige ta de forbylding fan the man in the street: in portret fan de Keninginne, jonge noch ta, hwat in eare! Mar der wurdt dan al gau by forgetten, dat Pander doetiids sa genoechsum de ienige Nederlânske byldhouwer wie. It lei der yn syn tiid net sa fleurich hinne, al wiene Mendes da Costa, Zijl, Visser en inkelde oaren yn it oankommen.
De al neamde Etha Fles jowt ta, dat Pander ‘als beeldhouwer een eigenaardige vermaardheid’ hie, mar dy wurdt foar in great part brocht op it feit, dat hy ‘lichamelijk misdeeld, zich niet als anderen in de maatschappij bewegen kon.’ En dat hy dochs trochsette mei it fysyk swiere wurk fan byldhouwen.
Dat de Nederlânske koloanje to Rome graech by Pander om it thépitsje siet to wiispraten hat meiwurke ta it skeppen fan it folksbyld fan in great kunstner. En ek dat Louis Couperus, de pinneridder fan dizze groep, fan Pander skreau: ‘Hij diende de Kunst met een groot, edel en zuiver talent.’ Mar... wie de greate Couperus ek net gauris hwat oan de froulike en biheinde kant? Nei it boppesteande kin ik meistimme yn in ‘zuiver’, byneed ek yn in ‘edel’ talint, mar ‘groot’ dat is my stûfernôch.
Ta de legindefoarming yn Fryslân, en binammen yn de Wâlden, hat grif de bûtenwenstige libbensgong fan Pander bydroegen: troch in dominy ûntdutsen, troch in oare dominy en in aedlike famylje fuortholpen, prizen winne, yn it bûtenlân wenje, mei greatlju to Oentsjerk en op De Sweach forkeare, ryk wurde en dochs ienfâldich bliuwe. Yndied, it liket my tekenjend, dat guodden altiten oansetten komme mei Pander's komôf fan matskippersjonge. Mar nimmen stiet stil by it feit, dat Rodin as karrider bigoun is.
| |
| |
Selsportret Pier Pander (tekening)
| |
| |
Moed (marmer; Pandertimpel)
| |
| |
Heit en Mem (plaquette n marmer)
| |
| |
Famke (marmer)
| |
| |
Uchtend (marmer; Pandertimpel)
| |
| |
J.H. van Hoff 1911 (plaquette yn bruns)
| |
| |
Fiskersbern (relief yn gips)
| |
| |
De Siedder (relief yn gips)
|
|