Hja sei it kalm, likegoed bearden dy wurden driigjend troch de klas. De learaer by it boerd seach flechtich op it horloazje, noch ien kear seach er nei de trije stippen en de beide streken, doe die er in foarsichtige stap nei de banken ta: ‘Hwat is dat mei dy beurs?’ Untskuldigjend sei er der efteroan: ‘It is hast tiid.’
‘Foar iten haw ik him hjir yn it fak lein, mynhear, en nou is er der wei. It wie in grizen.’
‘Dat kin net, Lize, tusken skoaltiid komt hjir gjin mins yn it lokael. Hâld de boel better by dy en lit net alles slingerje. Foar de oare kear...’
Mar sa wie er net fan Lize ôf. ‘Mei sin haw ik him yn it fak lein, Trude hat it sjoen!’ Trude knikte al. ‘Ik woe him net weislepe, ik haw in gat yn 'e mantelsbûs.’
De learaer forwinske himsels dat er him hjir ynjown hie, nou moast der ried skaft wurde. Hy fage him oer de keale holle: ‘Nou ja, wy ha der ek al lang genôch oer praet. Ik soe sizze, dû moatst noch mar ris sykje...’
‘Ik hoech net to sykjen, by is stellen.’
Swier foei dat wurd yn 'e klas. Doe wie it dat der in pear tomûk nei de efterste bank seagen.
‘Sa kin it earst wol, hwat binne dat foar oantigings?’ sei de learaer houterich, ‘foar de oare kear...’
De lêste ûre hienen se de baes. Mei't er der yn kaem, seagen se allegear dat er it wist fan Lize har beurs. Hy roun noch hurder as oars en sloech fûlder mei de doar: ‘As de dames en hearen sa freonlik wêze wolle...’ Syn lûd snijde troch it lokael.
Nei't de les bihannele en it wurk opjown wie, frege er: ‘En hwat hearde ik fan mynhear Mulders?’ Strang seach er nei Lize. Noch ris die dy har forhael. Hast sa lûd net as by Kosmos, mar like dúdlik.
‘Dû bist der wis fan?’
‘Ja mynhear.’
Swier hong de stilte yn it lokael. De baes krige twa grouwe tearen boppe de noas, in biwiis dat it tinken waerd.
‘Hat ien fan jimmes tusken skoaltyd yn dit lokael west?’
‘Ja mynhear, ik.’ It kaem bidêst fan de efterste bank, hja waerden der allegear kjel fan.
‘Soa, Wiering’, sei de baes heech en koel, ‘hm, hm... en hiest hjir boadskip?’
‘Ik moast hwat neisjen, mynhear.’
‘Hwat neisjen. Dêr prate wy daelk noch wol effen oer, Wiering. Wy sille nou eindigje.’