De Tsjerne. Jaargang 13(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 97] [p. 97] [Nummer 4] A. Jousma: Transsubstansiaesje De sulvren tsjelk omheech: de wyn wurdt bloed, elk bûcht de knibbel yn earbied'ge groet: de ouwel wurdt it lichem fan it Laem, God sels, dy't ta in wrâld fan lijen kaem. ‘Hoe komst derby om soks nou noch to leauwen? Is 't net, om it fan laitsjen út to skreauwen? Dy hokus-pokus, dat is sinneklear, gjin tinkend minske nimt it ommers mear!’ Drink fan de parse drúf de reade wyn en 't libben sels streamt dy ta d' ieren yn. Nij foarme út it weet, dat stoar, is 't brea: yt - en Syn libben byld rilst út 'e dea. It libben wie, it wykte foar de dea, mar bloed en flesk fynt foarm út wyn en brea. Wy sjogge it eltse dei, mar hwa forstiet, hoe't God it libben wint, dat Er forliet? As blommen bloeit it op út ierde en stôf, it lift en stjert yn it Olivehôf, it offert al syn wollen en syn winsken en komt ta libben yn Syn byld: de minsken. Bûch dan foar 't wûnder del fan brea en wyn: 't geheim fan dea en libben leit deryn. [pagina 98] [p. 98] Hjirneimels Ik frege dominy, oft hy der noch yn leaude, yn it hjirneimels dan, wol to forstean. Hy glimke skruten, tocht my en hy treau de bril efkes heger en hy seach hwat skean. Doe sei er - krekt as wied er hwat forbjustre - de joadske leare spriek der nearne fan en heidensk tinken hie grif faek fortsjustre de utering fan mannich letter man. Dus - né? Hy seach my net rjochtút yn d' eagen en miende, 't fraechstik wie net opportún. Hwa't drige is mei falske leuze en leagen, wurdt foar in himel of in hel ymmún. Moderne minsken, sei er doe, dy freegje fan ús bigryp foar eigen tiid en need yn dizze wrâld. Wy moatte ús soarch bisteegje en linigje op ierde harren leed. ‘Nim my net kwea..’ Hy groette en is gongen, wie blykber hastich en hy liet my stean. Dy't fan Dyn langstme longerjend bifongen om stipe siket -, Hear, hwer sil er hinnegean? [pagina 99] [p. 99] Troch de dagen... Troch de skiere dagen fan de hjerst en it stjerrende jier komt in moedeleaze drôvens oer my. As in feale dize lûkt it oer myn libben en troch in tsjûke damp flammet, as in fûl ljocht, dat trochbrekke wol, Syn stim: ‘Gean ta dyën, dy't de wrâld bihearskje, en siz it harren oan, dat hja it keninkryk sykje sille en my kenne yn myn rjocht...’ Mar de dize wurdt tsjokker en it skynsel bleker en myn hert mismoediger en as in fiere klakson wurdt it lûd wei. Razende motoaren oertongerje Syn roppen en it ljocht wurdt dwêst yn wite walen fan damp. Ik stean allinne yn myn lytsmoedigens en it folk ken Him net! Altyd hat Er my socht fan myn bernetiid ôf en ik bin fan Him flechte. Mar ek altyd kom ik werom nei dêr't Syn wurd my rôp. Ik ha by Him wêze wold fan myn bernetiid ôf en Hy wykte fan my. Mar ek altyd komt Er werom nei it bern, dat Him socht. De tiid is allinne in projekty fan de ivichheit en de ivichheit kin him net bine litte yn de tiid. Hja sykje elkoarren en hja binne elkoarren mar de tiid moat him oplosse yn dy Oare. [pagina 100] [p. 100] As alles hjirûnder dan spegeling is, soe it dan mûglik sa wêze kinne, dat de ivichheit him spegelet yn de man en de tiid yn de frou? Wurde de tidelike dingen berne, as yn de wrakseling fan dizze twa de earste hearsket, de twadde tsjinnet? As it froulike har willich forliest yn it manlike? Bisparje my foar dizze wurden, o genedige himel, de woede fan de feministen! Lykwols, hja kinne gerêst wêze. Hwant it skeppen fan tydlike foarmen hinget de wale fan Maja foar it antlit fan de godlike sfinks. En hwat de man dan skeppe mei yn syn hearskerswaen is neat as in dampgerdyn, dat misliedt. Hwant hwat Syn djipste wêzen is, dat hearsket net en dat skept net, dat lost net op en dat tsjinnet net, dat IS allinne en dat is ALLINNE. Mar Syn spegeling skept nije spegelingen en dy wurde ta it ûnneambre tal fan Maja, dat net to gripen noch to bigripen is, likemin as it forskouwen fan de hûnderten gesichten dy't yn de útstalkasten spegelje as it skimert. Vorige Volgende