Strikel en heitelan
Al strikeljend hat it nije moanneblêd De Strikel, de foarige kears yn dizze rubryk oankundige, der net foar kinnen dat lykwols ek It Heitelân, al mear as ienris dea forklearre, him op 'e nij opponearre hat. De Strikel - wy jowe efkes inkelde feiten omt de lêzers der oars ris yn wei wurde koene - is opnommen yn it abonnemint fan De Fryske Bibleteek en forskynt by Drukkerij Laverman n.v. to Drachten ûnder redaksje fan Hylkje Goinga, Freark Dam, Dam Jaarsma, Marten Sikkema en J.J. Spahr van der Hoek. It wer-berne Heitelân is oergien nei de útjowerij Het Witte Boekhuis to Boalsert (de bruorren Brattinga). It earste nûmer neamde noch gjin redaksje. Letter is bikend makke dat dy bistean sil út dizze trijekaert: T. Brattinga, Abe Brouwer en E.S. de Jong.