Né, de wiere fornijing siet earne oars. Dy siet en sit yn de wichtigens fan dit stik, dat in bilangryk stik is, dat in earlik stik is, dat in ‘skjin’ stik is yn dizze sin, dat der nearne yn ‘praet’ (en kofjedronken) wurdt, mar dat der yn eltse sin hwat sein wurdt. De dialogen, spand as snaren, stiet gjin wurd tofolle yn. Dat der yn Drachten wolris in wurdmennich tofolle sein waerden, is de skriuwer syn skuld net. Wim Kan sei al, it ûngelokkige fan in première is, dat it de earste foarstelling is. En fanwegens dat hawwe De Jounpraters it der knap ôfrêdden; as dizze skôging ûtkomt, binne hja grif folslein ynspile.
De dream is op en út in stik fan ús tiid, en sil der Frysk toaniel bliuwe, dan binne wy sok contemporain, oars sein aktueel wurk tige brek. Hwat docht it der ta, oft it eilân, dêr't Terpstra syn minsken delset, al of net it Hilgelân is? Skylge of Flylân meije dan net stikkensmiten wêze, de oarloch hat ek dêrre djipper ynfretten as inkeld troch it stikeltried en de bunkers yn de dunen. En hwa bikrûpt net deselde doffe frage fan Felix, oft dit Dreameilân-yn-opbou ienris net op 'e nij wer de lider wurdt, nou't men de strieljagers wer oer it strân razen heart en de tanks ratteljen oer de Hors?
Né, wy hoege ús net wys to meitsjen, dat ús dit eilân en dizze minsken net oangeane. It mei dan fan de skriuwer sa steld wêze, dat hjir bisocht wurdt op púnheappen fan granyt, beton en bakstien in nij bigjin to meitsjen, ek oerdrachtlik giet syn konsepsje op, folslein. En fan de hjoeddeiske ûntheistering binne net inkeld Rebecca mei har oerwoun famke, Felix mei in moard op eigen bern op syn gewisse en de âlde heit Kasper, skeind fan geast, de symboalen en de slachtoffers, hja libje ûnder ús, hja libje yn ús.
Mei dizze beide bern to neamen, hawwe wy winliks de oplossing fan it stik al jown. Hwant it iene sagoed as it oare bern is it geheim, dat Rebecca en Felix meinimme nei it eilân, dêr't hja ienris jong west hawwe, dêr't hja de idylle bilibben, dêr't hja weitein binne en dat stikkensmiten is en forlitten wurde moest yn de oarloch. Nei dy oarloch is it folk weromkeard en ûnder lieding fan de takomstdreamer George (ingenieur, architekt, bouwer alteast) wurdt it eilân wer biwenber makke. Kasper wie ien fan de earsten, dy't foet oan de wâl sette, doe't rounom de minen en bommen leine, dy't jit net ûntploft wiene. Rebecca is him folge, mei it bern sa't it hjitte fan har suster, oan de wâl omkommen by in bombardemint. Dit eilân is ek it doel fan Felix, mar hwerom't it syn doel is, hâldt er ynearsten foar him, sels foar syn âlde freon George, dy't him yn it wurk nimt, en ek foar Rebecca. Hja, op har bar, forswijt foar him hwat inkeld hjasels en har heit witte, nammentlik, dat it bern har eigen bern is, oantinken oan in wylde rite yn de earste fredeswiken.
Al yn it foarste bidriuw - nei't er de fjouwer figueren mei inkelde einen dialooch en ûnder in suggestive biljochting oan jin foarsteld hat (in prosédé, dat yn alle gefallen binijdens opropt) - bringt de skriuwer Rebecca en Felix gear, mar it bliuwt folslein ûnklear hokker geheim hja meitôgje. Lykwols, nei elke black-out wurdt in nij tipke optild fan de wiele, dy't om dizze net mear sa jonge minsken hinne hinget. Oant Kasper yn in fûl forwyt de wierheit oangeande Rebecca oan it ljocht bringt, as it bern omkomt by in ûnk: der ûntploft in projektyl, dat oer de holle sjoen wie. Dan - ûnder de binearjende ynfloed fan inkelde telefoantsjes fan de frou, dêr't er fan skaet is