net út in soarte fan tokoart oan trochsicht of yntelliginsje.
En nou soe it sa nijsgjirrich wêze to witten, hoe't men dit forklearje moat. Ik bidoel psychologysk. Wie hy de taktfolle pionier dy't, sels ta de oertsjûging fan it sosialisme kommen, dy oertsjûging oerdrage woe op it grifformearde folksdiel, dêr't er fierders it hiele libbensfielen mei mien hie? Of opponearre him hjir de rekalsitrant, dy't troch mei sin it martlerskip to sykjen de oandacht op syn persoan lûke woe? Syn kunden en tiidgenoaten meije him biskuldige of ûntskuldige hawwe - syn biskriuwer mocht noch it iene noch it oare dwaen. En hy hat my tofolle it lêste dien. Net dat ik Mulder fergje wolle soe op in eigen kar oangeande it sosialisme fan Koornstra, mar omdat dizze al to minsklike hâlding de skerpe omstreek fan it byld fortsjusteret.
Yn ditselde forbân hie in bredere opset fan it gehiel ek net wei west. De nammen fan Enka en Hilbrandt Boschma wurde in kearmannich neamd, mar yn it byld komme hja sa goed as net. Dochs hat dit in nijsgjirrige keppel west, binammen dat boun fan kristen-sosialisten. Hjir spriek in bûten-marxistysk sosialisme yn in tiid, doe't dizze biweging hast noch net fan de namme fan Karl Marx los wie to tinken, in sosialisme dat folle mear eschatologysk as wittenskiplik wie.
It wurdt yn Mulder's boek net dúdlik oft Koornstra lid fan de Bond van Christen-socialisten west hat. Wol, dat er lid wie fan de S.D.A.P. En dat strykt alhiel mei syn forset tsjin konfessionéle organisaesjes, sels tsjin it setten fan it adjektyf ‘kristlik’ foar de namme fan de Nederlandse Militaire Bond.
‘Wij durven in onze tijd’ skriuwt Koornstra, ‘wij noemen alles naar Christus. Schat men zichzelf zo hoog, of schat men Christus zo laag? Eén van tweeën moet wel het geval zijn. Onze Bond heeft zich aan dit euvel nooit bezondigd. Men mag een tehuis naar de Koningin, naar generaal Van Marle, naar generaal Schoch noemen... maar verder durft men Gode zij dank niet te gaan. Naar Christus heeft men geen tehuis van de Bond ooit genoemd. Dat is de ere, de glans van onze tehuizen!’ (bls. 197).
Dat al dizze dingen him yn swier konflikt brochten mei de formiddens dêr't er yn arbeide, hoecht gjin nij to dwaen, en hy hie dat foarút witte kinnen. Dizze man wie net to bikleijen, en likemin to ûntskuldigjen. Hy koe net oars en hy woe net oars. Dat de anti-sosialistyske rounten dêr't er yn forkearde dit op 'en dûr net daeije koene en him de dyk opstjûrden, is folslein to bigripen. Mar ien ding is net folslein to bigripen, en dêr is Mulder ek lang net mei klear, - dat hja him, en noch