De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 85]
| |
Anne Wadman:
| |
JOAST
(kloppet oan 'e doar en komt yn):
Sil ik mar fierder komme, Baukje? BAUKJE
(fornuvere):
Jóást... bistóú it...? JOAST:
Ja, ast it net slim fynst, bin ik it. Ik kaem sa mar ris oanwaeijen. Hoe is 't mei jimme? BAUKJE
(mismoedich):
Och, oars wol goed, ju... JOAST:
Oars wól... dus net hielendal. Is it skipke wer ris oan legerwâl rekke? Of is der hwat mei de bern. BAUKJE:
Né, dat giet wol goed, dy binne fleurich en soun, allinne hwat forkâlden. JOAST:
En de jongste, makket dy it ek goed? Oardel jier is dy nou, net? BAUKJE:
Ja, Hidde is tige fluch yn it praten en kin al wyskes neisjonge, dat men der aerdichheit oan hat. JOAST:
Nou, hwat is der dan, ju? BAUKJE:
Och, neat, it sil wol wer oerbetterje.
(suchtet)
JOAST:
Hwer sit Eel, de praktyk yn? BAUKJE:
Wit ik it... yn 'e herberge foar 't neist.
(suchtet)
JOAST
(docht mei opsetsin fleurich):
Ja, dy man fan dy nimt it libben wol mei... Hawar, in minske moat him sa nou en dan ris... hoe moat ik it neame... úttjirgje... BAUKJE:
It is mar hwatstou úttjirgje neamst... Wiif en bern ûngelokkich meitsje, dêr komt it op del... JOAST
(laket):
Ho ho, soe it net ris hwat tafalle mei dy dokter fan dy? BAUKJE:
Tafalle...? Tafalle... Koest it wol goedprate wolle, dat gedoch fan dy broer fan dy... JOAST
(earnstich):
Hwat gedoch bidoelste? Hy stiet dy dochs net nei it libben, wol? BAUKJE
(suchtsjend):
It liket der soms wolris op, as er it mâl fel oan hat... JOAST:
Mar hy hat dochs net altyd it mal fel oan, wol? BAUKJE:
Och, hy is sa nou en dan wolris goed foar my... Mar meastentiids is er noartsk en wrantelich... Hwerom is er nea ris freonlik en fortroulik tsjin my? Hwerom forfeelt er him sa gau thús? As wy togearre op bisite noege wurde, dan | |
[pagina 86]
| |
giet er allinne en freget my net ienris om mei... Withoefaek komt er let thús. Aldjiersjoun hat er oant nachts trije ûre ta omswalke... gelokkich sûnder dronkenskip - en de hiele oare deis wied er hast op stap oant it jouns wer mis mei him wie... Hy forjit gewoan, dat wy trije leave berntsjes hawwe... Hy yn 'e herberge to swetsen, en ik thús yn 'e lytse bern omskaeije...
(snokkeret)
JOAST
(fûl):
Us Eel is oars wiis genôch mei syn bern, ast dat soms bidoelste... BAUKJE:
Ja, dat sil 't wol... Mar hy is wizer mei de drank, sa is 't mar. JOAST:
Mei ik sitten gean? Of bin ik net wolkom? BAUKJE:
Fansèls, hwerom soest net wolkom wêze? As der ien is dêr't ik mei prate en skriuwe kin, bistou it... Mar as it allinne dyn doel is om it foar dyn broer op to nimmen en my fan alles de skuld to jaen, dan kinst better hinne gean en sykje him op yn it Hof fan Brussel... JOAST:
Ik wol dy alhiel gjin skuld jaen. Mar oars, dou bist net frij fan wrok, leau 'k. BAUKJE:
Soe it oars by sa'n slânsfet, sa'n drankoargel?
(forûnt-weardige)
JOAST:
Ho ho, suster... dat giet wol hwat fier, net? BAUKJE:
Dou, as dominy... kinstou dat sûpen en bealgjen goed krije? JOAST:
Astou my as dominy fregest oft it goed is, dat men ris to folle drinkt, dan moat ik sizze: né, dat is net goed... lang net... BAUKJE:
Krekt... nou dêr hast it... Mar de frou moat it mar bihindichjes oansjen, n't wier? En wachtsje en lije oant de man wer goed wurdt en it wer yn 't lyk praet... JOAST
(rêstich):
Stil, lit my earst ris útprate... Sa hat ommers elkenien wol hwat, leave bern.
(efkes swijen)
. Sjoch, ik woe dit sizze: Wy binne Halbertsma's - witste hwat dat yn hat?
BAUKJE:
By Eeltsje net folle goeds, sa wiis bin ik al. JOAST:
Ik sil it dy sizze... al klinkt it net noflik. Wy binne Halbertsma's. Wy sjogge der gjin bien yn en drink... sûp, siz mar, ús sa nou en dan ris fiks ûnbikwaem - en dat docht ús in soad kwea, hwant de lju meije dat net hawwe fan forstânnige minsken... BAUKJE:
Is dat sa'n great wûnder? JOAST:
Dou bigrypst net hoe't wy it mier hawwe oan dy lyts-boargerlike rabberijen, dy grouwélige of fynynleine smjuntestreken, dat smeulske praet, - as it dan ek noch komt fan lju mei in sêft en ynnimmend foarkommen, dat alle froulju | |
[pagina 87]
| |
haget en leaf oankomt... dan is it krekt as stiet de boaze divel út 'e hel foar ús... Sokke manlju traepje wy leafst sawn foet yn 'e groun op... BAUKJE:
Ik wit net hwatst bidoelste... JOAST:
Dit, leave Baukje... wy binne in hiel ûngelokkich slach fan folk. De ûnnoazele froulju tinke, de leafde fan de man bistiet hjirút, dat er sedich mei har to jounpizeljen giet, dat er har streaket en in tút ta ôfskied jowt, as er allinne mar fan Ljouwert nei de Skrâns reizget... Sokke froulju tinke, dat in man de helte fan 'e dei braef oan har side sit to spinnen... BAUKJE:
Nou, en hwat stekt dêr yn? Is dat net moai? JOAST:
As dàt echte houliksleafde is, kinne de Halbertsma's better allegear meimankoar de gelofte ôflizze en yn in kleaster gean... O wy binne sok in nuver slach fan skepsels... Wy kinne gjin healûre stilsitte... en elke moarn as ik wekker wurd, fornuverje ik my oer mysels, dat ik dêr sawn ûren... sawn ûren oan ien stik wei op ien en itselde plak oan 'e lofter side fan in frou lein haw to snoarkjen... Sjoch, leave Baukje, mei sok in ûnrêstich skaei sitstou opskipe... BAUKJE:
Dat hoecht noch gjin reden to wêzen om alle nachten dronken thús to kommen! JOAST:
Alle nachten? BAUKJE:
Nou ja, by wize fan sprekken... JOAST:
Ik moat dy dit sizze, Baukje, der binne lju yn soarten. Guods dy't alles bitinke kinne en guods dy't néát bitinke kinne... Lju dy't der útkippe, dy't hwat bysûnders, hwat trefliks, hwat geny hawwe, - dy hawwe dêr altyd in brek, in tokoart, in sûnde om myn part, foaroer stean... Dat hie in man as Bilderdyk, de dichter, dy't ik goed kend haw... dat hat ús Eel ek. De bidaerdste en de oppassendste fynt men ûnder it midsmjittich soarte. En de opfleanenden, de wylden, de dwersen, de wifsinnigen, de losse bruijers... dy fynt men ûnder it útskriptige soarte... Dat hat ús leaven Heare sa makke, om't ien oars to folle krige... BAUKJE:
Dou kinst it wol moai arichjes bihimmelje, mar ìk sit der mar mei... JOAST:
En nou hastou, leave Boukje, in man dy't lyk as de boer sei: bidde, flokke en fioelspylje kin... ja, hy kin mear, hy kin ek dichtsje - en dat docht er lang net min, dat docht er folle better astou tinke soest -. Mar dat soarte fan wêzens, dat bigrypstou net... dêr sit de oast... hja binne in sletten boek foar dy...
(swijen)
BAUKJE:
Ik haw him oars nea in grevel yn syn wurk bihindere... | |
[pagina 88]
| |
JOAST:
Né, dat nim ik oan, mar dichter-wêzen is mear as ferske-meitsjen. Sjoch, Eeltsje hat in libbene forbylding, hy wurdt forheftich oandien fan de stimmingen en yndrukken fan it eagenblik... Astou him yn fleurich selskip delsetste, dan nimt er dy geast oer... en hy formakket him ta de teannen út... Mar dyselde gefoelichheit fan syn siel is ek like libben en wurksum, as de skientme fan de wierheit, de deugd, de godstsjinst foar syn eagen lein wurdt, him oangrypt, him oermasteret... Dyselde oermjitte fan gefoeligens dy't him ta stroffeljen bringt, sil him ek iderkear wer oereinhelpe, dêr bin ik wis fan... BAUKJE:
Ik fornim der net folle fan, fan dat oereinhelpen... JOAST:
Forjit ek binammen dit net, Bauk, in dokter hat in ûngeregeld libben, by nacht en ûntiid der op út, swalkje troch waer en wyn oer wetter en minne diken. Gâns oars as in dominy dy't op 'e klok ôf nei it húske giet, yt, drinkt en sliept. BAUKJE:
Kin ìk dat helpe...? JOAST:
Né, mar dou kinst HIM wol helpe... BAUKJE:
Ik soe net witte hoe... ik haw genôch dingen oan 'e holle... JOAST:
Astou dat ongeregeld libben fan him opheinste troch in krekte en stipte oarder yn dyn húshâlding, is der al in soad woun. Hwant as Eeltsje syn wiet en droech net op 'e tiid réfynt... dan moat er syn fortier earne oars sykje... Dat is sa klear as de sinne...
(swijen)
BAUKJE:
Dus, as ik it goed bigryp, biskuldigestou my, dat ik myn man net genôch op syn winken bitsjinje... dat ik oerhearrich bin oan myn man... dat ik net genôch syn slavinne bin... dat ik de baes oer him spylje wol... JOAST:
Né, Baukje, sa wol ik it net sjen. Mar dou moatst hwat fan syn mâlle sinnen oer de holle sjen, hwat glimkjend ynskikke... bisykje him to bigripen... BAUKJE:
Dou hast maklik praten... JOAST:
Ja, mar gelyk haw ik èk. En dan noch ien ding, Baukje, in goerie dy't mear as tûzen goune wurdich is... Dou seist my dit allegear fan Eeltsje, en dat is tige goed... ik sil fan dyn bitrouwen nea gjin misbrûk meitsje... Mar tink der om, oan hwa'st sokke dingen seist of oerbriefkest.
(mei klam)
Hwant ast dyn man bismodskest, bismodskest dysels ek. Ast dyn noas ôfsnijst, skeinst dyn antlit, dat witstou bêst. Dêrom, skriuw it nea oan dyn susters, of oan ien fan 'e Bolserters... hwant as Eeltsje dàt fornimt, sil er tinke, datstou gjin achtinge hast foar syn goede namme en datstou gjin goede frou bist omdatst dyn man birabbest...
| |
[pagina 89]
| |
BAUKJE:
Der wurdt fan my al safolle rabbe... JOAST:
Fan hwa dan? BAUKJE:
Fan... fan... Tsjalling bygelyks... Ik wit wol, dat dy de pik op my ynhat. Dy komt grif alle dagen by ús oer de flier om my út to kloarkjen... JOAST:
Us Tsjalling seit de dingen soms hwat rou en úngewosken, mar dêr is er in Halbertsma foar... hy mient it dy goed, ast dat mar witste... hy hat in goed hert... BAUKJE:
Giest fuort? JOAST:
Ja, ik kom joun wolris wer oan, as Eel thús is. En as jimme my bêdzje kinne, bliuw ik fannacht... Ik wol earst ris by Tsjalling en dy sjen... BAUKJE:
Ik bin dy o sa tankber, Joast, datst dyn bêst dochst my lokkiger to meitsjen... Ik bisjoch mysels soms mei fornuverjen: de iene tiid fiel ik my djip ûngelokkich en de oare deis bin ik like fleurich en bliid... Mar ik wit net hwat dit wurde moat, mei Eeltsje en my... JOAST:
Kenstou ús wol, Baukje? Kenstou ús Halbertsma's wol? BAUKJE:
Ik tink soms fan net... JOAST:
It binne rare snaken, it binne potsemakkers dy't der net folle om jane... Ja, Baukje, it is in singulier folk... dêr soe ik dy nuvere eksimpels fan fortelle kinne. Der is in soad oan ús dat net doocht... mar as it net plús is, dan sizze wy elkoar de wierheit lyk foar de kop, om elkoar fan it fordjer to rêdden... As ien him dronken sûpt hat, dan sizze de trije oaren, dat er dat net wer dwaen moat, om't er oars syn goenamme kwyt rekket - en dêrmei is alles forgetten en forjown. Mar as er syn skoanmem Russyske obligaesjes ôfluzet, om dêrmei in smjunt to helpen... dan komme de oare trije by him en jowe him in wan op 'e hûd, dat er yn gjin acht dagen gean of stean kin... Sjoch, sa dogge wy dat, sa passe wy op elkoar... Dêrom, wês mar gerêst en bitrou feilich op my... As der gefaer wankt, sil ik dy yntiids warskôgje... Nou, oant joun... BAUKJE
(sêft):
It liket wol, freugde en fortriet moatte elkoar hjir op 'e wrâld ôfwikselje foar de minske, en ik leau, it kin foar ús goederbêst wêze... Dou moatst ek net tinke, dat it altyd mis is... Soms is it frede en dan komt it der mar op oan en pas op dat dy biwarre bliuwt... JOAST:
Doch dyn bêst... hwat heine en keare, Baukje, dêr komst fierwei fierst mei. Enne... fortel mar net oan Eel hwat ik dy allegear sein haw, hwant dan skuorde er my de kop ôf... Nou, oant sjen, Baukje... BAUKJE
(sêft):
Oant joun, Joast... |
|