De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 80]
| |
Lolle Nauta:
| |
[pagina 81]
| |
heart sa'n printsje net thús, al is it fansels tige aerdich foar dyjingen dy't sa graech witte wolle, hoe't de dichter der ‘werklik’ útsjocht. Nou, foarsafier't it nedich is bledside trije ek to bisprekken, postma stiet der knap op en is nei alle gedachten aerdich fotogeniael. Men is suver binijd, hoefolle lju de hear postma keapje sille en de fersen fan de dichter der op ta nimme. De man dy't ynskreaun stiet by de boargerlike stân en dyjinge dy't fersen skriuwt binne lykwols net deselde. Minske en dichter binne twa forskillende persoanen en de forhâlding tusken beide biskaet it lot fan in dichterskip. Guon meije tinke dat de dichter it idéale en de minske it banale part fan it libben fortsjinwurdiget, de moderne dichter wit better, forwart him tsjin dit maetskiplik foaroardiel en siket om in nije spanningsforhâlding tusken dy poalen. Hjoeddedei kin in man wer in dichter en in fers wer minsklik wêze. Slauerhoff en rilke, de beide greate freonen fan de lytse obe postma, witte hjir beide fan. By rilke sûcht it dichterskip suver alle minsklikheit yn him op, dat der bliuwt fan de man sels, dy't rainer maria hjitte, net folle mear oer as in bleke skym; by slauerhoff is it krekt oarsom. Dy is yn it foarste plak de man dy't dichterlik libbe hat. Om it yn in (to absolute) formule to bringen: rilke fordwynt yn syn gedichten, de fersen fan slauerhoff wurde wei yn syn libben. By rilke wurdt de minske dichter, by slauerhoff de dichter minske; by beide lykwols hawwe dichter en minske eat meiinoar to meitsjen, steane hja yn in libbene forhâlding ta elkoar. Fan dy libbene forhâlding tusken dichter en minske, dy't oanlieding wurde kin ta in fers dat like poëtysk is as it der útsjocht, fynt men by postma net folle mear werom. De minske obe postma, bisint him yn Fan wjerklank en bisinnen op syn dichterskip, praet en tinkt oer himsels as dichter, sûnder seis noch folle fersen to skriuwen. Wol fortelt obe postma dat er sa út en troch in poëtysk momint bilibbet, mar it is somtiden oft it by it bilibjen bliuwt en it dat bilibjen mar net slagje wol libben to wurden yn in fers. Frijhwat fersen yn de bondel kin ik allinne wurdearje as produkten fan de man dy't dichter west hat. De dichterlikheit fan bygelyks Prinsetún, Winsken, Sa'n libben, Jeugd en jeld en ek fan it lange rymstik Fan de iene boarne leit mear bûten as yn it fers. It nije byld dat jin oer 't mad komt, sadat it fers net mear út de gedachten wol, moat men lang om sykje. Postma herhellet âlde thema's yn somtiden slim tradysionéle bylden (b.g. yn Simmer: ‘Tûzen ljochte dagen draech ik mei, / Goud en poarper stiet it foar | |
[pagina 82]
| |
myn eagen.’) sûnder altyd bysteat to wêzen en réalisearje dy thema's op 'e nij. Minske en dichter ha ôfakkoarte, sa liket it, en har lêste wierheit is it neatsizzende klisjé dat it forline yn it hjoed trochwurket. Yn it algemien sil dat wol wier wêze, ik soe wol graech hwat mear postma-forline yn it postma-hjoed tsjinkomme wolle. Men kin hjir net tsjin ynlizze dat it kriterium fan it nije byld in to moderne eask is foar in dichter dy't nea op it poëtyske effekt út west hat dat men mei in nij byld birikke kin, dat de werklikheit omtsjoent ta in oare réaliteit. It monotone en herheljende hat altiten in wichtich merkteken west fan postma's poëzij, mar it wie in merkteken binnen it fers sels. Gedichten as Simmer hawwe ek technysk net folle mear mienskiplik mei de iepen fersen dy't postma ek skriuwe kin en lokkich yn Fan wjerklank en bisinnen èk publisearre hat. It eigenaerdige is dat fersen as Simmer en Prinsetún der útsjogge as sinteklaesrymkes dy't ek altyd war dogge to lykjen op in echt fers en mear poëtyske sfear suggerearje as réalisearje. Yn gedichten as It moaiste fan Europa, By de dea fan G.B. Shaw, Is it wol great? is it djip weikomd? en It tsjerkje fan Frânsum wurdt bisinningssintrum fynt postma eat fan syn âlde, parlante toan werom. De minske postma freget nei de wearde fan syn dichterskip en wurdt op 'e nij dichter. Yn Is it wol great? is it djip weikomd? docht de dichter krekt eefkes mear as allinnich bitinke en herhelje.
‘It is net greater as Fryslân en it komt net djipper wei
as in laits dy't effen oer it wêzen strykt,
Of in trien dy't sa mar yn it each opkomt;
It is it sweven fan in flinter, it is berneboartsjen,
It is it kleurich byld fan in kykkas,
it sjongende lûd fan in liere.
Rilke hat it as er ‘ich bin so jung’ sjongt
En Albert Verwey as eat fan de ‘Schone Schijn’
him yn 'e eagen blinkt;
.. .. .. .. ..’
Fryslân en it frysk forline krije op 'e nij stal yn de konfrontaesje mei eigen dichterskip, dêr't de lytsens fan bisongen wurdt. Dichter en minske steane inoar to reden. Postma giet hjir net sûnder mear út fan de ienheit tusken de minske en de dichter, mar bisiket dy op 'e nij wier to meitsjen en it nijsgjirrige is dat dan it fers letterlik iepen brekt en poëtysk wurdt. | |
[pagina 83]
| |
As de minske postma wer dichter wurdt en bisiket de ienheit to réalisearjen, dêr't er net sûnder mear fan útgean kin sûnder dichter ôf to wurden, ûntstiet der foarst in lichte humor en twad suver sûnder ophâlden in petear tusken de dichter en alle mûglike oare persoanen dy't as libbene minsken it iepen fers ynkuijerje. As jin yn it fers It moaiste fan Europa trochdien wurdt, dat ‘kandidaet-notarissen, dy't dêr op útgean, it net altiten fine sille’, mient de dichter soks nei alle gedachten earnstich, mar de lêzer moat eefkes glimkje, omdat foar him it bilibjen fan de kandidaet-notaris foar in momint kontrastearret mei dat fan de dichter sels. Frjemdernôch bigjinne postma syn fersen fakentiden to sprekken troch soksoarte fan kontrastwurkingen, dêr't de humor fan tsjûget, sadat dy net in âffalprodukt is fan it gedicht, mar it as sadanich produsearret; it fakentiden troch syn frjemde kontrastwurking earst ta fers makket. Postma is geastich en dichterlik nettsjinsteande himsels. Sa deun kin er somtiden dingen en minsken nei him tahelje, dat dy út harsels bigjinne to sprekken en mei de lêzer kontakt lizze. In boerinne fan Surch kin soks likegoed oerkomme as it tsjerkje fan Frânsum of de wurkforbannen fan de fryske akademy. Dat bitsjut net dat postma syn fersen allinne slagge binne, as hja de grins birikke fan de irony, mar al dat in analyse fan dyselde irony leare soe, hoe't it poëtysk lân der yn Fan wjerklank en bisinnen hinneleit. Postma syn fers ropt fakentiden kontrastwurkingen op dy't de dichter sels ûnbiwust bliuwe. It prosédé dat er yn syn bêste fersen tapast, kin men forgelykje mei dat fan biskate eksperimintéle dichters dy't stikken advertinsje of krante yn it fers opnimme of mei dat fan biskate moderne skilders dy't in stik flesse yn it skilderij montearje en dêrtroch sawol de glêsdiggel as it skilderij yn in frjemd ljocht sette. Net om de lêzer of it publyk oan it laitsjen to bringen, mar om tusken har en de wrâld fan it kunstwurk kontakt to lizzen. Sa'n prosédé moat foar postma ûnbiwust forrinne, hwant foar syn monisme hat by foarrie alles mei alles to meitsjen, mar it hat nettsjinsteande dat tige moderne gefolgen, omdat de ienheit dy't de dichter bilibbet freget om in iepen fers; in fers dat dy ienheit op it earste gesicht mist, om bysteat to wêzen en nim al dy frjemde eleminten yn him op. Der sille net folle dichtbondels publisearre wêze yn Europa de lêste jierren, dêr't bygelyks safolle persoansnammen yn neamd wurde as yn Fan wjerklank en bisinnen. En it is in nuver rychje persoanen dat hjir parade hâldt: frou faber-hornstra en dante, caspar de | |
[pagina 84]
| |
robles en j.c. bloem, klaes douwes en roland holst, vergilius en slauerhoff, van der wielen en marsman, om mar in pear to neamen. It frjemde is foar postma by foarrie it eigene, mar wurdt troch it fers foar de lêzer wer eat frjemds. It giet postma tige linich ôf en libje him yn yn in oar. In moai foarbyld dêrfan is it fers By in foto fan 1925, doe't Slauerhoff syn earste greate reis meitsje soe. Dat hâldt net yn, dat men mei in birop op surréalistyske techniken it swakke fan de bondel goedprate kin. Ek yn goede fersen as It mooiste fan Europa en Fan de fjouwer eleminten forrint it poëtyske fakentiden wer yn it tradysionéle, dat jin as klisjé neat seit. Postma mei wer ta dichter wurde, as er via de dingen of de minsken (fg. de mem yn Fan de fjouwer eleminten) mei himsels yn petear rekket, minske en dichter sette it fakentiden mei gauwens op in sêft sin en wegerje om langer ta elkoar yn in libbene spanningsforhâlding to kommen. Ek frou faber-hornstra en dante kinne postma as dichter net rêdde. It poëtyske kipet út en troch eefkes troch de rigels hinne, mar makket mar komselden fan it hiele gedicht in slagge fers. De poëzij komt yn Fan wjerklank en bisinnen, as de dichter it dichtsjen oerjowt en ik leau, dat dat de djippere reden is fan it feit, dat de oersettingen yn de bondel ta my it meast sprekke. Hjir wurdt de dichter twongen alhiel eigen ienheitsbilibjen farre to litten en him folslein yn to libjen yn de ienheit fan it frjemde fers. Ik kin net bioardielje, yn hoefier't postma technysk sjoen goed oerset, mar sawol de gedichten fan emily dickinson as de sineeske en saksyske fersen binne alhiel poëzij wurden. Yn de sineeske fersen is it postma syn iepen tael slagge en tekenje in lyts en suver barren dat mei de stiltme bigjint en by de stiltme wer ophâldt, lykas in sineeske tekening, dy't bigjint en einiget yn it triljende neat fan in a-perspektivyske romte. Dêrom kin men de dichter mei it forskinen fan Fan wjerklank en bisinnen lokwinskje en oan him tinke, hwannear't men de âld-sineeske rigels foar jinsels herhellet:
Myn geast wurdt ta sjongen brocht yn foarjierstiid
En by de fal fan it jier is it hjerst yn myn hert.
Sa it foroarjen fan de bûtenwrâld efternei geand
Haw ik fan myn hutte in heelal makke.
|
|