| |
| |
| |
Sjoerd Spanninga:
Maeitiid
Sjoch, it lân jit de tsjilken fan leafdeswyn fol, -
wie de bij net forsein oan de bloei fan de blom?
Kom dus harren, jong libben, dat brulloftsje wol,
ear't de deatikker roffelt: - Jim tiid dy is om! -
Hwant de winter gie hinne, al leit fan syn burd
op 'e rânne fan 't bêd noch in flaeksene flok,
en syn fjildflesse moffelt de sinne wol fuort,
dounseresse yn maeije' bûntkleurige rok!
| |
| |
| |
De hellingbaes
Hjir hawwe wy de kyl lein ta in nij bigjin
en takelen wy alweroan ús wurk omheech, -
nou lykwols stiet de skuorre hol en leech:
it minskelik bidriuw yn kommen en forrin....
Wol mannich boeijer dy't to wetter glied,
draecht fan ús ark it hânmerk en de hulde,
en wurdt dy oantins fan de joun forgulde,
dan sylt de wyn har blinkend oer it wiid.
Soms falt der yn it seil in simmertwirre,
as mimerije toevet tsjin forline' sket,
sa bliuwt my eigen it neibye en it fierre,
al hat it lot foar elts de koerts útset.
Hwant ha my tiid en libben taend en wierre,
noch slacht de hammer fan de helling yn it hert.
| |
| |
| |
Fiskdief
De wyn hellet even it ribbelizer
en dêr sjit my samar in séfûgel omheech,
mei in stik fan de sinne yn 'e bek.
| |
| |
| |
De berte fan de geast
Yn de alderstilste stoune
bernet ús it djipste heil,
en men fielt net mear de woune,
mar it sike wurdt it soune,
hwat oan kwea sit yn de gerzen,
en de kronkeljende driften
langer net har giften brânne,
hwer't in njirrebrod fan snilen
weikrûpt yn de lege klinte
en it wyldforwoeksen tinken
wennet fan syn woastenij, -
sont wy stjerren yn ús heine
fan it kleare en it reine,
't ljochtsjend sperma fan ús wêzen,
dat it floeijende biwegen
fan de machten en genegenheden
wiks'ljend troch de siele spielt,
wit de minske, de forspeine,
him wer diel fan it ûneine,
fan de frede ûnderweis, -
oan it eigene forfrjemde,
mar de swerfske eleminten
dy't syn holle leit to sliepen
en it hurde fan it stiente,
al syn dieren mei op reis,
fan gjin eangstme mear binearre,
en syn fuotleast lit fiksearre,
suver 't printsel fan in hân,
in geheimskrift yn it sân,
yn bitrouwen ta in teken,
as hja har to drinken jowe
út it blinken fan har leauwe,
fan de froulju ha bywilen
hast de gong fan in meldij
| |
| |
en it sjongen fan de klokken
yn de rûzing fan har rokken,
wylst hja as de jonge moanne
binne tsjin it opgeand tij,
en in ljocht is yn har herte,
en in ljocht is yn har skerte,
om it witten dat hja drage,
oant in glâns stiet oer de dage,
hwant it wûnder dat slút iepen
| |
| |
| |
Fan mannen en minsken
Dou hast it oars mar kreas yn streken,
moat ik sizze, mei al dat moaije diggelguod,
hwant net in kûmke is der skeind of skuord,
en komst by my, elk ding hat syn gebreken.
Wylst wit ik my hjir yn antike rêst,
al glimket soms de kat ek selsfoldien
hwat eigenwiis nei in plastyk fan stien,
stil oan in stom stik hout, gjin mins ta lêst...
En niis hat jurjen my forklabbe,
dou sist yn 't krús noch, nei't ik mien,
dyn éigen konterfeitsel habbe?
Proficiat! dou bist net eltsenien,
dat wurdt yn jim parochy rabbe,
dan hastou fuort in goed ekskús - miskien...
|
|