ik dy keardel al oankommen, krekt sa't ik al tochte, mei twa kreakjende amers. Hy bromt sahwat. Ik bliuw hwat foaroer sitten en fiel syn each, as hy boppe op 'e rânne fan myn dúngloppe stiet en it hear oersjocht. Hy kin noch in oare kant lâns, mar hy docht it net. Twa grouwe reade skonken bliuwe by my stean, de amers binne lykwols grien; ik hie se my wyt tocht. ‘Môgge buurman.’ It is safier, it is myn eigen stomme skuld. Dus anderje ik op deselde ûnnoazele toan, praet ek oer it forrekte kâlde waer, de ûngemaklike reis, de djûrens op it eilân en de breklike kampearfjilden. Hy praet in stedfrysk, dat nei ien fan ús lytse stêdden skaeit, hat in fjouwerkante reade holle, dêr't ik neat sympathyks oan fine kin. Einlings trêddet er fierder mei syn amers. Hy is neat better as syn reade skonken my al taliken, earder minder, en mei ôfgriis sjoch ik syn grouwe kont yn it krappe giele broekje wer fierder oer de rânne fordwinen. Dat frommiske, dat er by him hat, like my sa yn de skimer justerjoun aerdiger ta.
As er werkomt set er de amers by my del. - Haw ik ek fisklinen? Né? Nou, hy hat trijehûndert heakken by him, hy hat fan 'e moarn al nei it Waed west to wjirmstekken en is heal forkommen yn dy kâlde dridze dêr. Syn wyfke hie fan 'e moarn de linen fierder út 'e tiis helle. Dàt wie de pest by it fiskjen, dêr koe men alle kearen ûren foar rekkenje. Juster hie er tolve fongen, dêr wiene trije kanjers by. Mar hy kriget by my gjin byt, en einlings wâddet er wer fuort, allinne de greate printen fan syn fuotten yn it paed bliuwe oer en dy binne my al oer en to folle. Ik skop der sân oerhinne, mar strui earst in bosk fordroege séstikels it hiele pad bylâns.
As ik by de dunen del nei de sé rin, kom ik har tsjin. Hja hat swommen, en sa mei it ljochte hier wyld om de holle, de mûle iepen, de blauwe eagen glânzgjend fan it geniet yn it wetter, it swimpak strak om de kante lea, it golle antlit in laits, liket hja in folsleine tsjinstelling fan dy oare, dêr boppe.
‘Kâld?’ freegje ik.
‘Hearlik’, seit hja, ‘sille jo ek swimme?’
‘Earst nei de Boskplaet.’
‘O, hwat fijn’, ûntkomt har, ‘né, oars woe ik jo warskôgje, hwant wy ha hjir in line útstean, dan koene jo yn de heakken traepje.’
Al wer dy forflokte linen. En ik sjoch har nei as hja linich nei hoppen klimt, faeks sjocht hja dêr noch in kear om. Mar dat docht hja net en ik set de stap der yn op nei de blauwe dize yn de fierte, hwerefter de Boskplaet wachtet.
De hiele dei swalkje ik dêr om, de wyn blaest noch like