De Tsjerne. Jaargang 13
(1958)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Faillisemint
hjir stean ik en ik praet net mear
de ponge leech de lêste sint fordien
en om my gûlt in hyt forkear
mar ik bin kâld oant op it bien
der is gjin moarn mear dizze kear
ik bin faillyt it budget doogde net
en nimmen wol my liene mear
hark hoe't de wjirm it hout oanfret
de krite is my frjemd ik ha gjin sibben
ik libje allinne yn de dei fan hjoed
it lêste punt fan it normale libben
wie juster en sa is it goed
de minsken haestgje om my hinne
mei aktetas en hert nei frou en bern
ik sjoch der nei en bliuw allinne
ik bin in frjemd en bin forlern
| |
Utkomst?
ík stie der noch de joun foel fan de toer
in kâlde dei waerd muoisum kâlder
de tiid gong wurch yn tiden oer
en elts kertier makke my âlder
ik hie gjin moed mear en gjin eare
gjin hoop mar ek gjin wanhoop mear
ik hie gjin hâld mar woe net keare
wol pine noch mar neat die sear
doe foun hja my hja wie forsille
en like earmtlik klonk har rop
en like fier wie hja forstille
mar hja forstie my naem my op
| |
[pagina 66]
| |
Docks?
hast feilich wie de nacht en goed it iten
forroun it tij en noem de tiid in kear
hwant foar it earst sûnt lange riten
waerd ik wer minske yn in stil petear
foarsichtich troch heal iepen blinen
joegen wy bleat en stadich sicht
op skiednis takomst en forline
oer wetten tiden soarch en plicht
hast die it sear it earste iepentearen
de wurden foelen noch of misten doel
mar mei in huverich riskearen
kaem it bigryp to stoel
| |
Konklúzje
ik seach har oer it miel
yn taek en tiid fortize
doe wist ik slachs myn diel
gjin winst mar neat forlieze
elts hat syn eigen paed
dy't soms elkoarren snije
mar yn it eigen skaed
moat elts syn pine lije
en hwat der yn jin bart
moat jin op 'e ein birouwe
nea kinne twa apart
harsels in mienskip bouwe
wy geane oer in paed
hwer wei hwer gean wy hinne
soms mei in freon en maet
mar measttiid djip allinne
| |
[pagina 67]
| |
Flecht
hark hoe't de flammen slane yn it fjûr
lea nim myn hân ik sil dy moarn forlitte
hwat moatte wy noch fan elkoarren witte
dat it foarby giet op 'en lange dûr
hwant nou't ús oars gjin mûglikheit mear bliuwt
as hân en lea dy't op elkoarren wachtsje
en boppedat hwer moat wy oars oernachtsje
nou't doarp en stêd us nei inoarren driuwt
moarn wurdt it dei in nacht is net to lang
hastû de moed om yn in faei bigearen
dyn lêste minsklikheit wer to riskearen
moarn binne wy allinne ik bin bang
hjir is myn hûn it herte jaget fel
hwat bin dyn triennen sâlt en waerm dyn lippen
in wiete dyk in bocht twa auto's slippe
wy bliuwe twa en binne net yn tel
| |
Marche funebre
biklaeide swarte ynstreminten
der giet in optocht troch de stêd
lâns tichte ruten sletten wenten
in ivichheit is eltse trêd
ik bin to liderlik allinnich
gjin minske sjocht net ien bliuwt stean
it koper skettert to dwylsinnich
mar ik moat gean en gean en gean
it stek de bedtsjes grize stiennen
in godforgetten leane drôf
in fallend blêd en skiere triennen
ik bring mysels to hôf
| |
[pagina 68]
| |
Ofskie
in griis birikke boat en wetter
skeansakke huzen oan de kaei
- dû hast gelyk - en - dit is better -
ik sjoch de havenfûgels nei
de wrange smaek fan seine wurden
noch wranger fan it wurd dat swijt
- sigretten - dit is net to hurden
in fluit dy't troch émoasjes snijt
de disel skrillet dissonanten
wy farre yn in hagelbui
iksels ien fan de figuranten
in stip dyn blauwe trui
| |
It paed
ik wit it paed net nei de stêd
en nimmen wol my liede
myn eigen fuotlûd bin ik sêd
ik kin it paed net riede
ik ha gjin rjochting en gjin kaert
en bin it lânskip bjuster
ik bin allinne bring my baet
de dei is my to tsjuster
hwa sil ik freegje oer de wei
hwant nimmen wol it witte
der is gjin paed mear troch de dei
ik kom mysels tomjitte
ik wachtsje op myn eigen kear
ik wit net hoe allinne
ik wurd net minder en net mear
ik lit mysels mar rinne
|
|